Ried fan Europa kritysk yn 7e rapport

De Ried fan Europa hat it sânde rapport fan de Committee of Experts (ComEx) publisearre, oer it neilibjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen troch Nederlân. De Ried fan Europa stelt dat it brûken fan Frysk, Nedersaksysk, Limboarchsk, Jiddysk en Romanes fersterke wurde moat. It rapport sjocht posityf nei de ûntwikkelings om it Papiamintu/o te erkennen en ropt op ta it taheakjen fan “taal” yn Nederlânske wetten oangeande lykweardige behanneling.

Kritysk

De ComeX hat noed oer it Frysk yn it ûnderwiis, benammen op de basisskoalle, en oer de ûntwikkelings op ‘e universiteit. Boppedat wiist de ComEx derop dat it Nedersaksysk en Limboarchsk op gjin inkeld ûnderwiisnivo in fêst plak hawwe. Oangeande it Frysk, ropt de ComEx op om drekst oan de slach te gean om de situaasje yn de rjochtbank te ferbetterjen, sadat it rjocht om it Frysk te brûken garandearre wurde kin. Wat media oangiet, ropt de ComEx op om it Nedersaksysk en Limboarchsk ta te heakjen oan ‘e Mediawet.

It gebou fan de Ried fan Europa yn Straatsburch

Rapportaazje

De útfiering fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen wurdt periodyk hifke. De Comex hat dizze simmer op besite west om nei te gean oft Nederlân foldocht oan alle ôfspraken yn it Hânfêst en oft der sprake is fan foar- of efterútgong.

It folsleine rapport is hjir te finen.