Noch in pear dagen en dan kinne wy stimme foar de Europeeske ferkiezings op 6 juny. Op de kandidatelisten stean ek in oantal Fryske kandidaten. Trije kandidaten op kânsrike plakken, listlûker Anja Haga fan de ChristenUnie, om Raquel García Hermida-Van Der Walle fan D66 (#2) en Sjoerd Wijnsma fan it CDA (#5), gongen op tongersdei 23 maaie yn Kafee de Gouden Leeuw yn petear mei petearlieder Onno Falkena en fansels it oanwêzige publyk. Wat wolle sy foar Fryslân berikke yn de EU? En sjogge se ek kânsen om de posysje fan minderheidstalen te fersterkjen? De jûn waard organisearre op 23 maaie troch it EBLT yn gearwurking mei it Mercator Europeesk Kennissintrum.
Minderheidstalen op de aginda
De Fryske kandidaat-Europarlemintariërs Anja Haga (CU), Raquel Garcia Hermida-van der Walle (D66) en Sjoerd Wijnsma (CDA) wolle harren alle trije yn Brussel ynspanne foar it Frysk en oare minderheidstalen. As it oan harren leit krije minderheidstalen in fêst plak op de Europeeske aginda en as it heal kin ek in eigen begruttingspost. Ek soe it makliker wurde moatte foar lytse organisaasjes en ek foar lytsere talen om jild oan te freegjen foar projekten. Dat is no in toer, omdat projekten yn lytse talen konkurrearje moatte mei oanfragen foar projekten yn grutte steatstalen.
Mar ferskillen tusken de kandidaten binne der ek. Wylst Wijnsma pleitet foar in ‘realistyske green deal’ mei helbere doelen foar boeren en mobiliteit, wolle Haga en Garcia Hermida-van der Walle fol faasje foarút mei it Europeeske belied op it mêd fan bioferskaat en klimaat. It EBLT helle de trije gadingmakkers nei kafee De Gouden Liuw yn Ljouwert foar in goed petear oer it Frysk, lânbou, mobiliteit en polarisaasje. Op dizze moeting yn in goed besocht kafee koe ek it publyk frijút fragen stelle oan de trije kandidaten.
Europeeske ferkiezings
Op 6 juny binne de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint. Nederlân kin dy dei kieze foar 31 Europarlemintariërs, dy’t foar fiif jier in sit hawwe sille. Stimburo’s binne tongersdei 6 juny iepen tusken 7:30 en 21:00 oere.
Op 6 juny organisearret Lingotell in ynspiraasjesesje foar boppeboulearlingen fan it fuortset ûnderwiis, studinten, dosinten en oare belangstellenden. Dy middeis wurdt yn Tresoar it ferhaal de Wylde Boerinne op ‘e nij ferteld. Dat wurdt dien mei presintaasjes en workshops fan Froukje Sijtsma (Ferhalemakker), Annalies Outhuijse (Makker fan histoaryske escaperooms), Ypy Zysling (Regisseur) en Douwe Kootstra (Folksferhalekenner).
Wylde boerinne
It ferhaal fan ‘De wylde boerinne’ is no, in iuw sûnt de útjefte, noch hieltyd aktueel. Wa tinkt net gelyk oan De Rijdende Rechter by twa buorlju dy’t bakkelje oer in stik grûn? Mar yn Holtrops ferhaal rint de kwestje wol hiel heech op. De buorlju, de boerinne út de titel, en de boer njonken har, dogge der alles oan om de grutste boer te wurden. Uteinlik kostet it harren alles. Ferskillende ferhalemakkers ha der troch de tiid al mei te set west, lykas in harkspulmakker, in striptekener, in regisseur, en der is sels in audiotoer fan. Wat makket dat dit ferhaal noch hieltyd oansprekt, en hoesa is it wichtich dat dizze ferhalen ferteld wurde bliuwe? Hokfoar keuzes wurde makke by it omfoarmjen fan it oarspronklike ferhaal?
Lingotell is in ynnovatyf, op minsken rjochte en foarútstribjend projekt, dat rjochte is op in echte feroaring yn hoe’t ferhalen beheard en wurdearre wurde. Dat wurdt dien út it prinsipe wei dat ferhalen ûnderdiel binne fan ús kultureel erfguod. Troch it fertellen fan in ferhaal yn eigen taal fersterket net allinne de Europeeske minderheidstaal , mar ek ús takomst as ûnderdiel fan Europa.
Lingotell ferkent hoe’t autochtoane en minderheidstalen ferterke wurde kinne troch de keunst fan it neifertellen. Dêrfoar wurde ferhalen op ‘e nij ûntwerpe en op ‘e nij definiearre. Dy ferhalen binne rjochten it Frysk, Súdsamysk en de Romatalen. It projekt hat as doel dy minderheidstalen te fersterkjen en ek it kultureel erfguod fan de mienskippen te beskermjen.
Learlingen nei Donostia, Baskelân, foar nije artikels oer belangrike Fryske, Baskyske en Ierske froulju
Ferline wike wienen acht learlingen fan de Havotop yn Burgum op útwikseling yn Baskelân yn it ramt fan it projekt WikiWomen. WikiWomen is in gearwurking fan Fryske, Ierske en Baskyske organisaasjes om lesmateriaal te ûntwikkeljen foar it fuortset ûnderwiis, wêryn’t learlingen digitale -, skriuw- en ûndersyksfeardichheden opdogge troch Wikipedy-artikels te skriuwen.
gender gap
Oanlieding ta it projekt is de gender gap op Wikipedy (Wikipedia): yn de Wikipedy’s yn de measte talen giet sa’n 80 prosint fan de biografyen oer manlju, en mar sa’n 20 prosint oer froulju. Om dat gat te tichtsjen, mar ek om mear artikels yn de minderheidstaal op Wikipedy te krijen, skriuwe learlingen op middelbere skoallen artikels foar op Wikipedy. Tagelyk dogge se dêrmei digitale -, skriuw- en ûndersyksfeardichheden op.
lesmateriaal
De dosinten en learlingen fan it Drachtster Lyceum en de Havotop yn Burgum helpe mei om de lesmaterialen te testen by it ûntwikkeljen derfan. Dat bart ûnder oaren op sa’n útwikseling lykas ferline wike. Sintraal op dy útwikseling stienen de artikels dy’t de learlingen sels al skreaun hienen, bygelyks oer Wyts Juwsma of Linda Terpstra, mar ek it skriuwen fan nije artikels oer Baskyske Wikipedy-weardige froulju.
Dêrfoar gie de groep Fryske, Ierske en Baskyske learlingen nei de tentoanstelling Larruak eta izurrak ta, mei moderne keunst makke troch froulike Baskyske keunstners. Dêrnei wurken alle learlingen mei-inoar gear om oer dy keunstners nije Wikipedy-artikels te skriuwen: yn it Ingelsk, Frysk, Iersk én Baskysk. Neist it wurkjen mei Wikipedy en it skriuwen fan nije artikels, smiet de útwikseling nóch wat weardefols op: it opdwaan fan ynterkulturele kompetinsjes. Sa hawwe se leard oer inoars lânskip, muzyk, iten en gewoanten op ferskate útstapkes. Yn de omgong mei learlingen út oare kultueren kamen se pas echt tsjin wat harren kultuer eigen makket.
foto: Afûk
Yn novimber komme de Baskyske en Ierske learlingen nei Fryslân ta om it projekt mei-inoar ôf te sluten. It (les)materiaal dat it WikiWomen-projekt opsmyt, sil ein dit jier foar alle skoallen yn Fryslân beskikber wêze troch de Fryske lesmetoade Searje 36 en fia www.wikiwomen.eu.
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, Afûk en it European Centre for Minority Issues (ECMI) yn it Dútske Flensburg sille in grutskalich ûndersyk yn Fryslân útfiere nei taaloerdracht binnen jonge gesinnen. De Provinsje Fryslân hat in subsydzje takend oan it projekt ‘The intergenerational transmission of West Frisian: promoting multilingual child-rearing and supporting (future) parents’, dat twa jierren yn beslach nimme sil.
taaloerdracht
Taaloerdracht is belangryk foar it fuortbestean fan in taal. De persoanlike hâlding dy’t minsken oannimme oangeande de (minderheids)taal spilet dêrby in wichtige rol. Ruth Kircher (ECMI), Jelske Dijkstra (Mercator/ Fryske Akademy), Mirjam Vellinga (Afûk) en Suzanne Dekker (Mercator/ Fryske Akademy) sille harren dêrom de kommende twa jierren dwaande hâlde mei ûndersyk nei de taalhâlding fan (takomstige) âlden oangeande it Frysk en it meartalich opgroeien. Dêrút folgjend sil in taalkampagne opstart wurde.
foto: pixabay
It ûndersyk rjochtet him op minsken mei in bernewinsk, takomstige âlden dy’t in poppe ferwachtsje en op âlden dy’t jonge bern ha. Mei it projekt wurdt mei fragelisten yn kaart brocht fan hokfoar ynformaasjeboarnen âlden ferlet hawwe as sy mear witte wolle oer it opbringen fan harren bern mei it Frysk en op hokfoar mominten sy dy ynformaasje ûntfange wolle. De data sille fierder ek ynsjoch jaan yn de motivaasje fan âlden om it Frysk wol of net oer te dragen oan harren bern en liede ta oanrekommandaasjes foar beliedsmakkers. Haadûndersiker Ruth Kircher hat ûnderfining mei ferlykber ûndersyk yn de Frânsk-Ingelske provinsje Quebec yn Kanada. Kircher sil it ûndersyk liede en tagelyk inselde ûndersyk útfiere yn Noard-Fryslân yn Dútslân. Sa kinne beide situaasjes mei-inoar ferlike wurde en der fan inoar leard wurde.
gearwurking
Kircher, Dijkstra, Dekker en Vellinga sille yn alle fazen fan it projekt nau mei inoar gearwurkje, mar it ECMI sil it ûndersyksûntwerp liede. It Mercator Kennissintrum en de Afûk binne ferantwurdlik foar de datasamling. Mercator hat de supervyzje oer de analyze en it rapport. De Afûk liedt dêrnei de bewustwurdingskampanje foar (takomstige) âlden, op basis fan de ûndersyksresultaten. Dêrneist wurde der materialen ûntwikkele foar profesjonals dy’t wurkje mei jonge bern en (takomstige) âlden, lykas ferloskundigen, logopedisten en bernedokters, om harren kennis en bewustwurding oer meartaligens en it Frysk te fergrutsjen.
Oer Mercator
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje oer regionale en minderheidstalen yn Europa. It Mercator Kennissintrum is ûnderdiel fan it wittenskiplik ûndersyksynstitút Fryske Akademy, dat dit jier 85-jier bestiet.
Oer Afûk
Afûk is de promoasje-organisaasje foar de Fryske taal en kultuer en hat sadwaande in ferskaat oan taken op it mêd fan ûnderwiis en taalpromoasje yn en oer it Frysk. Afûk fersoarget taalkursussen en Frysktalige learmiddels, mar jout ek boeken en tydskriften út, ûntwikkelet taal- en bewustwurdingskampanjes en is partner yn ynternasjonale minderheidstaalprojekten.
Oer European Centre for Minority Issues (ECMI)
It ECMI yn Flensburg is binnen Europa in renomearre ynstitút foar de beskerming en fersterking fan de posysje fan minderheden. It is in ûnôfhinklik en ynterdissiplinêr ûndersykssintrum, dat yn 1996 oprjochte waard troch de regearen fan Denemarken, Dútslân en Sleeswyk-Holstein.
Taheakjen Papiamentu op Bonêre oan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen is in histoaryske stap
It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) is der wiis mei dat minister Hanke Bruins Slot fan Bûtenlânske Saken it Papiamentu op Bonêre oanmeld hat by de Ried fan Europa yn Straatsburch as beskerme taal neffens haadstik III fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen. It is foar it earst sûnt 1997 dat Nederlân in ‘nije’ taal oan it ferdrach taheakke hat. It Papiamentu en it Frysk binne no tegearre de iennichste minderheidstalen fan Nederlân mei beskerming ûnder haadstik III. De oare erkende talen ̶ it Nedersaksysk, Limboarchsk, Jiddysk en de talen fan Sinti en Roma ̶ hawwe in ‘lichtere’ beskerming neffens haadstik II, sûnder ferplichtings foar bygelyks it brûken fan de talen by oerheid of de rjochtbank .
Paad nei erkenning
It ynskriuwen fan it Papiamentu yn it ferdrach lit sjen dat it Europeesk Hânfêst gjin statysk dokumint is, mar in dokumint dat je feroarje en oanpasse kinne oan de 21ste iuw en ek oan it ferlet fan de sprekkers fan de minderheidstalen. It EBLT is sûnt 2014 aktyf belutsen by de striid fan de Papiamentu-sprekkers op Bonêre en yn Nederlân foar in bettere beskerming fan harren taal. Papiamentu-organisaasje SPLIKA is sûnt 2014 in warber en wurdearre lid fan it EBLT en ek de Fundashon Akademia Papiamentu fan Bonêre brocht troch de jierren hinne ferskate wurkbesites oan Fryslân om harren fierder te ferdjipjen yn de mooglikheden en de wurking fan it Hânfêst.
It Hânfêst kaam foar Bonêre yn byld doe’t it eilân yn 2010 in Nederlânske gemeente (‘openbaar lichaam’) waard. It troch Nederlân ûndertekene en ratifisearre Hânfêst waard neffens de Ried fan Europa dêrtroch ek fan tapassing op de trije BES-eilannen. Nederlân hat no foar it Papiamintsk kêsten ratifisearre op it mêd fan ûnderwiis, rjochtsferkear, iepenbier bestjoer en iepenbiere tsjinsten, media, kulturele aktiviteiten en ekonomysk en sosjaal libben.
