Fryske kandidaten Europeesk Parlemint wolle opkomme foar minderheidstalen yn Europa

Noch in pear dagen en dan kinne wy stimme foar de Europeeske ferkiezings op 6 juny. Op de kandidatelisten stean ek in oantal Fryske kandidaten. Trije kandidaten op kânsrike plakken, listlûker Anja Haga fan de ChristenUnie, om Raquel García Hermida-Van Der Walle fan D66 (#2) en Sjoerd Wijnsma fan it CDA (#5), gongen op tongersdei 23 maaie yn Kafee de Gouden Leeuw yn petear mei petearlieder Onno Falkena en fansels it oanwêzige publyk. Wat wolle sy foar Fryslân berikke yn de EU? En sjogge se ek kânsen om de posysje fan minderheidstalen te fersterkjen? De jûn waard organisearre op 23 maaie troch it EBLT yn gearwurking mei it Mercator Europeesk Kennissintrum.

Minderheidstalen op de aginda

De Fryske kandidaat-Europarlemintariërs Anja Haga (CU), Raquel Garcia Hermida-van der Walle (D66) en Sjoerd Wijnsma (CDA) wolle harren alle trije yn Brussel ynspanne foar it Frysk en oare minderheidstalen. As it oan harren leit krije minderheidstalen in fêst plak op de Europeeske aginda en as it heal kin ek in eigen begruttingspost. Ek soe it makliker wurde moatte foar lytse organisaasjes en ek foar lytsere talen om jild oan te freegjen foar projekten. Dat is no in toer, omdat projekten yn lytse talen konkurrearje moatte mei oanfragen foar projekten yn grutte steatstalen. 

f.l.n.r.: Onno Falkena, Anja Haga (CU), Sjoerd Wijnsma (CDA), Raquel Garcia Hermida-van der Walle (D66). Foto: EBLT

Ferskillen

Mar ferskillen tusken de kandidaten binne der ek. Wylst Wijnsma pleitet foar in ‘realistyske green deal’ mei helbere doelen foar boeren en mobiliteit, wolle Haga en Garcia Hermida-van der Walle fol faasje foarút mei it Europeeske belied op it mêd fan bioferskaat en klimaat. It EBLT helle de trije gadingmakkers nei kafee De Gouden Liuw yn Ljouwert foar in goed petear oer it Frysk, lânbou, mobiliteit en polarisaasje. Op dizze moeting yn in goed besocht kafee koe ek it publyk frijút fragen stelle oan de trije kandidaten.    

Europeeske ferkiezings

Op 6 juny binne de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint. Nederlân kin dy dei kieze foar 31 Europarlemintariërs, dy’t foar fiif jier in sit hawwe sille. Stimburo’s binne tongersdei 6 juny iepen tusken 7:30 en 21:00 oere.  

Sjoch foar mear ynformaasje op: https://www.rijksoverheid.nl/onderwerpen/verkiezingen         


Ferslach fan 23 maaie

Yn de taheakke is it folsleine ferslach te lêzen.

Simmerkampen op Skylge (10-15 jier)

Dizze simmer organisearret de Folkshegeskoalle wer trije Simmerkampen. De middengroep sit fol, mar der binne noch wat plakjes frij foar de oare groepen. Dit jier hawwe wy aktiviteiten lykas in nachtlike Dark Sky-tocht, klimmen yn it Klimbosk en de krea-bea workshop “Maak je eigen souvenir”.

  • Simmerkamp 1 (10 en 11 jier): 21 – 26 july 2024. Priis fol pension € 316,-
  • Simmerkamp 2 (12 en 13 jier): 28 july – 2 augustus 2024. Priis fol pension € 341,-
  • Simmerkamp 3 (14 en 15 jier): 25 – 30 augustus 2024. Priis fol pension € 369,-

De priis is ynklusyf boattickets en fyts, alle mielen en in wike fol ûnferjitlike ûnderfiningen!

Mei nije freonen op aventoer

Ferbliuw midden yn ‘e bosk, tichtby de see, dêr’t dy nije freonen meitsje en op aventoer gean mei de kamplieding. Genietsje fan libjend stratego yn ‘e dúnen, lit dyn talint sjen wilens de bunte jûn of ûntdek de magy fan in nachtlike Dark Sky-kuier.

opjefte

Wolst in bern sa’n prachtige wike jaan, mar hast net genôch finansjele middels? Nim dan kontakt mei ús op. Wy jouwe graach in helpende hân.

