De (nasjonale) boekewike is in feest foar jong en âld, want der is in boek foar elkenien. Mei it tema ‘Myn generaasje’ rôlet it CPNB de reade loper út foar elke generaasje. De boekewike 2026 giet oer boeken, ferhalen en taal dy’t sjen litte hoe’t generaasjes foarme wurde.
Ofsto no in boomer bist of zoomer, millennial, alfa of X: dyn generaasje is foaral in gefoel. Oer wa oftsto bist en by wa oftsto hearst. Dat generaasjegefoel groeit ast as tiener dyn eigen plakje sikest, yn ‘e wrâld en yn ‘e tiid. En reizget mei dy nei dyn pensjoen mei. Untdek it allegear yn dyn boekhannel.
Fansels is der de hiele perioade it tradysjonel boekewikegeskink by besteging fan € 17,50 ôf oan boeken. Dit jier is dat Piaggio fan nimmen minder as Hendrik Groen, ek yn in prachtige Fryske oersetting!
It Nasjonale Boekewikegeskink ferskynt ek dit jier wer yn it Frysk. De Fryske oersetting fan ‘De krater’ is makke troch Jetske Bilker. De kommende Boekewike is de 90e edysje. Foar dizze ekstra feestlike -en ekstra lange – wike lansearre de CPNB in wedstriid foar skriuwers. It winnende manuskript fan Gerwin van der Werf waard úteinlik keazen as Boekewikegeskink foar de Nasjonale Boekewike 2025.
Skriuwer Gerwin van der Werf oer it ferskinen fan it Boekwikegeskink yn it Frysk: “Ik ben heel trots! Dit is geweldig leuk voor de hele familie Van der Werf, afkomstig uit Veenwouden en Leeuwarden, en oorspronkelijk uit Sneek!”
De Nasjonale Boekewike wurdt dit jier holden fan 12 o/m 23 maart. By oanskaf fan € 15,- oan boeken by jo boekhannel krije jo yn de Nasjonale Boekewike it Boekewikegeskink – yn it Nederlânsk óf yn it Frysk − der fergees by.
Boeken fan Fryslân is dé organisaasje foar de promoasje fan it Fryske boek. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek. Sjoch op de webside fan Boeken fan Fryslân foar mear ynformaasje oer projekten en aktiviteiten fan Boeken fan Fryslân.
Yn de Nationale Boekenweek (12-23 maart) komt skriuwer Durk van der Ploeg op sneon 22 maart moarns nei de Afûk winkel ta. Hy sil fertelle oer syn boeken, op fersyk foarlêze en syn wurk sinjearje. Ek is der romte om fragen te stellen. Tresoar-direkteur Arjen Dijkstra sil de moarn oan inoar prate.
Kom op sneon 22 maart yn ’e kunde mei de skriuwer en syn oeuvre. Durk van der Ploeg (Hoogkarspel, 1930) is ien fan de produktyfste Fryske skriuwers. Hy debutearre yn 1952 en skreau tal fan romans, ferhalen, gedichten en essay’s. Dêrfoar waard him yn 2011 de Gysbert Japicxpriis takend. Ek wûn er yn totaal 21 kear in Rely Jorritsmapriis.
Programma sneon 22 maart 10:30 oere – ynrin en kofje mei wat lekkers 11:00 oere – fraachpetear mei Durk 12:00 oere – sinjearje en boekferkeap 12:30 oere – ein programma Frije ynrin, oanmelde is net nedich.
Spesjaal foar de Boekenweek is de Afûk winkel dizze sneon de hiele dei iepen, fan 10:30 oant 17:00 oere!