Europeeske ferkiezings en de takomst fan “Linguistic Diversity”

Foto: NPLD
“United in Diversity” wie it logo dat keazen is yn 2000 troch de EU om it doel fan it Europeeske projekt sjen te litten, nammentlik ienheid kreëarje en tagelyk de rykdom fan it ferskaat oan kultueren, tradysjes en talen te beskermjen: 24 offisjele talen, mear as 70 autochtoane talen en mear as 300 talen. Om de 50ste jierdei fan de Treaty of Rome yn 2007 te markearjen, keas de EU it motto “Together” om it idee út te dragen fan ferskate minsken dy’t wurkje oan mienskiplike doelen: it kreëarjen fan in hechte Uny fan EU-boargers. Continue reading “Europeeske ferkiezings en de takomst fan “Linguistic Diversity””

Stim op 22 maaie!

Foto: www.europa.eu
Op tongersdei 22 maaie fine de Europeeske ferkiezings plak. Om de fiif jier kieze de EU-boargers wa’t harren fertsjintwurdigje sil yn it Europeesk Parlemint. It Europeesk Parlemint spilet in wichtige rol yn it bepalen fan Europeeske beliedslinen. Tink hjirby û.o. oan lânbou, digitale media, of oan de beskerming fan minderheidstalen. Stimme foar de Europeeske ferkiezings is dêrom DE kâns fan eltse boarger om de gearstalling fan it Parliment te beynfloedzjen en ek de beslissings dy’t it tidens syn fiif-jierrich mandaat op him nimme sil. Op dizze side fine jo mear ynformaasje (yn alle offisjele EU-talen) oer hoe’t it Europeesk Parliment wurket. Dus lit op 22 maaie jo stim hearre!

Debat ‘Earlik oer Europa’ op 8 maaie

‘Earlik oer Europa’ is de titel fan it grutte Europa-debat fan it EU-netwerk Noord-Nederland. By dit netwurk binne ûnder oare de Europeeske Beweging yn Nederlân, Europa Direct, LTO Noord en ek it EBLT oansletten. It giet nei alle gedachten om ít Europeeske Debat fan it Noarden. It sil heve op 8 maaie 2014, om 20:00 oere jûns yn de Reade Seal fan it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.

De diskusje oer Europa is op ‘t heden tige libben; folle libbener as yn it ferline it gefal wie. De kommende Europeeske Ferkiezings fan 22 maaie binne foar de politike partijen dan ek seker gjin ferplicht nûmer. De folgjende kandidaten foar it Europeesk Parlemint dogge oan it debat mei: Bas Eickhout (GrienLinks), Agnes Jongerius (PvdA), Wim Eilering (CDA), Jan Huitema (VVD), Bas Belder (SGP), Fenna Feenstra (SP), Raoul Boucke (D66) en Ton van Kesteren (PVV).
Continue reading “Debat ‘Earlik oer Europa’ op 8 maaie”