Maatregels
Troch de ûndertekening fan it Hânfest wurdt Den Haach no, mei de selsstannige lannen Aruba en Curaçao, ferantwurdlik foar de beskerming en befoardering fan it Papiamintsk. De ratifikaasje betsjut dat de situaasje fan it Papiamintsk om de fiif jier hifke wurdt troch in ûnôfhinklike kommisje fan saakkundigen en dat organisaasjes fan Papiamentu-sprekkers harren fyzje en winsken ynbringe kinne by de Ried fan Europa.
Nederlân sil no ûnder oare maatregels nimme moatte om it Papiamintsk mear romte te jaan yn it ûnderwiis. It tal lesoeren yn it primêr ûnderwiis yn it Papiamintsk is op oantrunen fan it ministearje fan O.C. en W. werombrocht sûnt Bonêre in iepenbier lichaam fan Nederlân is. Troch it ûndertekenjen fan it Hânfêst ûntstiet der in nije situaasje. Nederlân is no ferplichte primêr ûnderwiis yn it Papiamintsk te bieden. Dat betsjut dat dêr ek learmiddels, meiwurkers en jild foar útlutsen wurde moat.
Fan inoar leare
Mei it Papiamintsk as twadde taal ûnder haadstik III lizze der ek mooglikheden foar Fryslân en Bonêre om op te arbeidzjen en om fan inoar te learen. Guon saken binne yn Fryslân better regele, lykas it beropstoaniel yn eigen taal, mar Fryslân kin wer fan Bonêre leare wêr’t it giet om it plak fan de minderheidstaal op de rjochtbank. Papiamentu-sprekkers hawwe it rjocht om prosedueres folslein yn eigen taal te fieren, wylst Friezen al bliid wêze meie as it harren slagget om de eigen taal prate te kinnen.
Wurkje mei it Europeeske Hânfêst foar regionale talen en minderheidstalen is in saak fan de lange azem, mar kin ek tige weardefol wêze. Hieltiid kritysker rapportaazjes fan de Ried fan Europa hawwe der mei ta laat dat de KNAW okkerdeis advisearre om sa gau mooglik wer in selsstannige universitêre stúdzjerjochting Frysk te begjinnen. It Hânfêst bewekket in ûndergrins en wol tagelikertiid minderheden en de Ryksoerheid stimulearje om yn oparbeidzjen de minderheidstalen te ûntwikkeljen en te befoarderjen.
Lokwinsk
It EBLT wol SPLIKA, de Fundashon Akademia Papiamentu en de Papiamentu-taalmienskip fan herte lokwinskje en ek sukses winskje by de realisaasje fan alle ôfspraken út it Hânfêst. It lidmaatskip fan SPLIKA en de noflike kontakten mei Bonêre hawwe it wurk fan it EBLT in ekstra diminsje jûn. It EBLT sjocht út nei it ferdjipjen fan de gearwurking yn dizze fase en seit dêrom jitris pabien!
Het EBLT feliciteert SPLIKA en de Fundashon Akademia Papiamentu met erkenning Papiamentu
toevoeging Papiamentu op Bonaire aan het Europees Handvest voor regionale en minderheidstalen is een historische stap
Het Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) is er blij mee dat minister Hanke Bruins Slot van Buitenlandse Zaken het Papiamentu op Bonaire heeft aangemeld bij de Raad van Europa. Het is voor het eerst sinds 1997 dat Nederland een ‘nieuwe’ taal aan het verdrag heeft toegevoegd. Het Papiamentu en het Fries zijn nu samen de enige minderheidstalen van Nederland met bescherming onder hoofdstuk III. De andere erkende talen ̶ het Nedersaksisch, Limburgs, Jiddisch en de talen van Sinti en Roma ̶ hebben een `lichtere’ bescherming volgens hoofdstuk II, zonder verplichtingen voor bijvoorbeeld het gebruik van de talen bij overheid of de rechtbank.
Weg naar erkenning
Het inschrijven van het Papiamentu in het verdrag laat zien dat het Europees Handvest geen statisch document is, maar een document dat je kunt veranderen en aanpassen aan de 21ste eeuw en ook aan de behoeften van de sprekers van de minderheidstalen. Het EBLT is sinds 2014 actief betrokken bij de strijd van Papiamentu-sprekers op Bonaire en in Nederland voor een betere bescherming van hun taal. Papiamentu-organisatie SPLIKA is sinds 2014 een actief en gewaardeerd lid van het EBLT en ook de Fundashon Akademia Papiamentu van Bonaire gebracht door de jaren heen verschillende werkbezoeken aan Fryslân om zich verder te verdiepen in de mogelijkheden en de werking van het Handvest.
Het Handvest kwam voor Bonaire in beeld toen het eiland in 2010 een Nederlandse gemeente (`openbaar lichaam’) werd. Het door Nederland ondertekende en geratificeerde Handvest werd volgens de Raad van Europa hierdoor ook van toepassing op de drie BES-eilanden. Nederland heeft nu voor het Papiaments artikelen geratificeerd op het gebied van onderwijs, rechtsverkeer, openbaar bestuur en openbare diensten, media, culturele activiteiten en economisch en sociaal leven.
Maatregelen
Door de ondertekening van het Handvest wordt Den Haag nu, met de zelfstandige landen Aruba en Curaçao, verantwoordelijk voor de bescherming en bevordering van het Papiaments. De ratificatie betekent dat de situatie van het Papiaments elke vijf jaar wordt getoetst door een onafhankelijke commissie fan experts en dat organisaties van Papiamentu-sprekers hun visie en wensen in kunnen brengen bij de Raad van Europa.
Nederland zal nu onder andere maatregelen moeten nemen om het Papiaments meer ruimte te geven in het onderwijs. Het aantal lesuren in het primair onderwijs in het Papiaments is op aandringen van het ministerie van O.C. en W. teruggebracht sinds Bonaire een openbaar lichaam van Nederland is. Door het ondertekenen van het Handvest ontstaat er een nieuwe situatie. Nederland is nu verplicht primair onderwijs in het Papiaments te bieden. Dat betekent dat daar ook leermiddelen, medewerkers en geld voor moet worden uitgetrokken.
Van elkaar leren
Met het Papiaments als tweede taal onder hoofdstuk III liggen er ook mogelijkheden voor Fryslân en Bonaire om samen te werken en van elkaar te leren. Sommige zaken zijn in Fryslân beter geregeld, zoals het beroepstoneel in eigen taal, maar Fryslân kan weer van Bonaire leren als het gaat om de plek van de minderheidstaal op de rechtbank. Papiamentu-sprekers hebben het recht om procedures volledig in eigen taal te voeren, terwijl Friezen al blij mogen zijn als het hen lukt om de eigen taal te kunnen spreken.
Werken met het Europese Handvest voor regionale talen en minderheidstalen is een zaak van de lange adem, maar kan ook erg waardevol zijn. Steeds kritischere rapportages van de Raad van Europa hebben er mede toe geleid dat de KNAW onlangs adviseerde om zo snel mogelijk weer een zelfstandige universitaire studierichting Fries te beginnen. Het Handvest waakt over een ondergrens en wil tegelijkertijd minderheden en de Rijksoverheid stimuleren om in samenwerking de minderheidstalen te ontwikkelen en te bevorderen.
Felicitaties
Het EBLT wil SPLIKA , de Fundashon Akademia Papiamentu en de Papiamentu-taalgemeenschap van harte feliciteren en ook succes wensen bij de realisatie van alle afspraken uit het Handvest. Het lidmaatschap van SPLIKA en de aangename contacten met Bonaire hebben het werk van het EBLT een extra dimensie gegeven. Het EBLT kijkt uit naar het verdiepen van de samenwerking in deze fase en zegt daarom nogmaals pabien!
Relato di prensa skirbí pa Elsmarie Beukenboom – presidente di Fundashion Akademia Papiamentu
Despues di diessinku aña ku Boneiru a pidi gobièrnu hulandes pa pone papiamentu di Boneiru aplikabel den e Karta Oropeo di idioma regional òf idioma di minoria, dia 22 di yanüari 2024 por fin a kumpli ku e petishon ei.
Ku un moshon di 22 di desèmber 2009 Konseho Insular di Boneiru ta pidi gobièrnu hulandes pa pone papiamentu di Boneiru aplikabel den e Karta Oropeo di idioma regional òf idioma di minoria.
Despues di diessinku aña di negosashon intensivo hibá pa Fudashon Akademia Papiamentu i SPLIKA di Hulanda a logra ku awor, meskos ku fris di Hulanda, papiamentu tambe ta den Karta Europeo di idioma regional òf idioma di minoria riba lista di Konseho di Oropa.
For di awor Den Haag ta koresponsabel pa protekshon i promoshon di papiamentu i e tambe por traha maneho pa nos idioma.
