Optreden Wiebe Kaspers op Europeeske Taledei

Op freed 26 septimber is it Europeeske Taledei. Dan fiert gâns Europa syn rike ferskaat oan talen, lyts en grut. Yn Ljouwert en Waskemar jouwe sjonger en pianist Wiebe Kaspers en basgitarist Florian den Hollander hjir omtinken oan mei in optreden tropfol Frysk- en Ingelsktalige lieten.

Sawat de helte fan de wrâldbefolking is twa- of meartalich en der wurde tegearre sawat 7000 talen sprutsen op ’e wrâld. Guon fan dy talen hawwe miljoenen sprekkers, lykas it Ingelsk en it Sineesk. Mar der binne ek lytsere talen mei mar in pear tûzen of in pear hûndert sprekkers. Ek Fryslân hat meardere talen. Neist it Frysk en it Nederlânsk wurdt yn Fryslân bygelyks ek Biltsk en Stellingwerfsk sprutsen, en yn de stêden ek Turksk, Arabysk en Surinaamsk.

Yn Fryslân fiere Wiebe Kaspers en Florian den Hollander op ’e Europeeske Taledei de rykdom fan meartaligens mei in konsert op twa lokaasjes: Ljouwert en Waskemar.
De moarns binne se te besjen en te beharkjen op it busstasjon Arriva te Ljouwert, fan 07:30 oant 09:00 oere. De middeis fan 13:00 oere ôf jouwe Wiebe en Florian in optreden foar de skoalbern fan CSG Liudger yn Waskemar, dêr’t sûnt dit skoaljier meartalich fuortset ûnderwiis (mfû) jûn wurdt. Dêrmei is dizze lokaasje de earste trijetalige skoalle yn ’e Stellingwerven. Yn it earste pilotjier wurde trije talen brûkt yn ’e earste en twadde klas fan it hafû en fwû.

De Europeeske Taledei is in ynisjatyf fan de Council of Europe. Dit optreden wurdt mooglik makke troch in gearwurkingsferbân tusken it kennissintrum foar meartaligens Mercator fan ’e Fryske Akademy, it Europeeske Buro foar Lytse Talen (EBLT), de Afûk en Friesland Pop.

Konsert fan Wiebe Kaspers en Florian den Hollander
Busstasjon Arriva te Ljouwert
Freed 26 septimber 2014, 07:30-09:00 oere

Europeeske Taledei (European Day of Languages)
http://edl.ecml.at/

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *