Kommissaris fan de Kening nimt boek Pieter Duijff yn ûntfangst út hannen fan learlingen Frysk

Moandei 12 desimber 2022, middeis om 12.30 oere is de presintaasje fan it boek: Der dy namma fan heten is – it komôf fan plaknammen, skreaun troch Pieter Duijff. It earste eksimplaar sil oanbean wurde oan de Kommissaris fan de Kening yn Fryslân, drs. A.A.M. Brok yn it Ljouwerter Lyseum fan OSG Piter Jelles. Learlingen fan de Talint Akademy Frysk fan OVO Fryslân-Noord sille it earste eksimplaar oan de Kommissaris jaan.

“In macht oan plaknammen”

Yn Fryslân tilt it op fan doarpen, en der binne ek noch alve stêden. Efter de namme fan elk fan dy delsettingen sit in ferhaal. Wêrom hawwe de minsken harren wenplak neamd sa’t it hyt? Mei kennis fan it Frysk en oare talen troch de iuwen hinne, kin dochs fan gâns fan dy nammen wol aardich wat fan it komôf sein wurde. Yn dit boek wurde yn goed fjouwerhûndert koarte haadstikjes de nammen fan alle offisjele Fryske delsettingen beskreaun.

Fryske Akademymeiwurker Pieter Duijff, de auteur van it boek, is ek as dosint Frysk oan de Talint Akademy van OVO Fryslân-Noord ferbûn. Hy hat ek jierrenlang lesjûn by ûnder mear de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk fan NHL Stenden yn Ljouwert en Grins, de Fakulteit fan de Geasteswittenskippen fan de Universiteit fan Amsterdam en de Afûk yn Ljouwert. Hy fûn it wichtich dat dit boek der komme moast: “minsken wolle gewoan graach witte wêr’t de namme fan harren wenplak weikomt.”

De Talint Akademy

De skoallen fan OSG Piter Jelles en RSG Simon Vestdijk (ûnderdiel fan OVO Fryslân-Noord) hawwe de Talint Akademy as ûnderdiel fan it lesoanbod. Binnen de Talint Akademy biede sy as skoallen mei-inoar fakken oan, sadat learlingen dochs kieze kinne, ek as in fak net op ien fan de skoallen oanbean wurdt. Njonken Frysk binne ûnder oaren ek Sineesk, Wiskunde D en Spaansk fakken dy’t oanbean wurde yn de Talint Akademy.

Gegevens oer it boek

Der dy namma fan heten is – it komôf fan plaknammen, skreaun troch Pieter Duijff:
Utjouwerij Bornmeer
Fryske Akademy nûmer 1135
ISBN 978 90 5615 994 8
NUR 524

Priis € 22,50; 432 bledsiden