EBLT: sân kearnpunten foar de minderheidstalen yn Nerderlân foar de Twadde Keamerferkiezings

It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) is in koepelorganisaasje dy’t har sûnt 1984 ynset foar de promoasje en beskerming fan autochtoane minderheidstalen yn Nederlân. It EBLT hat mear as tweintich lidorganisaasjes, dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamintsk.

Mei it each op de Twadde Keamerferkiezings fan oktober 2025, hat it EBLT yn july in brief ferstjoerd nei dielnimmende politike partijen, mei sân kearnpunten foar de minderheidstalen Frysk, Papiamintsk, Nedersaksysk en Limboarchsk dy’t partijen opnimme kinne yn harren ferkiezingsprogramma’s.

Sân kearnpunten

  1. Friezen moatte altiten Frysk prate kinne by de rjochtbank Noard-Nederlân en it gerjochtshôf Ljouwert-Arnhim, lykas wetlik fêstlein sûnt 1956[1]. It Frysk is gjin útlânske, mar in lânseigen taal. De finansiering fan de offisjele gerjochtstolken Frysk wurde apart regele en falle net langer ûnder de oanbestegingsproseduere foar tolken fan útlânske talen.
  2. Kultuersubsydzjes wurde lykweardich en rjochtfeardich oer alle provinsjes ferdield. In earmerke part fan de filmsubsydzjes komt te’n goede oan produksjes yn ’e erkende minderheidstalen[2] fan it Frysk, Limboarchsk, Nedersaksysk en Papiamintsk.
  3. Der komt in strukturele dialooch tusken regearing en parlemint mei de fertsjintwurdigers fan de sprekkers fan de regionale of minderheidstalen. Dat soe kinne yn ’e foarm fan in Minderhedesektetariaat, lykas dat yn Dútslân funksjonearret.
  4. Fersterkje it ûnderwiis fan en yn it Frysk op alle ûnderwiisnivo’s. Op alle middelbere skoallen hawwe learlingen de mooglikheid om it Frysk te kiezen as eineksamenfak. As dat nedich is, foarsjocht de oerheid yn ekstra finansiering.
  5. De partij set yn op fierdere ûntwikkeling en fersterking fan meartalich ûnderwiis mei dêryn romte foar it Frysk, Nedersaksysk, Limboarchsk en Papiamintsk, yn oerienstimming mei de ambysjes dy’t yn ’e regio libje.
  6. It Frysk en Papiamintsk binne offisjele talen en foarmje mei it Nederlânsk de rykstalen. De partij set yn op in bettere sichtberens fan it Frysk as twadde rykstaal, ûnder mear op treinstasjons en ferkearsbuorden. Bekendmakkingen fan ’e (Ryks)oerheid foar it algemiene publyk binne struktureel sawol yn it Nederlânsk as it Frysk beskikber.
  7. De posysje boargje fan organisaasjes dy’t de pylders fan ’e Fryske taal en kultuer foarmje, lykas Omrop Fryslân, Tryater, de Fryske Akademy, Afûk en Tresoar. 

[1] Hjoed-de-dei: Wet gebruik Friese taal (2013)

[2] Erkende (minderheids- of regionale) talen yn Nederlân binne: Frysk, Papiamintsk, Nederlânkse Gebeartetaal, Nedersaksysk, Limboarchsk, Jiddysk en de talen fan ’e Roma en Sinti.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *