Sawol it Noardfrysk as it Liwwadders klinke op 21 febrewaris – de Ynternasjonale Memmetaaldei – yn Slieker Film, Ljouwert. Dy deis is de fertoaning fan de Noardfryske film Amrum mei in yntroduksje fan frisist Henk Wolfenoanslutend klinkt it startskot foar in taal- en keunstprojekt foar de promoasje fan it Liwwadders mei de presintaasje fan trije Liwwadder spesjaalbierkes fan Brouwerij Grutte Pier, dyโt ynspirearre binne op it boek Ik rรบk al aardech naar de skep fan Ezra Efdรฉ.
Mei Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris stean taaldiversiteit, memmetalen en meartaligens jierliks yn it sintsje. It is de tolfde kear dat it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (รปnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film – dit jier fersterke mei it Noordelijk Film Festival – op dy bysรปndere dei films oer en mei taalminderheden presintearje.

Amrum
Op it รดfhandige Dรบtske waadeilรขn Amrum is yn de lรชste wiken fan de oarloch yn april 1945 oan alles gebrek. De tolfjierrige Nanning moat as โman fan it hรปsโ alles op alles sette om syn mem dyโt hast befalle sil, broerke, suske en syn muoike fan iten te foarsjen. Nettsjinsteande it lijen fielt it libben op it prachtige, winige eilรขn hast as in paradys. Mar as de frede lang om let oanbrekt, wrakselet Nanning mei de nazi-oertsjรปgingen fan syn รขlden, en de tsjinstanners op it eilรขn.

Amrum (reg. Fatih Akin) is in coming-of-age ferhaal dat bot yndruk makket. Aktrise Diane Kruger spilet yn de film dyโt ynspirearre is op de autobiografyske roman Amrum fan Hark Bohm.
It Noardfrysk is ien fan de Fryske talen en wurdt praat yn it noarden fan Dรบtslรขn, sawol op it fรชstelรขn as op waadeilannen lykas Amrum. De film wurdt yntrodusearre troch Henk Wolf, taalkundige, frisist en hjoed-de-dei warber as wittenskiplik meiwurker foar it Sealterfrysk by de Oldenburgische Landschaft.
Liwwadder spesjaalbier en startpunt taal- en keunstprojekt
De lansearing fan dry ferskillende Liwwadder spesjaalbieren, brouwd in samenwerking met bierbrouwerij Grutte Pier, is ut startpunt fan un taal- en keunstprojekt foar de promoasy fan ut Liwwadders. Cambuur-trainer Henk de Jong, wethouwer Hein Kuiken en direkteur fan ut Historisch Centrum Leeuwarden (HCL) Meindert Seffinga, sille de earste eksemplaren in ontfangst nimme fan inisiatyfnimmer Ezra Efdรฉ. De Liwwadder band Trio Ossekop, met Johan Juckers fan ut fรฒrmaleche Irish Stew, fersรฒrgt de mรบzyk, met Liwwadder klassikers (o.a. โOudste stapper fan โe stadโ).
De namen fan โe spesjaalbieren binne baseard op spreekwoarden รบt ut yllustrearde spreekwoardeboek Ik rรบk al aardech naar de skep (2024), fan un skrifke รบt 1998 waar oma Aartje Feikje (Attie) Efdรฉ-van der Wal Liwwadder spreekwoarden en gesegden fastlรชgde. Remco Efdรฉ, yllustrator fan disse รบtgave, het nou oek de etiketten fan โe bieren ontworpen. Disse etiketten hewwe un QR-koade, dyโt by scannen een grรดte gele knop opent waar mรชnsen hun eigen spreekwoarden in kenne senden op de website Liwwadder-spreekwoorden.nl. Disse website is in samenwerking met ut HCL en Cinnamon Interactive tot stand kommen.
De insendingen wurde metnomen in un projekt met Graffiti Platform Leeuwarden, waarbij ferskillende keunstenaars รบtnoadegd wurde om un spreekwoard te kieze en un eigen interpretaasy derfan te ferbeelde in muurskilderingen in โe stad. Met dit projekt toane we de kreatife pรฒtรชnsy fan lokale taal, fertaald in un eigentidse fรฒrm.
Oer de organisaasjes
- EBLT
It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) is in koepelorganisaasje dyโt har sรปnt 1984 ynset foar de promoasje en beskerming fan autochtoane minderheidstalen yn Nederlรขn. It EBLT hat mear as tweintich lidorganisaasjes, dyโt harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamintsk.
- Ik rรบk al aardech naar de skep
Ik rรบk al aardech naar de skep het syn oarsprong in un handgeskreven skrifke รบt 1998, waar oma Aartje Feikje (Attie) Efdรฉ-van der Wal Liwwadder spreekwoarden en gesegden fastlรชgde. Na her overlijden het kleinseun Ezra Efdรฉ, met hulp fan de provรฎnsy Fryslรขn en andere lokale รฒrganisasys, der un boekje fan maakt, met as doรซl haar werk en het Liwwadders te beware en te dele. Op 25 november 2024 is disse bundel fan Liwwadder spreekwoarden pรบbliseard en is sinsdyn beskikber by bekende boekhandels in Liwwarden.
- Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is รปnderdiel fan de Fryske Akademy en hat as missy it opdwaan, tapassen en it fersprieden kennis op it mรชd fan meartaligens en taallearen op skoalle, thรบs en troch kultuerpartisipaasje. De fokus fan Mercator leit benammen op de regionale en minderheidstalen yn Europa.
- Noordelijk Filmfestival
Het Noordelijk Film Festival is een vijfdaags filmfestival in Leeuwarden dat elk jaar plaatsvindt in november. Op het Noordelijk Filmfestival wordt in 2026 voor het vierde jaar op rij een selectie films gepresenteerd uit kleine taalgebieden van over de hele wereld, als onderdeel van de programmalijn Memmetaal.
- Slieker Film
Slieker Film is hรฉt filmhuis van Fryslรขn, gevestigd aan het Wilhelminaplein in het Fries Museum te Leeuwarden. We doen meer dan enkel films vertonen, we brengen met onze liefde voor film en cultuur ook mensen samen.
Wรชs wolkom
Op sneon 21 febrewaris begjint om 15:00 oere it filmprogramma yn Slieker Film, Wilhelminaplein 92, Ljouwert. Filmkaarten binne by Slieker te krijen. Oanslutend is der yn de foyer om 17:00 de iepenbier tagonklike presintaasje fan de Liwwadder spesjaalbierkes.


















