De ynterfryske Friezemoeting op Helgolân 2025

Fan 23 oant 25 maaie waard de trije-jierlikse Frieze-moeting 2025 op Helgolân holden, mei fertsjintwurdigers út Fryslân (plus West-Fryslân yn Noard-Hollân), Noard-Fryslân en Ostfriesland (plus it Sealterlân). Nei it wolkomswurd fan boargemaster Thorsten Pollmann, it flagge-hisen en in boattocht op freedtemiddei folge dy jûns in feestlik programma yn ‘e Nordseehalle mei de pleatslike folksdûnsgroep, sjongster Christiane Bodenhagen en shanty-koar de “Helgoländer Karkfinken”.

Foto: Fryske Rie

Sneontemoarn stiene ferskate workshops op it programma. Han Nijdam (Fryske Akademy) fertelde oer wierheid en optinksel om kening Redbad hinne. Henk Wolf joech in ynlieding oer de ferskillende farianten fan it Frysk en (alwer) Han Nijdam lei (yn ‘e mande mei Alfred Plantinga) syn plannen oer in toeristyske “Straße der Friesen” út. Wilens waard op it skoalplein in koarte kursus folksdûnsjen jûn.

Dy middeis waard ek redendield oer de fraach “ha wy ferlet fan in ynterfrysk kultuerparlemint?”. Trije politisy út likefolle regio’s namen oan it petear diel. De Westerlauwers-Fryske deputearre Eke Folkerts wie ien fan dy trije. It is by ús witten de earste kear dat in Fryske deputearre in rol spile hat by de Friezemoeting op deät Lun.
Dy jûns wie der wer muzyk: “Noctiluca” út Helgolân, Sabine Hermann út Ostfriesland, de Haluner Songers út Helgolân en “Kaspar” (Wiebe Kaspers en Richard Riemersma) út Westerlauwersk Fryslân.

De snein iepene mei in ynterfryske tsjerketsjinst en optredens fan dûnsgroepen. Dat lêste fûn yn it riehûs plak, tsjin de gewoante yn, fanwegen it suterige reinwetterwaar fan dat momint. Mar oer it algemien skynde de sinne oer it lytse heechsee-eilân, yn letterlike en figuerlike sin.

De organisaasje wikselet om ‘e trije jier fan seksjes fan de Fryske Rie en yn 2025wie de organisaasje yn hannen fan de Fräiske Räid (Sektion East). Oer trije jier sil de Friezemoeting troch de Friezen fan ús provinsje op priemmen set wurde.

Sjoch foar in langer ferslach hjir.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *