De FNP-fraksje makket him yn Europa sterk foar stipe oan de Sorben. Dizze Slavyske minderheid wurdt op it stuit bedrige troch neonazi’s. Der binne goed 60-tûzen Sorbysk-pratende minsken. Sy wenje benammen yn Lausitz, in gebiet tusken Dútslân, Poalen en Tsjechië.
De Sorben wurde neffens lokale media bedrige en oanfallen. De FNP hat dêrom de Europartij EFA frege om kontakt op te nimmen mei de Sorben en harren te freegjen hokker help se nedich hawwe út Europa. Continue reading “FNP wol dat Europa bedrige Sorben stipet”