Op freed 26 septimber is it Europeeske Taledei. Dan fiert gâns Europa syn rike ferskaat oan talen, lyts en grut. Yn Ljouwert jouwe sjonger en pianist Wiebe Kaspers en basgitarist Florian den Hollander hjir omtinken oan mei in optreden grôtfol Frysk- en Ingelsktalige lieten.
Sawat de helte fan de wrâldbefolking is twa- of meartalich en der wurde mei-inoar sawat 7000 talen sprutsen op ’e wrâld. Guon fan dy talen hawwe hûnderten miljoenen sprekkers, lykas it Ingelsk en it Sineesk. Mar der binne ek lytsere talen mei mar in pear tûzen of in pear hûndert sprekkers. Ek Fryslân hat ferskate talen. Neist it Frysk en it Nederlânsk wurdt yn Fryslân bygelyks ek Biltsk en Stellingwerfsk sprutsen, en yn de stêden ek Turksk, Arabysk en Surinaamsk.
Yn Fryslân fiere Wiebe Kaspers en Florian den Hollander de rykdom fan meartaligens mei in optreden op it busstasjon Arriva te Ljouwert. Dêr binne se te besjen en te beharkjen op Europeeske Taledei, 26 septimber fan 07:30 oant 09:00 oere.
De Europeeske Taledei is in ynisjatyf fan de Council of Europe. Dit optreden wurdt mooglik makke troch in gearwurkingsferbân tusken it kennissintrum foar meartaligens Mercator, it Europeeske Buro foar Lytse Talen, de Afûk en Friesland Pop. Mear ynformaasje oer de Europeeske Taledei fine jo op http://edl.ecml.at/
Wat jammer dat dit samenvalt met het Drongo meertalenfestival in Amsterdam. (Waar moet ik nu naar toe?)
Goeiemiddei,
Het Drongo meertalenfestival in Amsterdam is op zaterdag 27 september. Het is dus heel goed mogelijk om beide evenementen te bezoeken!