Bettere beleanning foar Fryske skriuwers! Effektivere promoasje fan boeken yn it Frysk

It Skriuwersboun hat ferline hjerst in kommisje ynsteld dy’t har dwaande hâlden hat mei de fraach: hoe komme wy ta in bettere beleanning fan Fryske skriuwers. Dy kommisje hat in einrapportaazje presintearre mei in tal útstellen, dy’t it Skriuwersbounbestjoer oernommen hat. It giet om In tal konkrete en praktyske maatregels, dy’t relatyf ienfâldich te realisearjen binne.

Presintaasje 7 april

De presintaasje hjirfan fynt plak op tongersdeitejûn, 7 april, om 19:30 oere, yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert.

Belanghawwerrs

Foar de realisaasje fan dizze plannen is meiwurking nedich fan

  • de leden fan it Skriuwersboun
  • de redaksjes fan (diels) Frysktalige tydskriften
  • de omrop
  • organisaasjes dy’t literêre eveneminten organisearje
  • de provinsjale en regionale kranten
  • útjouwers
  • biblioteken
  • Tresoar
  • ‘Boeken fan Fryslân’
  • de provinsje Fryslân
  • minsken dy’t graach Frysk lêze meie.

Alle boppesteande persoanen en organisaasjes binne op 7 april wolkom.
It plan wurdt dan presintearre en der leit in brosjuere klear dêr’t de útstellen yn beskreaun en taljochte wurde.



Tentoanstelling Vierspanning yn paviljoen Obe

Ekspressyf, kleurryk en besiele mei in ûnbidige ferbylding – dat tekenet it wurk fan Horst Dijkstra, Anne Feddema, Henk Krist en Eddy Sikma. Oant en mei 27 febrewaris 2022 presintearjret Tresoar yn gearwurking mei Museum Belvédère Vierspanning: in eksposysje mei in greep út resint wurk fan de fjouwer Fryske skilders. De tentoanstelling is te sjen yn Obe, it paviljoen foar Fryske kultuer, ûnderdiel fan Tresoar.

Fiering fan in jubileum

De tentoanstelling Vierspanning fiert it jubileum (25 + 1) fan de gearwurking fan de keunstners. De earste mienskiplike eksposysje fan de fjouwer skilders yn 1995 hie de iroanyske titel ‘Een kwart Christus in zicht’. Sûnt foarmen se by gelegenheden in keunstnersgroep, in soarte fan ‘vierspan’. Yn de ôfrûne desennia gienen alle skilders, eigensinnich en dwers, har eigen figurative wegen. Hoewol’t se har eigen kleuretaal ûntwikkele hawwe, is der ek in dúdlik ferbân te sjen: har kleurrike wurk wurdt dreaun troch in ûnbedimme ferbylding.
 

Unike dûbeleksposysje

Vierspanning is in unike, ynterdissiplinêre dûbeleksposysje. Letter yn 2022 toant ek Museum Belvédère wurk fan de keunstners. De eksposysjes toane foaral resint wurk fan it bysûndere fjouwerspan. Yn de tentoanstellingen binne de krêft en de spanning fan kleurgebrûk sichtber yn de keunstwerken dêr’t letterlike en figuerlike lânskippen, persoanlike ferhalen, humor, irony en dreambylden sintraal yn stean.

Katalogus

De tentoanstelling is ferrike mei in byhearrende katalogus dêr’t de keunstwurken yn te bewûnderjen binne. Fotografe Tryntsje Nauta makke foar dizze katalogus foto’s fan de wurken en fjouwer yntrigearjende portretten fan de skilders. Oer elke keunstner binne koarte artikels skreaun en by inkelde skilderijen binne frije literêre reaksjes te lêzen yn de foarm fan poëzy en proaza. Dy bydragen binne skrean troch jong talint en mear fêstige (lokale) skriuwers. It foarwurd is skreaun troch Bert Looper en de ynlieding troch Anna Tilroe.

Mear ynformaasje

Benijd wurden nei de ferbyldingskrêft fan it Fryske fjouwerspan? Dan bisto fan herte útnûge dy ûnder te dompeljen yn kleure-eksploazjes fan it wurk fan Horst Dijkstra, Anne Feddema, Henk Krist en Eddy Sikma. Sjoch hjir foar de aktuele iepeningstiden fan Obe.

Tresoar en Literatuurmuseum wurkje gear oan lansearring auteursportaal

Frysk letterkundich en histoarysk sintrum Tresoar en it Literatuurmuseum yn Den Haag binne mei de Koninklijke Bibliotheek en oare organisaasjes mei biblioteekkolleksjes in gearwurking oangien om Nederlânsk literêr erfgoed oan elkoar te ferbinen. Dy gearwurking hyt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken.’ In auteursportaal dêr’t alle ynformaasje oer ien skriuwer yn te finen is, tsjinnet as praktyske tapassing fan it ‘verbonden erfgoed’.

It wurk fan de yn Fryslân berne skriuwer Theun de Vries (1907-2005), dy’t in ûnbidich grut literêr oeuvre skreaun hat, tsjinnet as pilot foar it auteursportaal. Ynformaasje oer in auteur is faak net op ien plak te finen. Sa bewarret it Literatuurmuseum brieven en manuskripten fan Theun de Vries en Tresoar boeken, foto’s en artikels. Ynformaasje oer syn publikaasjes is te finen by de Koninklijke Bibliotheek en it NIOD Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies bewarret in fersetsberjocht.

