Foarlêsbus jout startsein foar Lês-mar-foar-wiken

Fan 11 oant en mei 29 septimber binne de ‘Lês-mar-foar-wiken’! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling. Hielendal foar in minderheidstaal as it Frysk. Alle pjutten yn Fryslân krije mei de Lês-mar-foar-wiken in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje en foar bern fan 4 o/m 8 jier ferskynt der in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Foar de grutte minsken is der in spesjale edysje fan it tydskrift heit&mem. Ek yn de biblioteken is ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk en dêr wurde alderhande foarlêsaktiviteiten organisearre. Sjoch foar mear ynformaasje oer de Lês-mar-foar-wiken op de spiksplinternije website: www.lesmarfoar.frl.

Foarlêsbus fan Arriva

Op tiisdei 12 septimber sil it startsein foar de Lês-mar-foar-wiken jûn wurde mei in echte Tomke&Keimpe-foarlêsbus! Om 11.00 oere rydt de bus fan Arriva it plein op fan IKC Toermalijn yn Frjentsjer, en dêrnei wurde de bern fan de pjutte-opfang en de ûnderbou foarlêzen yn de bus troch in echte bussjauffeur. Dat wurdt in wier foarlêsfeestje! De foarlêsbus rydt mei de Lês-mar-foar-wiken troch de provinsje en docht dêrby ek noch in tal oare pjutte-opfanglokaasjes en skoallen oan.

Nij Tomke-boekje

Op de pjutte-opfang wurdt foarlêzen út in nij Tomke-boekje, dat dit jier as tema ‘wetter’ hat. It boekje hjit: ‘Lekker spatterje!’ en sit grôtfol moaie ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes. Dy geane oer fan alles wat pjutten belibje kinne: elkoar wietspuitsje, blomkes wetter jaan en lekker boatsjefarre. Alle pjutte-opfanglokaasjes, bernesintra en dielnimmende gastâlden hawwe in foarlêspakketsje krigen, mei dêryn boekjes en in lesbrief mei foarlêstips. Nei it foarlêzen krije alle pjutten in boekje mei nei hûs. It Tomke-boekje ferskynt dit jier ek yn it Stellingwerfsk, Biltsk én foar it earst ek yn it Franekers.

Nij Keimpe-boekje

Keimpe de Krokodil wol, krekt lykas Tomke, dat bern mear Fryske boeken en ferhaaltsjes lêze. Foar bern fan 4 oant en mei 8 jier leit dêrom yn de biblioteken in fergees nij Keimpe-boekje klear, ‘By ús thús’. Yn dat boekje sitte ferhaaltsjes en spultsjes oer bygelyks in hutte bouwe yn ’e keamer, útfanhûzje by beppe en nei de romte. Alle skoallen krije it boekje en de bybehearrende lesbrief tastjoerd, en kinne it Frysk (foar)lêzen dêrmei in ekstra stimulâns jaan.

Ekstra heit&mem

Spesjaal foar de Lês-mar-foar-wiken ferskynt in ekstra edysje fan de heit&mem. Mei ûnder oaren prachtige foarlêsferhalen, in ynterview mei skriuwster Annet Schaap oer de Fryske oersetting fan

‘Lampje’, en de moaiste berneboeken en foarlêstips foar bern fan alle leeftiden. De heit&mem Lês- mar-foar-edysje wurdt útdield op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen.

Feest yn de biblioteek!

Yn de biblioteken binne ferskate foarstellingen te sjen. Janneke Brakels sil sjonge en muzyk meitsje mei de pjutten en mei Willy van Assen fan Danswil kin der lekker dûnse wurde yn har nije foarstelling. Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. Grutte minsken kinne yn de biblioteek de spesjale Lês-mar-foar-edysje fan it tydskrift heit&mem ophelje. En hast it nije Tomke- temaboekje of Keimpe-boekje noch net? Dat is ek te krijen yn de biblioteek!

