Tresoar en Fries Museum wurkje gear by syktocht nei tekeningen Wybrand de Geest

Yn 2025 organisearret it Fries Museum in tentoanstelling oer Wybrand de Geest en syn twa soannen Julius en François. Syn album amicorum (freoneboek), dat yn besit fan Tresoar is, mei dêrby net ûntbrekke – mar it is net folslein. Der binne 22 tekeningen út it album skuord of snien. Foar dizze nije tentoanstelling sykje Tresoar en Fries Museum nei de sprekwurdlike spjelde yn in heaberch: slagget it om op syn minst ien fan de ûntbrekkende tekeningen werom te finen?

Op it earste gesicht is it in hiel gewoan boekje, it album amicorum fan Wybrand de Geest út 1611. Mar dit is net in ‘gewoan’ album amicorum, mar in keunstnersalbum, en dy binne safolle seldsumer as alba amicorum fan studinten. Yn Nederlân binne der mar in pear. Dêrom is it spitich dat safolle tekeningen út it album fan Wybrand de Geest misse. Wat noch wól yn it keunstnersalbum te sjen is, binne teksten yn ferskillende hânskriften en sa no en dan in tekening yn inket en ferve. De achterbleaune rântsjes papier ferriede dat sa’n 22 tekeningen ûntbrekke. Nei alle gedachten binne de tekeningen fan ûnder oare Wybrand syn broer Gilles de Geest út it album snien om’t se jild opsmieten. Sûnder har kontekst binne se miskien by samlers en yn museale kolleksjes kaam.

Statussymboal

In album amicorum (freoneboek) wie yn de 16de en 17de iuw foaral populêr by studinten dy’t foar har stúdzje ferskillende universiteiten oandienen. Yn elke universiteitsstêd fregen se har heechleararen, meistudinten en oare nijsgjirrige minsken wat by te dragen oan har album, lykas in motto, gedicht of sitaat. Adellike jonges keazen foar de foar de hân lizzende kombinaasje fan in tekene famyljewapen en har namme. Foarbylden dêrfan binne noch oanwêzich yn it album fan Wybrand de Geest, wierskynlik om’t dizze heraldyske tekeningen net oan de man brocht wurde koenen. Ymplisyt dokumintearren de studinten mei har album har reis lâns de Europeeske universiteiten en moetingen ûnderweis. Ien kear thús droegen de skriftlike bewizen dêrfan by oan it prestiizje fan it album én de besitter.

Bydrage út 1615 fan Wouter Crabeth, keunstskilder, mei in lyts rantsje fan de missende tekening.
Boarne: Tresoar

Reis nei Rome

De yn Ljouwert berne Wybrand Simonsz. de Geest gie begjin 17de iuw nei Utrecht, om dêr syn oplieding ta skilder ôf te meitsjen. Dêr moat er besletten hawwe om ta te jaan oan syn langstme om troch te reizgjen nei Rome. Elke keunstner mei wat ambysje moast yn dy tiid de antike wrâld mei eigen eagen sjoen hawwe. It duorre jierren foardat er fia Parys en Aix-en-Provence ek echt yn Rome arrivearre en troch syn album amicorum is bekend mei watfoar studinten en kollega-keunstners er ûnderweis omgie. Sa liet Gerrit Vredeman in Frânsk ferske en in tekening fan syn wapen achter. Henrick Jans yllustrearre syn wurden mei in lizzende liuw, miskien wol om Wybrand de Fryske haadstêd net ferjitte te litten. Mathijs Harings skreau dat er in ruter op it hynder achterliet, mar dy tekening ûntbrekt: it is ien fan de twaentweintich tekeningen dy’t ferdwûn binne. Net earder as om 1620 hinne kaam Wybrand werom nei hûs, dêr’t er de meast frege portretskilder fan syn tiid waard, mei de Fryske Nassaus as syn belangrykste klanten.

Sykje mei!

Slagget it ús om op syn minst ien fan de ûntbrekkende tekeningen werom te finen yn in samling of printekabinet yn Nederlân of op in oar plak yn de wrâld en tentoan te stellen? De nammen en hannen fan de keunstners binne bekend, de ôfmjittingen fan de lestich te mjitten blêden binne likernôch 148 x 192 mm en guon blêden drage it wettermerk fan in ‘narrenkap’. Sykje mei ús mei: alle tips binne wolkom! Mail nei m.stoter@friesmuseum.nl.

Nije websjop Taalplan Frysk 2030 fan hjoed ôf live foar al it Frysk lesmateriaal

Hjoed giet de nije websjop fan Taalplan Frysk 2030 live. Op www.websjop.taalplan.frl is fan no ôf al it materiaal foar it Frysk ûnderwiis beskikber: om it Frysk sichtber te meitsjen, it Frysk lêzen te befoarderjen, it fak Frysk stal te jaan of krekt it plak fan it Frysk by oare fakken te fersterkjen.

Yn de websjop binne boeken, lesmateriaal en promoasjemateriaal te keap foar skoallen yn alle ûnderwiissektoaren en op alle nivo’s. Alex de Jager, direkteur fan de Afûk: “Mei dizze websjop fan Taalplan Frysk 2030 ha wy no, yn gearwurking mei de oare partijen fan Taalplan, foar it ûnderwiis yn Fryslân ien plak ûntwikkele dêr’t ienfâldich al it materiaal besteld wurde kin. De fysike winkel fan de Afûk is fansels ek altyd beskikber om it materiaal yn te sjen en te ûntdekken.”

Subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’

De websjop giet live op de datum dat ek de subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’ foar it Frysk ûnderwiis iepensteld wurdt. Mei dy regeling, ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030, wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk. Sa kinne de kosten foar les- en lêsmateriaal foar de Fryske taal foar 80% subsidiearre wurde. Foar skoallen is it dêrby ideaal dat sy njonken dy regeling no ienfâldich al it Fryske ûnderwiismateriaal fan ferskate útjouwerijen, taal- en ûnderwiisynstellingen op ien plak bestelle kinne: websjop.taalplan.frl.

Ymplemintaasje fan it lesmateriaal, begelieding by it gebrûk en kursussen en workshops wurde ek fersoarge troch de ferskillende partners fan Taalplan Frysk 2030.

Foto: Afûk

Gearwurking

Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan de taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de provinsje Fryslân. Mei it projekt wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.