Fryslân is dit jier op de Frankfurter Buchmesse fertsjintwurdige mei in eigen stand. Op it ynternasjonale poadium, dêr’t Nederlân as gastlân fan de Buchmesse har presintearret, sille fjouwer Fryske optredens te sjen wêze.
Dichter Tsead Bruinja lêst in seleksje foar út syn Frysktalige oeuvre, mear yn it bysûnder út Stofzuigerzangers/Stofsûgersjongers, in útjefte yn gearwurking mei keunstneres Mirka Farabegoli en saksofoaniste Femke IJlstra. Willem Schoorstra bringt yn Redbad kronyk fan in kening in heidenske kening út de sânde iuw ta libben. Anne Feddema lêst in ferhaal foar út de yn Berlyn skreaune ferhalebondel De triennen fan Cheetah. Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga en fideokeunstner Lotte Middendorp litte in tal koarte fideogedichten sjen, ûnderdiel fan it eksperiminteel en digitaal literêre projekt It Font (www.itfont.nl) wêryn’t poëzy, byldzjende keunst, foardracht en muzyk op sterk sintúchlike manier mei elkoar ferweve binne. Regisseur Tatiana Pratley presintearret it gehiel.
Titels
Yn de Fryske stand sille ûnder oare de tsien Fryske titels dy’t yn gearwurking tusken de Fryske útjouwers en it Letterenfonds keazen binne, ûnder de oandacht fan Nederlânske en bûtenlânske útjouwers brocht wurde. Guon boeken binne al yn it Nederlânsk en/of yn it Ingelsk oerset.
De folgjende titels binne selektearre: Tsead Bruinja – Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers, Anne Feddema – De triennen fan Cheetah, Josse de Haan – Piksjitten op Snyp, Hanneke de Jong – Salsafamke, Aggie van der Meer – De achttjin, Tiny Mulder – Tin iis, Theunis Piersma – Sweltsjes fan Gaast, Willem Schoorstra – Redbad, Hylke Speerstra – De treastfûgel, Froon Akker – Einum.
Twadde kear
Hjirmei wurdt foar de twadde kear in brosjuere mei tsien Fryske titels gearstald foar bûtenlânske útjouwers. Yn 2013 stelde yntendant Alpita de Jong in earste brosjuere gear. Ut namme fan de Fryske útjouwers sille Ernst Bruinsma (Afûk) en Jitske Kingma (Elikser) oanwêzich wêze. Tjallien Kalsbeek soarget foar ûndersteuning en logistyk.