Oare foarlêsfeestlikheden yn de ‘Lês-mar-foar-wiken’

Yn it programma ‘Tsjil’ fan Omrop Fryslân binne – op telefyzje én online − wer hagelnije Tomke- aventoeren te besjen en dêrneist ek noch fjouwer filmkes fan besteande Fryske printeboeken. Op Tjitsfloch fan Omrop Fryslân binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren!

It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan de Tomke- en de Keimpe-wurkgroep en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 o/m 8 jier.

Optreden Wiebe Kaspers op Europeeske Taledei

Op freed 26 septimber is it Europeeske Taledei. Dan fiert gâns Europa syn rike ferskaat oan talen, lyts en grut. Yn Ljouwert en Waskemar jouwe sjonger en pianist Wiebe Kaspers en basgitarist Florian den Hollander hjir omtinken oan mei in optreden tropfol Frysk- en Ingelsktalige lieten.

Sawat de helte fan de wrâldbefolking is twa- of meartalich en der wurde tegearre sawat 7000 talen sprutsen op ’e wrâld. Guon fan dy talen hawwe miljoenen sprekkers, lykas it Ingelsk en it Sineesk. Mar der binne ek lytsere talen mei mar in pear tûzen of in pear hûndert sprekkers. Ek Fryslân hat meardere talen. Neist it Frysk en it Nederlânsk wurdt yn Fryslân bygelyks ek Biltsk en Stellingwerfsk sprutsen, en yn de stêden ek Turksk, Arabysk en Surinaamsk. Continue reading “Optreden Wiebe Kaspers op Europeeske Taledei”

Optreden Wiebe Kaspers op busstasjon Arriva te Ljouwert op Europeeske Taledei

Op freed 26 septimber is it Europeeske Taledei. Dan fiert gâns Europa syn rike ferskaat oan talen, lyts en grut. Yn Ljouwert jouwe sjonger en pianist Wiebe Kaspers en basgitarist Florian den Hollander hjir omtinken oan mei in optreden grôtfol Frysk- en Ingelsktalige lieten.

Sawat de helte fan de wrâldbefolking is twa- of meartalich en der wurde mei-inoar sawat 7000 talen sprutsen op ’e wrâld. Guon fan dy talen hawwe hûnderten miljoenen sprekkers, lykas it Ingelsk en it Sineesk. Mar der binne ek lytsere talen mei mar in pear tûzen of in pear hûndert sprekkers. Ek Fryslân hat ferskate talen. Neist it Frysk en it Nederlânsk wurdt yn Fryslân bygelyks ek Biltsk en Stellingwerfsk sprutsen, en yn de stêden ek Turksk, Arabysk en Surinaamsk. Continue reading “Optreden Wiebe Kaspers op busstasjon Arriva te Ljouwert op Europeeske Taledei”

Arriva seit: Praat mar Frysk!

Foto: Froukje Sijtsma, Omrop Fryslân
Frysk prate yn de bus, soe de gewoanste saak fan de wrâld wêze moatte seit Arriva-direkteur Anne Hettinga. Dêrom is busmaatskippij Arriva sûnt freed ambassadeur fan ‘Praat mar Frysk’ wurden. Yn gearwurking mei Frysk taalynstitút Afûk is freedtemoarn op it stasjon fan Ljouwert it startskot foar de aksje jûn. It kampanjeteam dielde Praat mar Frysk lippen by de bussen út.

Ek krigen sjauffeurs Praat mar Frysk spjeldsjes op it jaske. Yn it ramt Praat mar Frysk wurdt de Fryske taal ek sichtber yn it iepenbier ferfier.

Sa sil der Praat mar Frysk-reklame te sjen wêze, mar kinne minsken ek Fryske gedichten en Fryske feitsjes lêze op de ynfoskermen yn de bus. Praat mar Frysk is al sân jier dwaande om de Fryske taal te promoatsjen. Ferskate ferneamde Friezen, lykas Doutzen Kroes, Jorrit Bergsma, Epke & Herre Zonderland, Foppe de Haan en Iris Kroes binne ek ambassadeurs fan Praat mar Frysk.

Boarne: Omrop Fryslân