Wa is de bêste Fryske Poëzyslammer 2026?

Doarsto yn de ring fan taal te stappen?

Lit dyn wurden dûnsje, fjochtsje, ferrasse en wurd ien fan de tsien dichters by de Fryske Poëzyslam. Nim it mei dyn ferpletterjende foardracht fol poëtyske hichtepunten op tsjin oare Fryske dichters.

It publyk kiest yn trije rondes de bêste slammer.
Winsto – neist ivige rom – de prachtige wikselbeker én 500 euro?

Doch op 25 juny mei oan de Fryske Poëzyslam by Tresoar.

Meld dy oan (mail nei marijke.deboer@tresoar.nl) én nim fans, famylje en freonen mei.

Bûsboekje “poëzykriich” van start

It Bûsboekje 2020 is de 45e edysje! It njoggende lustrum wie oanlieding foar in lytse, feestlike presintaasje op 26 augustus. It tema fan dit Bûsboekje is ‘tiid’ en wienen wy te gast by klokmakker Tjitte Talsma, Rhaladyk 17, krekt bûten Aldtsjerk. Hy sit yn 2020 35 jier yn it fak. Sjoch ek www.tjittetalsma.nl. Yn ferbân mei it lustrum organisearret it Bûsboekje in “poëzykriich”. De redaksje wol hjirmei foaral begjinnende en jonge dichters oanmoedigje om wat te dwaan mei it Frysk of in streektaal yn Fryslân. Doch mei!

Continue reading “Bûsboekje “poëzykriich” van start”