Sjoch foar mear ynformaasje op ús webside of meld dy gau oan fia info@folkshegeskoalle.nl of skilje mei 0562-448954.

Regiecursus veur Drents amateurteniel bij Huus van de Taol

Streektaolorganisatie wil neie regisseurs anfietern

Het Huus van de Taol organiseert op vief maondagaovends een körtlopende Regiecursus veur Drents teniel veur Drentse tenielgroepen en aandern. Op 9, 16, 23 en 30 september en op 7 oktober geeft Harm van Ballegooijen en Rob van der Ree les. Zij waren vrogger de tenieladviseurs van Drenthe en brengt daormet veul ervaring met um moet te putten.

De Regiecursus veur Drents teniel is der veur tenielgroepen en aandern met belangstelling veur regie. In de cursus leer ie undermeer hoe aj een stuk oetzuukt, hoe aj rollen typeren kunt en hoe aj as regisseur umgaot met tempo, ritme, licht, geluud en decor.

Verleden jaor waren der al een paor aovends west, um de vraogen van de tenielverienigings en -speulers op de rieg te kriegen. Wat bleek? Ze wilt geern een regiecursus volgen, umreden dat der veul te weinig regisseurs bint.

De kosten veur de vief aovends bint € 50,- de dielnimmer. De cursus is bij het Huus van de Taol an het Raadhuisplein in Beilen. Het Huus van de Taol wil zo Drents teniel anfietern. Anmelden veur de cursus kan via huusvandetaol.nl/regiecursus-Drents-teniel.

P.C. Hooft-priis foar Durk van der Ploeg of Hylke Speerstra?

It Skriuwersbûn, organisaasje fan en foar Fryske skriuwers, dichters, oersetters en leafhawwers fan it Frysk docht in oanrikkemandaasje oan de sjuery fan de P.C. Hooft-priis foar proaza 2025. De skriuwers dêr’t it om giet, binne Durk van der Ploeg en Hylke Speerstra.

De P.C. Hooft-priis is in oeuvrepriis dy’t neffens it reglemint fan de P.C.  Hooft-stifting takend wurde kin oan in Nederlânsktalich auteur of in benammen yn it Frysk publisearjende skriuwer. Yn de 75 jier dat de priis bestiet, is der lykwols noch nea in haadsaaklik Frysktalige skriuwster of skriuwer beleanne. Unbekendheid mei de Fryske literatuer by de sjuerys spilet neffens it Bûn dêr sûnder mis in grutte rol by. De Fryske skriuwerij docht foar oare literatueren net ûnder. It Bûn hat dêrom op him naam de P.C. Hooft-stifting en de troch har beneamde sjuery fan goede ynformaasje te foarsjen.

De oanrikkemandaasje is, nei oerlis mei it bestjoer fan it Bûn, skreaun troch Martsje de Jong fan Bitgum. It bestjoer is ferantwurdlik foar de seleksje fan de auteurs.

De premjêre fan Fanfare komt der oan | Ekstra kaarten beskikber

It is hast safier, de premjêre fan Fanfare – de grutte lokaasjefoarstelling yn Easterlittens – stiet foar de doar. Fan sneon ôf begjinne de try-outs foar publyk.

Extra kaarten beschikbaar voor Fanfare 

Naast dat de laatste puntjes op de ‘i’ worden gezet, hebben wij het geweldige nieuws dat de tribune is vergroot omdat de kaartverkoop hard gaat! Daarom zijn er voor eerder uitverkochte data nu weer (een paar) kaarten beschikbaar

lês mear op de webside fan Tryater

Nij ferskynd by de Afûk: it printeboek ‘Pim en Pier’

Presintaasje printeboek Pim en Pier freed 24 maaie op SLS De Tijstream yn Holwert

Wy wolle jimme fan herten útnûgje foar de presintaasje fan it printeboek Pim en Pier. In waarm printeboek oer twa mantsjepinguins dy’t ôfgryslik graach tegearre in pykje ha wolle, skreaun troch Joke Scheffer, mei yllustraasjes fan Wim Swart.

Oer it boek

Pim en Pier binne twa mantsjepinguins. Se binne altyd byelkoar. Pim soe hiel graach in pykje útbriede wolle mei Pier, mar hoe moatte se dat ha? En soene se it pykje dan wol tegearre grutbringe kinne?

