Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it feest BoekmoardBoek dat op freed 8 july om 20.00 oere yn Café Het Grauwe Paard yn Marsum holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn minst 1000 wurden te skriuwen dêr’t moard in ûnderdiel fan is. Dat kin fansels breed: fan wreed en spannend oant healwiis en hilarysk. Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen oanlevere wurde.
De winner wurdt op it feest sels bekend makke en mei syn/har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut fuortendaliks in live-optreden tusken de oare Fryske skriuwers dy’t dêr de jûns al steane om harren koarte moardferhaal hearre te litten, lykas Sipke de Schiffart, Johan Veenstra, Jetske Bilker, Sjoerd Bottema en Erik Betten. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre.
Ynstjoeringen moatte op syn lêst freed 24 juny binnen wêze op it e-mailadres ynfo@boekenfanfryslan.frl en foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens.
Tresoar bestiet dit jier 20 jier! De skatkeamer fan Fryslân traktearret dy yn it jubileumjier op allerhanne ekstra aktiviteiten. Mei de toer Tresoar komt nei dy ta! giet Tresoar de provinsje yn om de bysûndere ferhalen fan dyn wenplak nei dy ta te bringen. Dêrneist litte meiwurkers fan Tresoar alle wiken – it hiele jier lang – online har persoanlike topstikken sjen. En dat is noch net alles: Tresoar is nammentlik benijd nei dyn persoanlike ferhaal of topstik! Want ferhalen fan no fertelle ús letter mear oer ús ferline, ús wearden en ús hoop. Om dy reden docht Tresoar de oprop om safolle mooglik ferhalen te dielen mei de hashtag #mijnverhaalvanfryslan.
Tresoar komt nei dy ta Untdek de bysûndere ferhalen dy’t yn dyn wenplak te finen binne. Tresoar bringt de Fryske skiednis nei dy ta! Bert Looper, âld-direkteur fan Tresoar, fertelt it ferhaal by dy op lokaasje en giet mei dy yn petear oer de rol fan skiednis foar de takomst fan dyn doarp of stêd. Dus bist benijd nei it ferline én wolst mei elkoar foarútsjen? Op tresoar.nl kinst dyn doarp of stêd oanmelde.
Diel dyn ferhaal of persoanlike topstik #mijnverhaalvanfryslan Dyn ferhaal makket it ferhaal fan Fryslân fan eartiids kompleter, fertelt it ferhaal fan Fryslân fan no en foarmet it ferhaal fan Fryslân fan letter. Dêrom is Tresoar benijd nei dyn persoanlike ferhaal of topstik! Want ús hjoeddeiske Fryske mienskip is ferskaat en sit fol ferhalen. Ferhalen dy’t ferteld wurde moatte sadat se ûnderdiel wurde fan it takomstich kollektyf ûnthâld fan Fryslân. Dus diel dyn ferhaal of topstik yn in berjocht of fideo op Facebook of Instagram mei de hashtag #mijnverhaalvanfryslan en tag trije freonen om itselde te dwaan. Fleurige of fertrietlik ferhalen, ferhalen fan no of fan langer lyn, koart of lang: alles mei! As it mar in link mei Fryslân hat. Mei elkoar sjogge we mear fan Fryslân en mear fan elkoar!
Septimber feestmoanne: iepen dagen Tresoar én in kulturele produksje yn Obe Altyd al witte wollen watfoar skatten yn de skatkeamer fan Fryslân ferburgen lizze? By de iepen dagen fan Tresoar op 10 en 11 septimber komme dy skatten foar it ljocht! Ek is de kulturele produksje Skatkeamer fol ferhalen fan septimber ôf te sjen yn Obe, mei yndrukwekkende ferhalen fan fiifentweintich bekende en ûnbekende histoaryske Friezen.
Mear ynformaasje oer de iepen dagen en de kulturele produksje Skatkeamer fol ferhalen wurdt letter dit jier bekend makke op de socialmediakanalen fan Tresoar en op tresoar.nl!
Koarte weromblik op 20 jier Tresoar Yn septimber 2002 ûntstie Tresoar troch in fúzje fan de Provinsjale Biblioteek, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en it Ryksargyf. Dit jier is it 20 jier lyn dat de trije organisaasjes fusearren. Ryksargivaris Douwe de Vries waard de earste direkteur fan Tresoar. Bert Looper folge him yn 2007 op. Rien Vrijenhoek is sûnt foarich jier de hjoeddeistige ynterim-direkteur fan Tresoar.
Ien fan de earste hichtepunten fan Tresoar wie de besite fan prins Willem-Alexander en syn frou prinses Máxima oan Tresoar, begjin 2003. Se kamen om de nije ynventaris fan it stedhâlderlik argyf yn ûntfangst te nimmen. Der folgen mear hichtepunten lykas it projekt ‘Grutte Pier De Famylje’. Elkenien yn Fryslân en dêrbûten koe in kertiersteat ynfolje en útsykje litte oft hy/sy besibbe is oan de grutte frijheidsstrider. Mear as tûzen stambeammen út 31 lannen waarden ynstjoerd. Ek doe’t hûnderten minsken út allerhanne lannen Tresoar besochten yn it kulturele haadstêdjier yn 2018 en dat Obe, poadium foar Fryske kultuer, yn 2019 ûnderdiel waard fan Tresoar binne heuchlike mominten.
Tresoar hat as misje kultueroerdracht: it ferbinen fan ferline, no en takomst, fan kennis en ûnderfiningen, fan kultueren en generaasjes. Tal fan lêzingen, ekskurzjes, workshops, literêre jûnen, tentoanstellingen en grutte kulturele eveneminten en projekten foar in breed publyk hat Tresoar yn de ôfrûne jierren organisearre om oan dy misje te foldwaan. Troch de hieltyd fierdergeande digitalisearring is it mooglik hieltyd mear ynformaasje oer Fryslân online te ûntdekken en duorsum te bewarjen.
Laifhebbers van de Grunneger toal en cultuur kinnen in maart heur haart ophoalen. Centrum Groninger Taal & Cultuur (CGTC) komt tiedens de Meertmoand Streektoalmoand mit n moand vol activiteiten rondom de Grunneger toal en cultuur: Moi Meertmoand!. Mit verschillende prizzentoatsies rondom t Grunnegs, Grunneger verhoalenvertellers, de Wiesneus veur basisschoulen, n online open podium, n kenniscafé over meertoaleghaid én n Grunneger Oavend.
Dialect Digitaal: oratie Martijn Wieling
Op vrijdagmiddag 4 maart trapt Martijn Wieling, biezunder hoogleroar Nedersaksische/Groningse toal en cultuur, af mit zien oratie in t Academiegebaauw van de Rijksuniversiteit Grunnen. In zijn lezen Dialect digitaal: nieuwe kansen voor streektaalgebruik en -onderzoek beproat Wieling digitoale technieken doarmit hai en zien team waitenschoppers de varioatsie en verandern in t Nedersaksisch onderzuiken. De oratie is live en online bie te wonen. Aanmelden kin tot 25 feberwoarie. Meer informoatsie
Wiesneus en verhoalenvertellers in de klas
Ook dit joar konden basisschoulen zich aanmelden veur t Grunneger kindertiedschrift Wiesneus. Roem 60 basisschoulen in Grunnen hebben t magazine aanvroagd. Van 7 t/m 11 maart presenteert CGTC meer Grunnegs in de klas mit Verhoalenvertellers in de klas. Collectief Kom op Verhoal, Frank den Hollander, Peter de Haan, de Giezelbaargbloazers, Bert Hadders, mulder Jan Kugel en vertelster Ina de Raad goan mit verhoalen op pad laans basisschoulen in Stad en ommelaand.
Grunneger Oavend
In t Forum in Stad vindt zotterdagoavond 19 maart de Grunneger Oavend ploats: n oavond in t Grunnegs, over t Grunnegs en over aal wat mit t Grunnegs van doun het. In n twij uren durend quizpergram mit schaarpe vroagen aan t publiek over de Grunneger taal en cultuur, mit live muziek, poëzie, theater en nog veul meer. Mit host Marieke Klooster (o.a. Vrouw Holland) en studiogasten Alex Vissering, Esmé van den Boom, Herman Sandman, Myron Hamming en theatergroep WAARK. Meer informoatsie en tickets.
Marieke Klooster. foto: Robin Plomp
Live streaming: Platform F.
Kenniscafé Op dunderdag 24 meert organiseert Studium Generale mit CGTC t Kenniscafé Meer dan één taal. In t Forum gaait Alex van den Berg aan de proat mit Grunneger experts over meertoaleghaid. Hoogleroar Engelse Toalkunde Merel Keijzer dut onderzuik noar t effect van meertoaleghaid op de hazzens. Kunstenoar Ahilan Ratnamohan onderzuikt in zien project Pidgin X de sozioal-culturele en emotionele aigenschoppen van n taal. Streektoalconsulent Olaf Vos dut ter alles aan om t Grunnegs in leven te loaten deur streektoalonderwies en Grunneger zangeres Josien Bakker treedt op. Meer informoatsie en tickets
Open Podium
In de Meertmoand Streektoalmoand gebeurt ter nog meer rondom t Grunnegs, onder meer n online broescursus Grunnegs geven deur Piet Reitsema, de Stoatenvergoadn in t Grunnegs en elke dinsdag in maart is der Loat die zain, loat die heuren!: t online open podium van CGTC. Bist muzikant of schriever en is dien Grunnegs laid, verhoal of gedicht kloar veur t grode pebliek? Stuur n filmpke van dien optreden noar info@cgtc.nl en wel wait komt dien inzenden veurbie op onze socials. Veur meer informoatsie over de Meertmoand activiteiten van CGTC kiek op www.cgtc.nl.
It projekt Fertel ris fan de Afûk reizget mei de Karavaan van de vriendschap om ferhalen op te heljen. Sterke ferhalen oer eartiids, persoanlike ferhalen oer freonskip, ferhalen dy’t werkenber binne foar de âldere generaasjes. Dy ferhalen brûkt de Afûk om nij materiaal te meitsjen lykas boeken, foarlêsferhalen of praatkaarten foar aktiviteiten mei âlderein.
Op 7 jannewaris reizget de Karavaan troch Smellingerlân, op 4 febrewaris troch Opsterlân. De karavaan bringt freonskip, muzyk en poëzy en siket ferhalen. By wa kin de karavaan oanstekke op de tocht troch dizze gemeenten?