Tresoar en Fries Museum wurkje gear by syktocht nei tekeningen Wybrand de Geest

Yn 2025 organisearret it Fries Museum in tentoanstelling oer Wybrand de Geest en syn twa soannen Julius en François. Syn album amicorum (freoneboek), dat yn besit fan Tresoar is, mei dêrby net ûntbrekke – mar it is net folslein. Der binne 22 tekeningen út it album skuord of snien. Foar dizze nije tentoanstelling sykje Tresoar en Fries Museum nei de sprekwurdlike spjelde yn in heaberch: slagget it om op syn minst ien fan de ûntbrekkende tekeningen werom te finen?

Op it earste gesicht is it in hiel gewoan boekje, it album amicorum fan Wybrand de Geest út 1611. Mar dit is net in ‘gewoan’ album amicorum, mar in keunstnersalbum, en dy binne safolle seldsumer as alba amicorum fan studinten. Yn Nederlân binne der mar in pear. Dêrom is it spitich dat safolle tekeningen út it album fan Wybrand de Geest misse. Wat noch wól yn it keunstnersalbum te sjen is, binne teksten yn ferskillende hânskriften en sa no en dan in tekening yn inket en ferve. De achterbleaune rântsjes papier ferriede dat sa’n 22 tekeningen ûntbrekke. Nei alle gedachten binne de tekeningen fan ûnder oare Wybrand syn broer Gilles de Geest út it album snien om’t se jild opsmieten. Sûnder har kontekst binne se miskien by samlers en yn museale kolleksjes kaam.

Statussymboal

In album amicorum (freoneboek) wie yn de 16de en 17de iuw foaral populêr by studinten dy’t foar har stúdzje ferskillende universiteiten oandienen. Yn elke universiteitsstêd fregen se har heechleararen, meistudinten en oare nijsgjirrige minsken wat by te dragen oan har album, lykas in motto, gedicht of sitaat. Adellike jonges keazen foar de foar de hân lizzende kombinaasje fan in tekene famyljewapen en har namme. Foarbylden dêrfan binne noch oanwêzich yn it album fan Wybrand de Geest, wierskynlik om’t dizze heraldyske tekeningen net oan de man brocht wurde koenen. Ymplisyt dokumintearren de studinten mei har album har reis lâns de Europeeske universiteiten en moetingen ûnderweis. Ien kear thús droegen de skriftlike bewizen dêrfan by oan it prestiizje fan it album én de besitter.

Bydrage út 1615 fan Wouter Crabeth, keunstskilder, mei in lyts rantsje fan de missende tekening.
Boarne: Tresoar

Reis nei Rome

De yn Ljouwert berne Wybrand Simonsz. de Geest gie begjin 17de iuw nei Utrecht, om dêr syn oplieding ta skilder ôf te meitsjen. Dêr moat er besletten hawwe om ta te jaan oan syn langstme om troch te reizgjen nei Rome. Elke keunstner mei wat ambysje moast yn dy tiid de antike wrâld mei eigen eagen sjoen hawwe. It duorre jierren foardat er fia Parys en Aix-en-Provence ek echt yn Rome arrivearre en troch syn album amicorum is bekend mei watfoar studinten en kollega-keunstners er ûnderweis omgie. Sa liet Gerrit Vredeman in Frânsk ferske en in tekening fan syn wapen achter. Henrick Jans yllustrearre syn wurden mei in lizzende liuw, miskien wol om Wybrand de Fryske haadstêd net ferjitte te litten. Mathijs Harings skreau dat er in ruter op it hynder achterliet, mar dy tekening ûntbrekt: it is ien fan de twaentweintich tekeningen dy’t ferdwûn binne. Net earder as om 1620 hinne kaam Wybrand werom nei hûs, dêr’t er de meast frege portretskilder fan syn tiid waard, mei de Fryske Nassaus as syn belangrykste klanten.

Sykje mei!

Slagget it ús om op syn minst ien fan de ûntbrekkende tekeningen werom te finen yn in samling of printekabinet yn Nederlân of op in oar plak yn de wrâld en tentoan te stellen? De nammen en hannen fan de keunstners binne bekend, de ôfmjittingen fan de lestich te mjitten blêden binne likernôch 148 x 192 mm en guon blêden drage it wettermerk fan in ‘narrenkap’. Sykje mei ús mei: alle tips binne wolkom! Mail nei m.stoter@friesmuseum.nl.

Nij lesmateriaal slavernijferline fan Fryslân beskikber

Dit jier is it 150 jier lyn dat Nederlân slavernij offisjeel ôfskafte. In soad Friezen assosjearje slavernij mei it westen fan Nederlân, mar dat kloppet net. Ek yn Fryslân binne nammentlik spoaren fan dizze pynlike skiednis te finen. Yn de kolleksjes fan Historisch Centrum Leeuwarden en Tresoar binne ferskate boarnen dy’t ús mear oer it Fryske slavernijferline fertelle. Fan 21 juny is op GeschiedenisLokaal Fryslân lesmateriaal by dy boarnen beskikber foar it basis- en fuortset ûnderwiis.

Slavernijferline fan Fryslân

It ôfskaffen fan de slavernij yn de Nederlânske koloanjes barde yn fazen. Yn 1814 waard de hannel yn slaven ferbean, yn 1860 de slavernij yn Nederlânsk-Ynje en yn 1863 de slavernij yn Suriname en it Karibysk gebiet. Mar echt frij wienen de ta slaaf makken net, want noch oant 1873 waarden se twongen om op de plantaazjes te wurkjen. Dit jier is it dus 150 jier lyn dat de slavernij yn Suriname en it Karibysk gebiet écht oer is.

Oant foar koart waard slavernij sjoen as in kwestje dêr’t Fryslân net folle mei te krijen hie, dat stêden as Amsterdam en Middelburg in gruttere rol spile hawwe yn it slavernijferline fan Nederlân. Mar ek yn ús provinsje fynst spoaren werom fan it slavernijferline. Gebouwen, monuminten en strjitnammen yn plakken as Ljouwert, Harns, Dokkum en Wolvegea, en argyfstikken en museale objekten yn ús argyfynstellingen en musea dogge tinken oan dit pynlike ferline.

Skilderij fan Fryske stedhâlders – te sjen yn it Stedhâlderlik Hôf Ljouwert (ôfbylding: Tresoar)

Slavernijferline tichter by Fryske learlingen

It is belangryk om de kennis en bewustwurding fan dit erfgoed yn ús direkte omjouwing te fergrutsjen. Dêrom hat it digitale boarneplatfoarm GeschiedenisLokaal Fryslân it inisjatyf nommen om – yn gearwurking mei NHL Stenden Hogeschool Ljouwert – it slavernijferline tichter by Fryske learlingen te bringen. Studinten fan de Pabo en de dosinte-oplieding Skiednis ûntwikkelen lessen, dêr’t learlingen ûndersyk yn dogge nei spoaren yn en histoaryske boarnen oer de omjouwing dêr’t se alle dagen yn rinne, fytse of scooterje.

Lansearring nij lesmateriaal

Al it nije lesmateriaal oer it Fryske slavernijferline wurdt woansdei 21 juny by in presintaasje lansearre en is dan beskikber foar alle ûnderwizers yn Fryslân. De presintaasje is yn Tresoar, fan 15.30 oant 17.30 oere. It programma begjint mei sprekkers oer it bewustwurden fan it slavernijferline yn Nederlân, Fryslân en it ûnderwiis. Ta beslút wurdt it nije lesmateriaal troch de studinten sjen litten.

Mear aktiviteiten by it ôfskaffen fan de slavernij binne te finen op de websiden fan Tresoar, Historisch Centrum Leeuwarden en Keramiekmuseum Princessehof.