Op de Willem Alexanderskoalle yn Ljouwert is tiisdei de nije app ‘Hantsjes yn ’e hichte, Friese kinderliedjes’ fan de Afûk presintearre. Sjongeres Janneke Brakels en pianist Cor Bakker dy’t tegearre ek de ferskes foar de app opnamen, joegen de 150 pjutten en beukers fan de skoalle ‘live’ in foarpriuwke. De app is geskikt foar Apple en Android en foar elkenien fergees te downloaden yn de App Store en de Google Play Store.
Oer de app
‘Hantsjes yn ’e hichte’ is in app mei fyftjin Fryske ferskes, dêrûnder in tal bekende Nederlânsktalige berneferskes dy’t nei it Frysk ta bewurke en oersetten binne. Yn it Frysk wurde dat bygelyks Yn ’e moanneskyn, Hantsjes yn ’e hichte en De tsjillen fan ’e bus. Mar ek oarspronklike Fryske berneferskes lykas Suze nane poppe binne op de app te hearren. De ferskes wurde songen troch Janneke Brakels. Op de fleugel spilet Cor Bakker. Spesjaal foar de app skreau Janneke Brakels fiif nije ferskes.
De app bestiet út trije grutte sykplaten. By elke plaat krije de bern lytse plaatsjes te sjen dy’t se opsykje kinne yn de grutte plaat. Foar elk plaatsje dat se fine krije se in Frysk ferske te sjen en te hearren. It iene ferske is geskikt foar de alderlytsten, it oare foar de beukers en guon foar de leeftiid dêrtuskenyn.