Eppie Dam en Ammerins Moss-de Boer beneamd ta lid fan de Fryske Akademy

De Fryske Akademy yn Ljouwert hat op de jierlikse Akademydei twa nije leden beneamd: skriuwer en dichter Eppie Dam en tolk-oersetter Ammerins Moss-de Boer. De leden binne beneamd op grûn fan harren bysûndere bydrage op it mêd fan de wittenskip of de maatskippij oangeande de Fryske taal en kultuer. De Fryske Akademy Skripsjepriis 2022-2024 is takend oan Sannah Debreczeni.

Eppie Dam

Ut de laudaasje troch ds. Liuwe Westra:

“Eppie Dam hat foar, tidens en nei syn wurksum libben as skoalmaster, earst op Urk, doe yn Balk, ûnbidich bydroegen ta de Fryske literatuer. Hy publisearre in stik as 20 dichtbondels en ien dêrfan waard yn 2017 bekroane mei de Gysbert Japicx-priis, Fallend ljocht. Njonken dy dichtbondels skreau Dam ek in tal berneboeken, yn ’e selde oarder fan grutte. En dan binne der noch tsientallen lieten, oratoaria, liturgyen en kantates dêr’t Eppie Dam de tekst foar levere hat en dy’t minsken it gefoel jûn hawwe, dat dêryn har djipste libbensoertsjûging oansprekkend ferwurde is. Minsken teksten oanrikke dy’t har reitsje foarby libben en dea – in gruttere bekroaning is der net.”

Ammerins Moss-de Boer

Ut de laudaasje troch ds. Liuwe Westra:

“Ammerins Moss-de Boer is net allinnich beëdige tolk-oersetter fan it Ingelsk nei it Nederlânsk, mar sûnt 2021 ek fan it Ingelsk nei it Frysk en oarsom. Se is ien fan ’e driuwende krêften efter de beweging om in bettere regeling te krijen foar de Fryske tolken by de rjochtbank. As sekretaris fan It Skriuwersbûn fertsjintwurdiget Ammerins Moss ek de kollektive stim fan alle Frysktaligen: de stim fan ’e literatuer. (…) Hja is ien, dy’t de Fryske minske de kâns jout om him- of harsels hearre te litten mei it eigen lûd, just op mominten dat it derop oankomt, en hja stimulearret de Fryske mienskip om mei in eigen lûd mei te dwaan yn ’e wrâld.”

Fryske Akademy Skripsjepriis 2022-2024 takend oan Sannah Debreczeni

De Fryske Akademy Skripsjepriis 2022-2024 is takend oan Sannah Debreczeni. Debreczeni hat har masterskripsje,Exploring the Link Between Attitudes and Intelligibility in the Frisian Context: Introducing the Theory of Planned Behaviour, foltôge foar de oplieding Research Master Language & Cognition oan de Ryksuniversiteit Grins op 28 juny 2022. De priis bestiet út in oarkonde en in bedrach fan €1000,-.

In earfolle fermelding is takend oan Herman van Vliet. Van Vliet hat syn masterskripsje, De eetcultuur aan het Friese stadhouderlijke hof in de eerste helft van de 18e eeuw, foltôge foar de oplieding MA Geschiedenis Vandaag oan de Ryksuniversiteit Grins op 26 novimber 2022.

Oer de Fryske Akademy

De Fryske Akademy docht, dielt en fasilitearret al 85 jier it wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. De fokus leit dêrby op taal en meartaligens, skiednis en erfgoed, de minske en syn omjouwing en de ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren, it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf.

Hanno Brand: “Akademy stiet foar fikse útdagingen”

De Fryske Akademy stiet de kommende jierren foar fikse útdagingen. Troch besuniging nei besuniging binne fakatueren jierren oanien net opfolle. It gefolch wie in kealslach ûnder it wittenskiplik personiel, ek al binne de ôfrûne jierren mear promovendy by ús oan ‘e slach rekke as ea earder.” Dat seit direkteur-bestjoerder Hanno Brand hjoed yn syn taspraak op Akademy-dei, de tradisjonele jiergearkomste foar leden en stipers fan de Fryske Akademy. “It momint is no oanbrutsen en smyt it roer om om te ynvestearjen. Nije stêfleden binne nedich om promovendy te begelieden, projekten te inisjearjen, op heech nivo te publisearjen, ynternasjonale kontakten te lizzen, en it kontakt mei de Fryske mienskip te ûnderhâlden. De besunigingen geane de kommende jierren troch. Wy moatte mei hieltyd minder jild mear dwaan. Dat betsjut dat wy tagelyk ynvestearje moatte yn it opfoljen fan fakatueren en sterk ynsette moatte op it ynheljen fan projektjild.” Continue reading “Hanno Brand: “Akademy stiet foar fikse útdagingen””