It online auteursportaal Theun de Vries moat in ein meitsje oan de oerlaap oan biografyske en bibliografyske ynformaasje en bringt de belangrykste boarnen by elkoar yn in oersichtlik gehiel. It portaal wurdt op sa’n wize makke dat it ek brûkt wurde kin foar ynformaasje oer oare auteurs. Ein 2022 komt it portaal online.

Nij oan dit portaal is dat gebrûk makke wurdt fan Linked Open Data (LOD). LOD is de standert wize om gegevens sa online op it web te publisearjen dat se (wer)brûkber binne. It kin dan gean om digitale of digitalisearre materialen lykas tekst, ôfbyldingen of audiofisueel materiaal, mar ek ynformaasje oer materialen: de metadata. De data wurdt op sa’n wize oanbean dat der folle makliker, en sels automatysk, ferbining lein wurde kin mei oare data. Dêrtroch wurdt de data riker en nuttiger foar de brûker. De ynformaasje giet net ferlern as in webside opheft wurdt.


In resintlik takende subsydzje fan Stichting Pica makket it mooglik it projekt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken’ út te fieren en dêrmei it auteursportaal te realisearjen. It projekt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken’ rint oant en mei maart 2023.

Ferdinand de Jong skriuwt Frysk Kadoboek 2022

Skriuwer Ferdinand de Jong (Oranjewâld, 1969) skriuwt it Frysk Kadoboek 2022. Yn 2010 ferskynde fan him syn earste roman ‘Guozzeflecht’. Twa jier letter krige hy de Rink van der Velde priis foar syn roman ‘It dak fan ’e wrâld’. Syn lêste roman ‘De tredde perioade’ (2018) is ek yn it Nederlânsk ferskynd.

Ferdinand de Jong: “It is fansels prachtich as je frege wurde om it Kadoboek te skriuwen. It foardiel fan in Kadoboek is dat lêzers ek ris wurk fan in skriuwer ûnder eagen krije dêr’t se oars net daliks in boek fan keapje as lêze soenen. De útdaging is dan fansels om in boek te skriuwen dat krekt dy lêzers ferliedt om mear fan jo wurk te lêzen.”

Ferdinand de Jong, foto: Jacob van Essen

Fryske Boekewike yn oktober 2022

It Kadoboek wurdt presintearre op freed 28 oktober 2022 mei it Frysk Boekefeest, dat spesjaal op fersyk fan de Kadoboek-skriuwer diskear yn Oranjewâld plakfine sil.
De Fryske Boekewike set takom jier útein mei it Boekefeest yn Oranjewâld op freedtejûn 28 oktober. It Kadoboek is dêrnei de hiele Boekewike fan 29 oktober o/m 6 novimber fergees te krijen by oankeap fan in boek. It Kadoboek fan 2022 wurdt útjûn in gearwurking mei útjouwerij Bornmeer.

Ilja Leonard Pfeijffer yn it Frysk

It nasjonale Boekenweekgeschenk wurdt yn 2022 skreaun troch Ilja Leonard Pfeijffer. De Fryske oersetting wurdt makke toch Jetske Bilker. Yn de nasjonale Boekenweek, 5 o/m 13 maart takom jier, is de Fryske oersetting fergees te krijen by oankeap fan in Frysk boek.
It Kadoboek en de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk binne beide in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en projekten fan Boeken fan Fryslân op de fernijde webside: www.boekenfanfryslân.frl.

Optredens Tsead Bruinja, Anne Feddema, Willem Schoorstra, Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp op Frankfurter Buchmesse

 

frankfurter-buchmesse-2016

 

 

Fryslân is dit jier op de Frankfurter Buchmesse fertsjintwurdige mei in eigen stand. Op it ynternasjonale poadium, dêr’t Nederlân as gastlân fan de Buchmesse har presintearret, sille fjouwer Fryske optredens te sjen wêze.

Dichter Tsead Bruinja lêst in seleksje foar út syn Frysktalige  oeuvre, mear yn it bysûnder út Stofzuigerzangers/Stofsûgersjongers, in útjefte yn gearwurking mei keunstneres Mirka Farabegoli en saksofoaniste Femke IJlstra. Willem Schoorstra bringt yn Redbad kronyk fan in kening in heidenske kening út de sânde iuw ta libben. Anne Feddema lêst in ferhaal foar út de yn Berlyn skreaune ferhalebondel De triennen fan Cheetah. Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga en fideokeunstner Lotte Middendorp litte in tal koarte fideogedichten sjen, ûnderdiel fan it eksperiminteel en digitaal literêre projekt It Font (www.itfont.nl) wêryn’t poëzy, byldzjende keunst, foardracht en muzyk op sterk sintúchlike manier mei elkoar ferweve binne.  Regisseur Tatiana Pratley presintearret it gehiel. Continue reading “Optredens Tsead Bruinja, Anne Feddema, Willem Schoorstra, Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp op Frankfurter Buchmesse”