Debat ‘Earlik oer Europa’ op 8 maaie

‘Earlik oer Europa’ is de titel fan it grutte Europa-debat fan it EU-netwerk Noord-Nederland. By dit netwurk binne ûnder oare de Europeeske Beweging yn Nederlân, Europa Direct, LTO Noord en ek it EBLT oansletten. It giet nei alle gedachten om ít Europeeske Debat fan it Noarden. It sil heve op 8 maaie 2014, om 20:00 oere jûns yn de Reade Seal fan it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.

De diskusje oer Europa is op ‘t heden tige libben; folle libbener as yn it ferline it gefal wie. De kommende Europeeske Ferkiezings fan 22 maaie binne foar de politike partijen dan ek seker gjin ferplicht nûmer. De folgjende kandidaten foar it Europeesk Parlemint dogge oan it debat mei: Bas Eickhout (GrienLinks), Agnes Jongerius (PvdA), Wim Eilering (CDA), Jan Huitema (VVD), Bas Belder (SGP), Fenna Feenstra (SP), Raoul Boucke (D66) en Ton van Kesteren (PVV).
It programma sjocht der sa út:
19:30 oere: Seal iepen en ferkiezingsmerk. Studinten fan it Mentorprogramma fan it MBO soargje foar in waarm wolkom.
20:00 oere: Iepening. Debatlieder Rimmer Mulder noeget de kandidaten út om harren koart foar te stellen. Dit wurdt folge troch in debat oan de hân fan tema’s mei stellingen

Der wurdt debattearre oer de folgjende tema’s:
– Lânbou en iten. It lânbou- en plattelânsbeleid feroaret hiel fluch. De kommende fiif jier wurdt in nij fûnemint lein. Wat wolle de ferskate partijen?
– Kultuer, regionale identiteit en minderheidstalen. Kin en moat it Europeesk Parlemint effektyf wat dwaan oan it beskermjen fan minderheidstalen, nei it oannimmen fan it rapport Alfonsi?

21.15 oere: Skoft

–  Regionaal beleid (Gearwurkingsferbân Noord-Nederland, Horizon 2020). Hâldt Noard-Nederlân in rol yn it Europeesk regio- en kennisbelied? Wat binne de mooglikheden foar it bedriuwslibben?

22:15 oere: Ofsluting en slokje.

It EBLT rikkemendearret it debat fan herten oan by de leden en leden fan oansletten organisaasjes. It ‘debat fan it noarden’ is nei alle gedachten dé gelegenheid om kandidaten fan safolle politike partijen mei-inoar yn Fryslân yn diskusje te sjen en te hearren, twa wike foar de Europeeske ferkiezings. It kin hjirby gjin kwea om de manlju en froulju kandidaten te fergjen op harren ynspannings foar de minderheidstalen. De ôfrûne perioade hawwe de measte Nederlânske Europarlemintariërs harren net al tefolle om de minderheidstalen bekroade, mar de measten fan harren – útsein VVD en PVV – stimden wol foar it rapport Alfonsi ta stipe fan de bedrige talen yn Europa.

Jo kinne je oanmalde op de oanmeldpagina fan ‘Earlik oer Europa’.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *