Nij ferskynd by de Afûk: Hagelslach, fan Rients Gratama

In dichtbondel dy’t Gratama (1932 – 2017) acht jier lyn sels skreau en gearstalde

‘Hagelslach’, de lêste dichtbondel fan Rients Gratama, mei tekeningen fan syn frou en keunstner Carla van der Heijde. De presintaasje wie yn hannen fan Geart de Vries, dy’t Carla ynterviewde oer it ta stân kommen fan de bondel, en dy’t Freark Smink befrege oer syn relaasje en gearwurkjen mei Rients. Smink mocht ek it earste eksimplaar fan ‘Hagelslach’ yn ûntfangst nimme. “Rients joech libbenswille, en stof om oer nei te tinken”, sa sei Smink. Dat slút moai oan by de fersen; altyd mei wat humor, mar meast ek mei in filosofyske ynslach. De bondel is fan hjoed ôf rûnom te keap yn de boekhandels yn Fryslân.

Freark Smink bliid mei earste eksimplaar. Foto’s: Hermien van der Meer en Froukje van Houten.

Sechstich jier bespile kabaretier en teäterman Rients Gratama alle poadia yn Nederlân mei gemiddeld ien kear yn ’e fjouwer jier in Frysk programma. Hy skreau yn syn libben mear as 60 programma’s, wêrûnder in tal toanielstikken en musicals, mei likernôch 750 lietteksten. Ek hie er rollen yn toaniel- en musicalproduksjes. In libben fan skriuwen en spyljen en no dus in bondel mei gedichten, skreaun en gearstald troch Rients sels, yn de lêste oardel jier fan syn libben.

Yn dy lêste oardel jier waard troch syn ôfnimmende sûnens dúdlik dat Rients syn teksten net mear sels op it toaniel bringe soe. Mar ideeën wiene der mear as genôch en skriuwe koe er noch wol. It waarden gedichten, want wêr’t in liet skreaun wurdt mei gefoel foar in muzikaal ritme en om in komponist freget, jout in gedicht alle romte foar gedachten. Foarmjûn yn de poëzij fan it wurd sels: in foarm dy’t paste by hoe’t Rients syn eigen libben oerseach yn al syn grutte en lytse fasetten, fan begjin ta de ein en alles der tuskenyn.

Troch it skriuwen oer ‘begjin ta de ein en alles der tuskenyn’, ûntstie by Rients Gratama it idee fan in bondel. Dóchs noch in programma, mar dan yn in boekbân. Hy frege syn frou Carla van der Heijde om der tekeningen by te meitsjen. It soe harren lêste mienskiplike projekt wurde.

Eksposysje

Tekening by gedicht ‘mear net’ – Rients Gratama.
Foto’s: Hermien van der Meer en Froukje van Houten.

De orizjinele houtskoaltekeningen út de bondel binne de hiele moanne desimber noch te sjen op alle sneonen en sneinen fan 12.00 – 17.00 oere yn Atelier Carlavanderheijde, Oostergrachtswal 25, 8921 AA Ljouwert.

Ferwachte: De Grouwe Gratama

Ein 2026/begjin 2027 ferskynt noch in boek fan Rients Gratama, ûnder de titel: De Grouwe Gratama. In tsjok boek fan 800 siden mei in bondeling fan (hast) al syn lietteksten.

Boekgegevens Hagelslach

  • Auteur: Rients Gratama
  • Tekeningen: Carla van der Heijde
  • Foarmjouwing: Gert Jan Slagter
  • Utfiering: paperback mei stofomslach
  • ISBN: 978 949 331 8700
  • Tal siden: 80
  • Ferkeappriis: € 19,50
  • websjop.afuk.frl

Looijenga wint Grut Frysk Diktee 2012

Beharkje de reportaazje fan Omrop Fryslân

Rients Gratama lêst foar yn de steateseal

Op 9 maaie 2012 waard foar de alfte kear it Grut Frysk Diktee hâlden. De tekst foar it diktee wie skreaun troch Rients Gratama en hy wie ek de foarlêzer. Der dienen 35 minsken oan mei en de winner wie André Looijenga fan Grins. Hy wie twa jier ferlyn ek al de bêste Fryskskriuwer.
Neist de lju dy’t har kwalifisearje moasten, dienen ek acht bekende Friezen mei, dêrby ûnder oare Wiebe Wieling, Eric Ennema en Remon de Jong. De bêste bekende Fries wie skriuwer Ate Grypstra.

It diktee is hjir werom te lêzen.
Praat mar Frysk hat der in filmke fan makke.

Grut Frysk Diktee 2012!

 

Rients Gratama skriuwt it diktee fan 2012

Dochst mei?

Op woansdei 9 maaie wurdt wer it Grut Frysk Diktee holden. Doarsto de útdaging oan om sjen te litten hoe’tsto it Frysk yn ‘e macht hast? Doch dan mei oan de kwalifikaasje om dy te pleatsen foar de finale!

Meidwaan? Streekje de flaters oan yn dit kwalifikaasjediktee en set achter elke sin hoefolle flaters asto yn dy sin fûn hast. Komma’s telle net mei. Tel de flaters op en skriuw ek it totaal op. Dêrnei even dyn namme, adres, tillefoannûmer en e-mailadres maile nei: fryskdiktee @ fryske-akademy.nl en klear!

De bêste ynstjoerings wurde útnoege om mei te dwaan oan de grutte finale op 9 maaie. Dyn ynstjoering moat foar 22 april binnen wêze.