Kada sinku aña, gobernashon hulandes tin ku informá Konseho di Oropa kiko nan a hasi pa promové i protehá papiamentu. NGOnan lokal tambe por tene ekspertonan di Konseho di Oropa na altura kon segun nan e proseso ta baiendo.
A kompremeté ku diferente punto tin i kada un tin su karga.
Por ehèmpel edukashon. Hulanda ta kompremeté di hasi posibel pa ofresé edukashon primario na papiamentu.
Hulanda ta komprometé ku lo pone rekurso finansiero disponibel pa personal i material edukativo.
Tambe e Karta ta garantisá ku lo bin edukashon tokante historia i kultura di Boneiru na nos skolnan primario.
Hulanda a firma ku e lo garantisá ku den korte wes, riba petishon di un di e partidonan, lo hiba e huisio na papiamentu.
Tambe Hulanda lo oponé aktivamente kontra práktikanan unda ta deskurashá uso di papiamentu den gremio sosial i ekonómiko.
Ku rekonesementu di papiamentu bou di Parti III di Karta Oropeo di idioma regional òf idioma di minoria a keda demostrá ku trabou duru i konsistente i trahando huntu ku gobièrnu di Boneiru i su ámtenarnan riba un meta komún ta duna fruta.
Direktiva di Fundashon Akademia Papiamentu ta felisitá pueblo di Boneiru ku e logro akí. Danki na SPLIKA di Hulanda pa nan apoyo durante tur e añanan i tambe na Europeesk Büro voor Lytse Talen pa a sostené nos.
Papiamentu beschermd als minderheidstaal
Persbericht geschreven door Elsmarie Beukenboom – voorzitter van Fundashion Akademia Papiamentu
In een Motie van 22 december 2009 riep de Eilandsraad van Bonaire de Nederlandse regering op om het Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden voor het Papiaments op Bonaire toepasselijk te verklaren. We zijn nu 15 jaar verder.
Na een intensief onderhandelen hebben Akademia Papiamentu en SPLIKA dit doel weten te verwezenlijken. Op 22 januari 2024 is bij het Secretariaat-Generaal van de Raad van Europa een brief van de Nederlandse Minister van Buitenlandse Zaken binnen gekomen waarin het Koninkrijk der Nederlanden verklaart het Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden van toepassing te maken voor het Papiamentu op Bonaire.
Door de ondertekening van het Handvest wordt ‘Den Haag’ mede verantwoordelijk voor de bescherming en bevordering van het Papiaments. Elke vijf jaar zal de Nederlandse regering verantwoording moeten afleggen aan de Raad van Europa over de effectiviteit van de maatregelen om de taal te bevorderen en beschermen. De lokale NGO’s kunnen bij de experts van de Raad van Europa ook hun visie op de voortgang van dit proces neerleggen.
Nederland zal nu maatregelen moeten nemen die in het mogelijk maken om primair onderwijs te bieden in het Papiaments. Het Handvest maakt ook duidelijk dat dit geen vrijblijvende opgave is. Wanneer een staat zich ertoe verbindt te garanderen dat een regionale taal of taal van een minderheid wordt onderwezen, moet zij ervoor zorgen dat de noodzakelijke middelen beschikbaar zijn in termen van financiën, personeel en onderwijsmiddelen (zo stelt het explainatory report). Ook zal er vanuit Den Haag beleid moeten komen om onderwijs in de geschiedenis en cultuur van Bonaire te waarborgen.
In strafrechtelijke, civiele en administratieve procedures heeft Nederland nu onderschreven te garanderen dat de rechters, op verzoek van een van de partijen, de procedure te voeren in het Papiaments.
Ook zal Nederland zich actief moeten verzetten tegen praktijken gericht op ontmoediging van het gebruik van een regionale taal of taal van een minderheid in verband met economische of sociale activiteiten.
Met de erkenning van het Papiaments onder deel III is duidelijk geworden dat het taalbeleid in Nederland geen beklonken zaak is, maar dat door gezamenlijk optrekken van non-gouvernementele organisaties, wetenschappers en lokale overheden, vernieuwing en verbetering van de positie van regionale talen bewerkstelligd kan worden.
Wij feliciteren de bevolking van Bonaire en de bestuursleden van Stichting Akademia Papiamentu. Aan stichting SPLIKA, gevestigd in Nederland, een woord van dank. Samen hadden wij opgetrokken om dit te realiseren. Ook een woord van dank voor het Europeesk Büro voor Lytse Talen voor hun steun.
