Fan 17 oant 19 septimber hat yn Brussel it ynternasjonale dichtersbarren Transpoesie plak. It tema dit jier is “Where voices meet”, mei oandacht foar taal, romte en poëtyske wjerstân troch en yn oersettingen.
Dit jier sil Fryslân fertsjintwurdige wurde troch dichter Geart Tigchelaar. Geart Tigchelaar (1987) is hikke en tein yn Damwâld, mar wennet no yn ’e Greidhoeke. Nei tsien jier lang as oersetter en korrektor wurke te hawwen, hat er hjoed-de-dei in baan yn it miljeukundige wurkfjild. Tusken de bedriuwen troch besiket er tiid frij te meitsjen om te wurkjen oan mear aktivistyskere poëzy en syn tredde en foarearst lêste roman.

Tigchelaar is debutearre as dichter mei leech hert yn nij jek (Hispel, 2016) dêr’t er yn 2017 de Tammingapriis foar takend krigen hat. Syn lêste bondel is Oer de streek (Hispel, 2023) dy’t er skreaun hat doe’t er streekdichter fan Noardeast-Fryslân wie. Foar syn roman Om (Afûk, 2021) is er nominearre foar de Rink van der Velde-priis en foar de oersetting fan Erik of it lyts ynsekteboek (Regaad, 2015 ) hat er yn 2016 de Obe Postmapriis wûn.
Yn syn perioade as streekdichter fan Noardeast-Fryslân (2021-2023) hat Tigchelaar sawol yn opdracht as út himsels ferskate protestfersen skreaun. Sadwaande hat er leard dat it skriuwen fan mear aktivistyske poëzy him goed leit omt er dêryn syn argewaasje oer de wrâld ta utering bringe kin. Net allinnich dat, mar ek om sa in stim te jaan oan it ûnrjocht dat rûnom plak hat.
Wa’t hinne wol om him te sjen en te hearren, dat kin fansels! It programma is no noch net bekend, mar sille wy sa gau mooglik diele op ús website.
De dielname fan Geart Tigchelaar oan Transpoesie 2026 wurdt yn alle gefallen mei mooglik makke troch It Skriuwersbûn, dichterskollektyf Rixt, de Douwe Kalmastifting en it Jan Roelof Geertsmafûns.