Rûnetafelpetear oer de BFTK yn Den Haach

Dizze tongersdei, op 12 oktober, is der tusken 14:00 en 18:00 oere yn Den Haach in rûnetafelpetear oer de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Meardere lidorganisaasjes fan it EBLT hawwe sprektiid en teffens in position paper yntsjinne.

foto: pixabay

Programma

Der binne fjouwer blokken fan elk in oere, mei de ûnderwerpen:

Kultuer, Wittenskip en Media

  • H. Rijpstra, Omrop Fryslân
  • J. J. Hoebe, Screen Talent Europe
  • M. Hospers, Explore the North
  • N. IJssennagger-Van der Pluijm, Fryske Akademy

Rjochtspraak

  • F. Dijkstra, rjochtbanktolk
  • A.R. Van der Winkel, Rechtbank Noord-Nederland
  • J. Koster, DINGtiid
  • B.G. Kooi, Kooi Advocaten

Underwiis

  • A. Merkuur, Fryske taal en kultuer Rijksuniversiteit Groningen
  • A. Wallinga, Drachtster Lyceum
  • A. P. Walsweer, lectoraat Meertaligheid & Geletterdheid NHL Stenden
  • H. Van der Molen, Firda
  • S. De Boer, Sintrum Frysktalige Berne-opfang

Bestjoer

  • A. Brok, Kommissaris fan de Kening profinsje Fryslân
  • R. De Groot, Komitee fan Eksperts fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en talen fan minderheden
  • G. Benedictus, Steatekomitee Frysk
  • A.J. Soepboer, wethâlder Noardeast-Fryslân

Dielnimmers

Twadde Keamerleden dy’t dielnimme:  

  • E.A. Haverkort (VVD)
  • H. Bevers (VVD)
  • R.H. (Romke) de Jong (D66)
  • T.C. (Tjeerd) de Groot (D66)
  • H.M. Palland (CDA)
  • J.P. Kwint (SP)
  • H.E. de Hoop (PvdA)
  • C.A.M. van der Plas (BBB)

Mear ynformaasje

Alle dokuminten (ynklusyf position papers), it folsleine programma en mear ynformaasje is te finen op: https://www.tweedekamer.nl/debat_en_vergadering/commissievergaderingen/details?id=2023A06021

It is in iepenbiere gearsit yn Den Haach, mar it is ek mooglik om it petear live te folgjen.Dat kin mei de livestream fan de Thorbeckezaal:  https://www.tweedekamer.nl/vergaderingen/livedebat/thorbeckezaal

“Reaksje DINGtiid: De nije BFTK bringt Frysk op koers nei 2030”

De rûte nei 2030

Op 30 novimber ha Ryk en Provinsje Fryslân yn Ljouwert de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) foar de perioade 2019-2023 ûndertekene. Neffens syn wetlike taak hat DINGtiid beide oerheden advisearre by it tastânkommen dêrfan. No’t de BFTK tekene is, reagearret DINGtiid op it einprodukt.

Continue reading ““Reaksje DINGtiid: De nije BFTK bringt Frysk op koers nei 2030””

Undertekening fan it nije Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer

It EBLT wie ôfrûne freed oanwêzich by de ûndertekening fan it nije Bestjoersakkoart Fryske Taal en kultuer troch minister Ollongren, kommissaris Brok en taalskipper Poepjes. Foar in wiidweidige analyze fan alle 55 siden is it noch te betiid. It EBLT is wiis mei de foarútgong, mar hat ek noch wol in pear winsken en suggestjes.

Lês fierder op Omrop Fryslân: Minister: “Fryske taal net allinnich in rjocht, mar it moat gewoan wêze”