It Mercator Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen yn Ljouwert, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, hat op ’e nij in Europeeske subsydzje takend krigen. Mei dizze stipe út it Erasmus+ programma foar ûnderwiis & training, jeugd en sport, sil Mercator it projekt Read with MEE koördinearje, dat as doel hat om lêsfeardigens by jonge meartalige bern te stimulearjen en lykweardige edukative kânsen te befoarderjen. It projekt wurdt útfierd yn oparbeidzjen mei partners út Fryslân (NHL Stenden Hegeskoalle en 8D Games), Ierlân, België en Spanje.
Read with Multilingual Early Education (Read with MEE)
Oan ’e ein fan desimber set it Europeeske projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) útein. Read with MEE wol de belangrike lêsfeardigens by jonge meartalige bern (tusken de 2 en 6 jier âld) stimulearje en lykweardige edukative kânsen kreëarje. De klam fan it projekt leit by bern dy’t in nasjonale, regionale, migrante- of flechtlingeminderheidstaal prate. Dêrby kin yn Fryslân bygelyks tocht wurde oan Fryske, Biltske, Turkske of Oekraynske bern.
It projekt hat as doel om a) kennis te fergrutsjen oer in ynklusive ûntwikkeling fan meartalige lêsfeardigens, b) ymplemintaasje en ynklúzje fan meartalige lêsfeardigens op foarskoalsk ûnderwiis en thús te stypjen, en c) in positive hâlding te ûntwikkeljen wat taalferskaat en thústalen oangiet.
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen sil dit nije Erasmus+ projekt koördinearje. Partners yn it projekt binne ATiT (België), NHL Stenden Hegeskoalle (Ljouwert), 8D Games (Ljouwert), Trinity College Dublin (Ierlân) en Universidad del País Vasco (Spanje).
Read with MEE wurdt stipe troch de Europeeske Uny mei in bedrach fan €400.000,-.
foto: Pixabay
Oer Mercator en de Fryske Akademy
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje oer regionale en minderheidstalen yn Europa. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa.
De Fryske Akademy docht, dielt en fasilitearret wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. De fokus leit dêrby op taal en meartaligens, skiednis en erfgoed, de minske en syn omjouwing en de ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren; it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf. Fan septimber 2023 oant septimber 2024 fiert de Fryske Akademy it 85-jierrich jubileum.
Ien fan de nije linen fan it Noordelijk Film Festival, dit jier fan 8 oant en mei 12 novimber yn Ljouwert, is ‘Memmetaal ’. Dit is in programmaline mei films út saneamde lytse taalgebieten.
It Frysk ferstiet it grutste part fan de besikers fan it Noordelijk Film Festival wol. Mar hoe sit dat mei it Baskysk, Samysk, Nauvhal, Kannada of Marathi? De memmetaal is in wichtige utering fan in kulturele identiteit. De line past dêrom goed yn it oerkoepeljende tema ‘Thús’, dat keazen is foar de 43e edysje fan it filmfestival.
Y Sŵn mei ynlieding EBLT
Op freed, 10 novimber, om 19:30 oere presintearret it EBLT yn Slieker Film de filmfoarstelling fan Y Sŵn, mei in ynlieding fan Onno Falkena, riejouwer by it EBLT en sjoernalist. De film is troch it EBLT selektearre foar it Memmetaal-programma.
Oer de film
It is 1979, it Feriene Keninkryk wurdt oanstjoerd troch Margaret Thatcher. Mar net elkenien is like wiis mei har politike besluten – foaral de minsken út Wales net. Har tasizzing om nei de ferkiezingen in Welsk televyzjekanaal op te rjochtsjen, moat nammentlik noch wol neikommen wurde. Wannear ‘t Thatcher dizze belofte nei moannen weromdraait, wurdt der flink protestearre yn Wales. Pplitikus Gwynfor Evans giet dêrby yn hongerstaking oant Thatcher weromkomt op har belofte. Getten yn in frisse en humoristyske foarmjout Y Sŵn in krityske blik wer op dy striid.
trailer fan Y Sŵn
Films yn ’e minderheidstaal
Al hast tsien jier presintearret it EBLT op de Ynternasjonale Memmetaaldei in dokumintêre of film yn/oer in minderheidstaal yn de mande mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film. Boppedat freget it EBLT oandacht foar de stipe fan produksje fan films yn ’e minderheidstaal, eat dat hieltyd faker op ’e aginda komt yn ’e Noardlike provinsjes. Rûnom yn Europa wurde der hieltyd mear films yn minderheidstalen makke en it nivo wurdt hieltyd better. Benammen Samyske, Baskyske, Welske en Ierske films lûke de oandacht, wat ek in reden wie dat de Iersktalige Oscar-nominaasje ‘An Cailín Ciúin’ (The Quiet Girl) te sjen wie mei de lêste Ynternasjonale Memmetaaldei.
Paneldiskusje
Njonken ferskate fertoaningen op it wite doek lykasY Sŵn, is der op tongersdeitemoarn yn Neushoorn yn Ljouwert in paneldiskusje mei filmmakkers, beliedsmakkers en oare ynteressearren. Sintrale fraach: wêr bliuwe de Fryske, Grinzer en Drintske films? En op hokker wize kinne dy bydrage oan de ekonomy yn de regio? Ynternasjonale sprekkers út ferskate lytse taalgebieten diele harren ûnderfinings.
Ek wurde de resultaten dield út it ûndersyksrapport ‘Hollywood aan de Wadden’ dat yn opdracht fan de provinsje Fryslân útfierd is. Dit ûndersyk lit sjen wat films yn de ‘memmetaal’ opsmite en hoe ’t de Fryske en Noardlike oerheden de regionale film in stimulâns jaan kinne. Deputearre Sijbe knol is oanwêzich om it rapport yn ûntfangst te nimmen.
Tagong ta it panelpetear is fergees, in kaartsje reservearje is wol needsaaklik. Dat kin fia de webside fan it Noordelijk Film Festival. Op de site stiet ek it folsleine programma, mei dêryn de films yn de line ‘ Memmetaal ’.
Lisa Harms (26) heeft met haar ontroerende liedje ‘Tot De Zun Uutgiet’ het Drèents Liedtiesfestival van Stichting REUR gewonnen. Daarmee plaatst ze zich ook meteen voor het Regio Songfestival in Utrecht als afvaardiging van de provincie Drenthe en ze mag naar Italië om daar het Nedersaksisch te vertegenwoordigen op het Europees Songfestival voor Minderheidstalen dat plaatsvindt op het SUNS Europe Festival.
“Dit is een liedje die wil je heel vaak voor de eerste keer wil horen, het is betoverend mooi”.
Jurylid Iris Kroes
Persoonlijk nummer
Lisa over haar winnende lied: Het nummer ‘Tot De Zun Uutgiet’, is een heel persoonlijk nummer. “Het gaat (voor mij) over mijn vader. Hij is plotseling overleden toen ik tien jaar was. Dit was een donkere periode in mijn leven maar het gaat nu weer stukken beter gelukkig. Ik heb het een plekje kunnen geven, maar vergeten doe je het nooit. In het liedje zit de zin “Het mooie an joe missen, is da’k je nooit vergeet” en dat vat denk ik alles samen. Ik hoop dat iedereen die iemand mist, zich kan vinden in dit bijzondere liedje en er kracht uit kan halen”.
“Ik kwam in contact met Roy Keuter. We hebben nummers uitgewisseld en daarna ben ik bij hem thuis geweest. Daar heb ik Roy mijn levensverhaal verteld. Daarna zijn Roy, Dennis Hendriks en ik gaan schrijven en een paar uur later stond ‘Tot De Zun Uutgiet’ op papier. Vervolgens haakte ook Rowdy Prins aan en zijn we de studio ingedoken. Daar gebeurde iets magisch. De melodie van het liedje was er vrijwel meteen en ‘Tot De Zun Uutgiet’ was geboren. Toen ik de demo aan mijn moeder lied horen moest ze huilen”, aldus Lisa.
De kracht van het lied zit in de breekbare stem en oprechte emotie die Lisa in het nummer legt. De trompetsolo, die Lisa zelf speelt, maakt het nummer bovendien bijzonder en uniek. “Ik speel mijn hele leven al trompet en dus we wisten meteen dat dit instrument onderdeel zou worden van het nummer”.
single en videoclip
9 juni komt de single officieel uit. En als kers op de taart zal eveneens de videoclip die Lisa heeft gewonnen uitkomen. Deze wordt eind juni verwacht te verschijnen.
Zang: Lisa Harms
Tekst: Roy keuter, Dennis Hendriks, Rowdy Prins
Muziek: Roy Keuter, Dennis Hendriks, Rowdy Prins
Foto: Crissa Michelle Photography Hoes ontwerp: William Bossong
Drèents Liedtiesfestival
Het Drèents Liedtiesfestival wordt organiseerd deur de Stichting REUR. Dit songfestival zörgt der veur dat der een brieder anbod komp van neie Drèentstaolige kwaliteitsmeziek.
Stichting REUR mak zuch stark veur de Drèentstaolige meziekcultuur in de bredte en brengt daormet de ansluting tot staand van het Nedersaksisch en Drèents bij aandere (inter-)nationale minderheidstaolen.