Europeeske ferkiezings en de takomst fan “Linguistic Diversity”

Foto: NPLD

“United in Diversity” wie it logo dat keazen is yn 2000 troch de EU om it doel fan it Europeeske projekt sjen te litten, nammentlik ienheid kreëarje en tagelyk de rykdom fan it ferskaat oan kultueren, tradysjes en talen te beskermjen: 24 offisjele talen, mear as 70 autochtoane talen en mear as 300 talen. Om de 50ste jierdei fan de Treaty of Rome yn 2007 te markearjen, keas de EU it motto “Together” om it idee út te dragen fan ferskate minsken dy’t wurkje oan mienskiplike doelen: it kreëarjen fan in hechte Uny fan EU-boargers.

NPLD wol in nije benadering fan talen en de promoasje fan de potensjele foardielen – persoanlik, sosjaal en ekonomysk – dat de diversiteit oan talen hat foar Europa. Meartaligens kin diel út meitsje fan de oplossing foar Europa’s hjoeddeistige ympasse: meartaligen binne better yn ‘multitasking’; meartaligen binne kreativer; meartaligen binne mear ‘open-minded’, ensfh. Koartsein, meartaligen binne better tared op de útdagings fan hjoed-de-dei!

Dêrom hat de NPLD in struibrief makke oer de talen fan Europa. De struibrief is part fan de kampagne “Roadmap for Linguistic Diversity” en freget de takomstige MEP’s om te fersekerjen dat talen heech op de politike aginda komme te stean. At wy in EU wolle foar de boargers, dan moat de EU al har talen promoatsje, nettsjinsteande de demografyske status of politike en ekonomyske wearde fan dy talen.

Klik hjir foar de Frysktalige struibrief.
Klik hjir foar de struibrieven yn it Baskysk, Bretons, Frânsk, Galisysk, Iersk, Ingelsk, Katalaansk, Korsikaans, Oksitaansk, Spaansk, Sweedsk en Welsk.

Boarne: NPLD

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.