Foto: Omrop FryslânDe sloop fan de pannen oan ‘e Grienewei 6, 8 en 10, dy’t diel útmeitsje fan it kompleks fan ‘e Fryske Akademy, sil yn ‘e wike fan 16 juny út ein sette. De tariedingen foar de sloop begjinne al dizze wike. Tsjin de flakte geane de eardere, yn 1977 boude boekwinkel fan ‘e Fryske Akademy en it oanbuorjende pân dat de Akademy yn 1983 oankocht en dat in skoftke as tsjinstwenning foar de húswarder brûkt waard. Ek it yn 2001 oankochte pân Grienewei 10 – it âlde pearskleurige koetshûs mei it hege puntdak – ûntkomt net oan de sloop. Dit ferrinnewearre pân hat altyd by it yn 1713 boude Coulonhûs heard en stammet wierskynlik ek út deselde tiid. It wie as hynstestalling mei koetshûs yn gebrûk troch de ferneamde famylje Coulon oant it jier 1844, doe’t it Coulonhûs mei koetshûs, bûthús en wenning ferkocht waard. Lykwols kin it koetshûs net mear sparre wurde. “Foar de Fryske Akademy is it net te dwaan it koetshûs yn goede steat werom te bringen”, ljochtet Jos Tjalsma, haad algemiene saken fan ‘e Fryske Akademy, ta. “Dat kostet in ûnevenredich soad jild. Wy rjochtsje ús op restauraasje fan it Coulonhûs en nijbou oan ‘e Grienewei.” Continue reading “Sloop pannen Fryske Akademy sil nije wike heve”