Foarlêsmaraton Frysk Hânwurdboek
De tún fan de Fryske Akademy – tusken Doelestrjitte 4 en 6 – is it plak dêr’t fan freedtemiddei 25 maaie ôf it folsleine – ientalich Frysk – Frysk Hânwurdboek foarlêzen wurde sil. It foarlêzen fan dit wurdboek, dat sa’n 70.000 wurden telt, is ien fan de simmeraktiviteiten fan de Fryske Akademy yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018/Lân fan taal.
Taalstipe
De foarlêsmaraton fan it Frysk Hânwurdboek is keppele oan in goed doel, nammentlik in bydrage foar ien of mear laptops foar taalstipe op lokaasje yn Fryslân troch Stichting Lezen & Schrijven. Dielnimmers kinne harren dêrfoar sponsorje litte. Troch it yntegraal foarlêzen fan it wurdboek – en it opnimmen dêrfan – ûntstiet der in korpus sprutsen Frysk, dat foar ûndersikers ta nijsgjirrige nije ynsichten liede sil. Alles komt foarby, hiel gewoane wurden, mar ek bysûndere en ferjitten wurden. Dêrmei is it foarlêsprojekt ek in earbetoan oan de Fryske taal. Foar it foarlêzen fan it wurdboek wurde der noch lêzers socht. It folslein yn ‘e macht hawwen fan it Frysk is dêrfoar gjin fereaske. Wa’t in kertier foarlêze wol – mear as ien mei ek – dy kin him of har opjaan fia: www.fryske-akademy.nl/lf2018 Continue reading “Akademytún fol b(l)oeiende taalinisjativen”