Joke Scheffer (learkrêft basisûnderwiis, taalkoördinator en lêsspesjalist) skreau it boek nei oanlieding fan in krante-artikel oer twa mantsjepinguins yn in dieretún dy’t altyd byelkoar wiene. Op in dei foel it de oppassers yn de dieretún op dat se om ’e beurt probearren in stien út te brieden. Doe’t der in wyfkepinguin wie dy’t har aai net útbriede woe, besleaten de oppassers om it aai oan dy beide mantsjes ta te betrouwen. En it slagge harren om dat út te brieden!

Yllustrator Wim Swart soarge foar de fleurige tekeningen.

Programma

De presintaasje is yn hannen fan skriuwer Thys Wadman, yn it bywêzen fan groep 1, 2 en 3 fan De Tijstream. Lokaasje: SLS (Samenlevingsschool) De Tijstream, De Morgenzon 5c, 9151 KM Holwert.

  • 10.45     ynrin mei kofje
  • 11.00     presintaasje earste eksimplaar Pim en Pier
  • 11.30     hapke en drankje
  • 12.30     sluting

Boekgegevens ‘Pim en Pier

  • Auteur: Joke Scheffer
  • Yllustrator: Wim Swart
  • Utfiering: ynbûn, 36 siden
  • Leeftiid: 3-6 jier
  • ISBN 978-94-93318-33-5
  • Ferkeappriis: € 13,95
  • www.websjop.afuk.frl

Ynspiraasjesesje: De Wylde Boerinne revisited – in âld ferhaal op ’e nij ferteld

Op 6 juny organisearret Lingotell in ynspiraasjesesje foar boppeboulearlingen fan it fuortset ûnderwiis, studinten, dosinten en oare belangstellenden. Dy middeis wurdt yn Tresoar it ferhaal de Wylde Boerinne op ‘e nij ferteld. Dat wurdt dien mei presintaasjes en workshops fan Froukje Sijtsma (Ferhalemakker), Annalies Outhuijse (Makker fan histoaryske escaperooms), Ypy Zysling (Regisseur) en Douwe Kootstra (Folksferhalekenner).

Wylde boerinne

It ferhaal fan ‘De wylde boerinne’ is no, in iuw sûnt de útjefte, noch hieltyd aktueel. Wa tinkt net gelyk oan De Rijdende Rechter by twa buorlju dy’t bakkelje oer in stik grûn? Mar yn Holtrops ferhaal rint de kwestje wol hiel heech op. De buorlju, de boerinne út de titel, en de boer njonken har, dogge der alles oan om de grutste boer te wurden. Uteinlik kostet it harren alles. Ferskillende ferhalemakkers ha der troch de tiid al mei te set west, lykas in harkspulmakker, in striptekener, in regisseur, en der is sels in audiotoer fan. Wat makket dat dit ferhaal noch hieltyd oansprekt, en hoesa is it wichtich dat dizze ferhalen ferteld wurde bliuwe? Hokfoar keuzes wurde makke by it omfoarmjen fan it oarspronklike ferhaal?

programma

  • 12:30-12:45 | Ynrin, registraasje, kofje/tee
  • 12:45-13.15 | Ynlieding – Froukje Sijtsma – Ferhalemakker
  • 13.20-13.50 | Workshop 1 – Annalies Outhuijse – Makker fan histoaryske escaperooms
  • 13:50-14.20 | skoft
  • 14.25-14:55 | Workshop 2 – Ypy Zysling – Regisseur
  • 15.00-15.30 | Workshop 3 – Douwe Kootstra – Folksferhalekenner

opjaan

  • Wêr: De Gouden Leeuw, Tresoar, Ljouwert
  • Foar wa:
    • boppeboulearlingen fan it fuortset ûnderwiis
    • studinten
    • dosinten
    • oare belangstellenden
  • Wannear: 6 juny 2024 fan 12.30 oant 15.30 oere.
  • Tagong: fergees.
  • Oanmelde oant en mei 31 maaie fia: lingotell@fryske-akademy.nl

organisator Lingotell

Lingotell is in ynnovatyf, op minsken rjochte en foarútstribjend projekt, dat rjochte is op in echte feroaring yn hoe’t ferhalen beheard en wurdearre wurde. Dat wurdt dien út it prinsipe wei dat ferhalen ûnderdiel binne fan ús kultureel erfguod. Troch it fertellen fan in ferhaal yn eigen taal fersterket net allinne de Europeeske minderheidstaal , mar ek ús takomst as ûnderdiel fan Europa.

