Lansearring ynteraktive Keimpe-sykplaat op CBS It Fûnemint

Tegearre mei IVN (Instituut Voor Natuureducatie) hat de Afûk in nije ynteraktive sykplaat ûntwikkele fan Keimpe de Krokodil, oer it tema ‘greide en boulân’. Yn dy sykplaat komme in soad fûgels foar, lykas de ljurk en de skries, mar ek wurden lykas aaisykje en neisoarch komme oan bod. Mei de ynteraktive sykplaat wolle IVN en de Afûk bern bewust meitsje fan al it libben yn de greiden en boulannen fan Fryslân. Boppedat leare bern sa op in boartlike wize de Fryske wurden.

“It is dochs te gek dat bern wol witte watfoar bisten der yn de jungle yn Afrika libje, mar net de fûgels yn harren eigen omjouwing kenne?”, seit Pyke Kroes fan IVN. “Mei de sykplaat wolle wy dêr op in boartlike wize feroaring yn bringe, tegearre mei Keimpe.” Keimpe de Krokodil belibbet syn aventoeren yn it Frysk. Hy is gek op lêzen, want troch te lêzen kinst de moaiste aventoeren belibje en alderhande dingen ûntdekke.

Lansearring mei Eke Folkerts

De lansearring fan de nijste ynteraktive sykplaat mei Keimpe de Krokodil is op tongersdei 13 juny 2024. Om 12.30 oere sil deputearre Eke Folkerts op CBS It Fûnemint yn Wommels de sykplaat by de skoalbern lansearje. Folkerts giet mei de bern fan groep 1a op ’e siik nei de ôfbyldingen op de plaat by 20 Fryske wurden dy’t passe by greide en boulân. De groep hat foarôfgeand oan dizze dei ek it ‘ontdekpad’ dien fan Pykje Fjouwer en opdrachten makke by it ferhaal, dus sy sitte al hielendal yn it tema natoer.

Keimpe de Krokodil

Bern fan 4 oant en mei 8 jier kenne Keimpe miskien al. Keimpe de Krokodil stiet foar lêspromoasje yn it Frysk, thús en op skoalle. Hy helpt by it Frysk lêzen en it fergrutsjen fan de Fryske wurdskat. Der binne al 35 ynteraktive sykplaten mei Keimpe makke oer alderhande tema’s. Op de sykplaten speure de bern nei ôfbyldingen by Fryske wurden en fansels hat Keimpe de Krokodil himsels ek ferstoppe yn de plaat. Alle sykplaten binne te finen yn de metoade Spoar 8 . Keimpe hat ek syn eigen sykboek: Wêr is Keimpe?.

De nijste ynteraktive Keimpe-sykplaat ‘Greide en boulân’ is foar de learkrêften fan basisskoallen te finen yn de metoade Spoar 8 en foar elkenien op: www.keimpe.frl.