Tryater makket al sechtich jier toansettend, benammen Frysktalich teäter. Oprjochte yn septimber 1965, fiert Tryater yn 2025 in bysûnder jubileum.
Jubileumboek
Yn septimber ferskynt fia útjouwerij Afûk in tsjok en kleurryk boek fol ynterviews, bysûndere artikels, argyfmateriaal, prachtige foto’s en mear as hûndert oantinkens fan útienrinnende minsken, fan akteur oant besiker en fan politikus oant fuotbaltrainer, dy’t ea Tryater yn harren libbens foarbykommen seagen.

- Tryater spilet is fan septimber 2025 ôf te keap
- Te keap by foarstellingen en te bestellen fia de websjop fan de Afûk
- Priis: € 35
Twa minuten foar oanfang
Yn septimber en oktober spilet Twa minuten foar oanfang, in aventoerlike audiorûte troch de holle fan akteur Joop Wittermans en lâns de backstage fan de Fryske skouboargen en it eigen gebou. Dit erfaringsteäter nimt it publyk by wize fan nijmoadrige jubileumfoarstelling mei yn sechtich jier teäter meitsjen en toant de twifels en wissichheden fan in prominint akteur út ‘e stâl fan Tryater, wylst personaazjes fan hjoed en juster ûnderweis opdûke.

Mei te meitsjen by Tryater yn Ljouwert, Theater Sneek, Posthuis Theater Heerenveen, De Lawei Drachten, De Harmonie Leeuwarden en De Koornbeurs Frjentsjer.
Fan 12 septimber oant en mei 19 oktober op freed – en sneontejûn en sneintemiddei.
Anwar en de wolf
Yn ‘e krystfakânsje spilet Tryater yn ‘e eigen teäterseal de suksesfoarstelling Anwar en de wolf, foar de hiele famylje en mei gebrûk fan Nederlânsk, Frysk en Arabysk oanfolle mei sfearfolle byldprojeksjes geskikt foar eltsenien, wat eftergrûn of ôfkomst ek is.
De foarstelling oer flechtling Anwar dy’t in wolf moetet en him fan syn roppigens ôfliedt troch te fertellen oer syn reis troch Europa, bringt skoallen troch hiel Fryslân yn beweging en is yn desimber foar elk te sjen.
- Yn de Krystfakânsje fan 20 o/m 30 desimber 2025 te sjen by Tryater yn eigen hûs en op 15 maart 2026 yn Theater Sneek
- foar elkenien fan 8 oant 108 jier
- Tagongsprizen:
- € 14,50 (regulier),
- €13,- (Freonen fan Tryater),
- € 9,50 (Jong o/m 12jr)
- Nederlânske en Ingelske ûndertiteling beskikber fia smart glasses

Ienakterfestival
Yn maart 2026 is by Tryater it Ienakterfestival, dêr’t amateurselskippen út Fryslân spesjaal troch profesjonals skreaune teäterteksten spylje yn it monumintale skoalgebou dêr’t Tryater yn Ljouwert fêstige is.
Swimbad
Yn maaie-juny 2026 slút Tryater it folle jubileumseizoen ôf mei in unyk gefal lokaasjeteäter dêr’t it selskip de lêste jierren foar stiet. Fertroude akteurs, nije gesichten, lokale figuranten yn it swimbad, yn in ferhaal oer feroarjende tiden en lichems, it kommen en gean fan generaasjes mei it swimbad as spylfjild en metafoar.

Swimbad, mei ûnder mear aktrise Joke Tjalsma, wurdt spile yn en om it iepenloftswimbad fan Bakkefean.
Slingers & sichtberens
Tuskentroch hinget Tryater de slingers ek sa no en dan op oare manieren op, oft dat no op social media, yn eigen gebou of op oare plakken is. Dat Tryater bliid is om nei sa’n skoft noch hieltyd in glânsrol yn it Fryske lânskip spylje te kinnen, giet yn alle gefallen it oankommend jier net samar foarby.
Sterke achterban
Tryater kin wurkje mei de bêste regisseurs, skriuwers, akteurs en oare fakminsken út Fryslân en dêrbûten. De organisaasje hat in fêste kearn meiwurkers yn tsjinst en is by steat fier foarút te sjen en allegeduerigen te wurkjen oan bysûndere foarstellingen en in ferskaat programma. In grut tal trouwe besikers draacht hjir oan by mar ek is Tryater optein mei de enoarme groep Freonen fan Tryater, dy’t it selskip mei in beskieden jierliks bedrach stypje en dêr in magazine, koarting én no en dan in ynformative en smûke Freonejûn foar werom krije