Fryske studinten yn ‘e FryslânDOK ‘Fan it nêst ôf’ te sjen op 15 en 16 april

Foar in stúdzje oan de universiteit of it HBO ferlitte in protte Fryske jongeren de provinsje. Mar ienkear ‘om utens’ beslút in lytse groep har oan te sluten by in Fryske studinteferiening. Wêrom dogge se dat, frege de Grinzer filmmakker Anne van Slageren him ôf. Hy socht Fryske studinten op yn trije stêden. De FryslânDOK ‘Fan it nêst ôf’ is te sjen op 15 en 16 april by NPO2 en Omrop Fryslân.

Fryske studinteferienings
Eartiids wiene it der mear, mar no binne der noch trije Fryske studinteferienings yn Nederlân: Aldgillis yn Delft, Bernlef yn Grins en WSSFS yn Weinum, oftewol Wageningen. Mei-inoar in pear hûndert jongeren fan Fryske komôf binne der lid fan. Se ferlieten Fryslân, mar slute har dochs oan by in Fryske studinteferiening. Anne van Slageren, yn syn eigen stêd Grins bekend mei Bernlef, frege him ôf wat harren beweecht. Is it bepalend foar harren ûntwikkeling, is it de taal, binne se ûnwennich? Is it in foarm fan nasjonalisme, of binne en wurde se júst foarútstribjend yn harren oanpak en mentaliteit? Dêryn fuorre troch in identiteit fan ferskate lagen, harren provinsjale achtergrûn en de globalisearjende wrâld dêr’t se diel fan útmeitsje.

wrâldpiken
Van Slageren gie foar FryslânDOK nei it Krystkongres yn Frjentsjer, in jierliks treffen fan de Fryske studinteferienings. Yn de film folget er trije studinten út Delft, Grins en Wageningen. Ek spruts er emearitus-heechlearaar Fryske taal en letterkunde Goffe Jensma. Yn ‘Fan it nêst ôf’ wurdt de sjogger meinommen yn it libben fan de jonge ‘wrâldpiken’ – teminsten, sa omskriuwt ien fan de studinten harsels mei in knypeach nei de ynwenners fan de Fryske Wâlden.

Fryske studinten fan WSSFS. Foto: Anne van Slageren

FryslânDOK ‘Fan it nêst ôf’
Sneon 15 april NPO2 15.30 oere (werhelling 16 april 13.10 oere)
Snein 16 april Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.

Al mear as 3.000 hantekens foar ‘Rêd Frysk’

Mear as 3.000 minsken hawwe oant no ta har hanteken set foar it behâld fan de stúdzje Frysk oan de universiteit fan Grins. De petysje is opset troch de Ried fan de Fryske Beweging en de stúdzjeferiening Frysk Skanomodu.

Sy meitsje har soargen oer de stúdzje Frysk, no’t de universiteit dy ûnderbringe wol by de oplieding Europeeske talen en kultueren. Der is dan neffens de aksjefierders noch mar ien folsleine baan foar it fak Frysk by de fakulteit tsjin dik trije no. Dat is te min om de Fryske taal en kultuer goed te ûnderwizen. De Ryksuniversiteit Grins hat in plan makke foar in folweardige stúdzje Frysk, mar wol dêr wol in ekstra bijdrage foar hawwe fan it Ryk. Ek foar dy aksje binne de hantekens tige wolkom.

Boarne: Omrop Fryslân

Set jo hanteken op http://redfrysk.nl