app

NIJ! App fan ‘It grutte foarlêsboek’

Untdek en boartsje mei de app ‘It grutte foarlêsboek’. In app mei prachtige ferhalen, gedichten en spultsjes foar bern fan 2 jier ôf. No fergees te downloaden yn de App Store en Google Play Store.

De moaiste ferhalen oer fan alles en noch wat: in knyn dy’t de hik hat, wetterpokken, Tomke en noch folle mear.

Foar âlders dy’t graach foarlêze, mar ek foar pakes en beppes, juffen en masters, mar foaral foar de bern sels! Lês mear…

Janneke Brakels en Cor Bakker tegearre op Fryske berneferskes-app fan de Afûk

Op de Willem Alexanderskoalle yn Ljouwert is tiisdei de nije app ‘Hantsjes yn ’e hichte, Friese kinderliedjes’ fan de Afûk presintearre. Sjongeres Janneke Brakels en pianist Cor Bakker dy’t tegearre ek de ferskes foar de app opnamen, joegen de 150 pjutten en beukers fan de skoalle ‘live’ in foarpriuwke. De app is geskikt foar Apple en Android en foar elkenien fergees te downloaden yn de App Store en de Google Play Store.

Oer de app
‘Hantsjes yn ’e hichte’ is in app mei fyftjin Fryske ferskes, dêrûnder in tal bekende Nederlânsktalige berneferskes dy’t nei it Frysk ta bewurke en oersetten binne. Yn it Frysk wurde dat bygelyks Yn ’e moanneskyn, Hantsjes yn ’e hichte en De tsjillen fan ’e bus. Lês mear…

Nije app: Fauna yn Fryslân

Foto: Menno Knevelman, Omrop Fryslân

Fryslân is in nije app riker foar de natoerleafhawwer mei in smartphone. De app beskriuwt 200 bistesoarten dy’t karakteristyk of wichtich foar Fryslân binne. Fierder befettet de app natoerfoto’s, lûdsopnamen, spriedingskaarten en ynformaasje oer de soart yn it Frysk. Inisjatyfnimmer is Anne Popkema fan Taalburo Popkema.

Hy kaam der achter dat net in goeie list bestiet fan Fryske bistenammen. Troch dat mei yn in app op te lossen, kin dy list ek hiel maklik oanfold wurde. Utjouwerij Wijdemeer en Naturalis yn Leiden ha ek meiwurke oan de app.

De app is mei mooglik makke is troch stipe fan de provinsje, it Fryske Gea en it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Lês mear…

 Scroll to top