Jubileummagasin 10 jaar Bildts Aigene

In novimber binne de frijwilligers fan Bildts Aigene drok doende weest met ’t hussyriem ferspraiden fan ’t glossy jubileummagasin. In dut magasin, ter ere fan ’t 10-jareg bestaan fan stichting Bildts Aigene, fine jou allegaar neskierige onderwerpen over ’t Bildt en ’t Bildts. Soa staan d’r ’n stikminnig kollums in, maar ok interfjoes met ônder ândere Bildtse bands fan froeger en de winner fan ’t Bildts Diktee.

Foor de mînsen die’t bútten de ouwe grins fan de gemeente ’t Bildt weune, is ’t magasin fia de webwinkel fergeefs te bestellen. Wij frage al ’n bijdrage foor de fersindkosten. Fansels is’t ok mooglik ’t magasin ôf te halen in ‘e bibletheek in St.-Anne.
’t Magasin is as .PDF-bestand fia deuze link te downloaden.

Bettere beleanning foar Fryske skriuwers! Effektivere promoasje fan boeken yn it Frysk

It Skriuwersboun hat ferline hjerst in kommisje ynsteld dy’t har dwaande hâlden hat mei de fraach: hoe komme wy ta in bettere beleanning fan Fryske skriuwers. Dy kommisje hat in einrapportaazje presintearre mei in tal útstellen, dy’t it Skriuwersbounbestjoer oernommen hat. It giet om In tal konkrete en praktyske maatregels, dy’t relatyf ienfâldich te realisearjen binne.

Presintaasje 7 april

De presintaasje hjirfan fynt plak op tongersdeitejûn, 7 april, om 19:30 oere, yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert.

Belanghawwerrs

Foar de realisaasje fan dizze plannen is meiwurking nedich fan

  • de leden fan it Skriuwersboun
  • de redaksjes fan (diels) Frysktalige tydskriften
  • de omrop
  • organisaasjes dy’t literêre eveneminten organisearje
  • de provinsjale en regionale kranten
  • útjouwers
  • biblioteken
  • Tresoar
  • ‘Boeken fan Fryslân’
  • de provinsje Fryslân
  • minsken dy’t graach Frysk lêze meie.

Alle boppesteande persoanen en organisaasjes binne op 7 april wolkom.
It plan wurdt dan presintearre en der leit in brosjuere klear dêr’t de útstellen yn beskreaun en taljochte wurde.