Lingotell ferkent hoe’t autochtoane en minderheidstalen ferterke wurde kinne troch de keunst fan it neifertellen. Dêrfoar wurde ferhalen op ‘e nij ûntwerpe en op ‘e nij definiearre. Dy ferhalen binne rjochten it Frysk, Súdsamysk en de Romatalen. It projekt hat as doel dy minderheidstalen te fersterkjen en ek it kultureel erfguod fan de mienskippen te beskermjen.

Lingotell is in lytsskalich gearwurkingsprojekt mei Sijti Jarnge (Noarwegen), Fryske Akademy en Mercator European Research Centre (Nederlân), and Pro Progressione (Hongarije).

Marije Buma wint it Lyts Frysk Diktee 2024

Marije Buma fan de Master Frankeskoalle út Earnewâld kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 6 flaters wie se tiisdei 14 maaie de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it provinsjehûs. Ferline jier wûn se it ek al. Twadde waard Annarixt Weststeijn fan de Doarpsskoalle út Nij Beets mei 9 flaters. En it tredde plak wie foar Saphyra Holwerda fan de Tijstream út Holwert.

Der dienen yn totaal 46 learlingen fan 22 skoallen mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Skriuwer Jan Minno Rozendal skreau de dikteetekst en lies it diktee ek foar. Jan Minno Rozendal is bekend fan ûnder oaren it boek Tie Break (2024).

De priiswinners flnr Marije Buma, Annarixt Weststeijn en Saphyra Holwerda. Foto: Jacob van Essen/Hoge Noorden

De organisaasje fan it diktee wie yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân. 

EU-ferkiezingsjûn “Fryslân yn Europa – Europa yn Fryslân” op 23 maaie

yn petear mei trije kânsrike kandidaten út Fryslân foar it Europeesk Parlemint

Yn ’e oanrin nei de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint op tongersdei 6 juny organisearret it EBLT op tongersdeitejûn 23 maaie in iepen petear mei de trije meast kânsrike kandidaten út Fryslân. It giet om listlûker Anja Haga fan de ChristenUnie, om Raquel García Hermida-Van Der Walle fan D66 en Sjoerd Wijnsma fan it CDA. As Europeesk oriïntearre organisaasjes wolle it EBLT en Mercator Europeesk  Kennissintrum elkenien graach de kâns biede om ynformeel mei dizze trije Fryske Europeanen yn petear te gean. Wat wolle sy foar Fryslân berikke yn de EU? Hoe wolle se de kontakten mei harren kiezers ûnderhâlde? Sjoernalist Onno Falkena sil de jûn liede.


Trije kandidaten út Fryslân

De Europeeske Uny sil foar elk in rol spylje mei de grutte útdagings fan dizze tiid, mar de Europeeske polityk stiet somtiden fier fan de minsken ôf. Alle oanlieding om neier yn de kunde te kommen mei Anja Haga út Dokkum, Raquel García Hermida-Van Der Walle fan De Gordyk en Sjoerd Wijnsma fan Ljouwert. Wêr wolle sy harren krekt foar ynsette yn Europa? Binne se ek fan doel om op te arbeidzjen yn it Europeesk Parlemint? En wêr sitte krekt de ferskillen tusken Haga en Wijnsma as sy harren yn Brussel oanslute by deselde grutte EPP-fraksje?  

Foar it EBLT binne minderheidstalen, kultuer en ûnderwiis wichtich. Tema’s dy’t yn Europa krekt wat minder heech op de politike aginda steane. Wat kinne we op dizze terreinen fan de trije Fryske kandidaten ferwachtsje? De opset fan de jûn is sa dat it publyk folop de gelegenheid kriget om fragen te stellen oan de trije gadingmakkers. Dat kin ek gean oer foar Fryslân wichtige tema’s as de Lelyline, de melkfeehâlderij of de beskerming fan de Waadsee.

EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum

It Europeesk Buro foar Lytse Talen, EBLT, is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy ‘t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, Biltsk of Papiamintsk. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje, benammen oer regionale en minderheidstalen yn Europa.

Wês wolkom

It evenemint is iepenbier en fergees tagonklik.

  • Tiid: tongersdei 23 maaie, 20:00 oere. Ynrin fan 19:30 oere ôf.
  • Plak: Tresoar, Boterhoek 1, Ljouwert
  • Tagong: fergees. Graach opjaan by it EBLT y.f.m. catering