EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum fiere Europeeske Dei fan de Talen mei jûn oer films yn regionale of minderheidstalen

Op tongersdeitejûn 26 septimber fiere it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum de Europeeske Dei fan de Talen, mei in paneldiskusje oer films yn regionale of minderheidstalen mei ferskate filmmakkers út Noard-Nederlân: Johanneke Dijkstra, Rob Camies, Steven de Jong en Ingeborg Nienhuis.

En… AKSJE! films yn regionale of minderheidstalen

It EBLT freget al jierrenlang oandacht foar de stipe fan filmproduksjes yn minderheidstalen. Lokkich wurde der rûnom yn Europa mear films yn minderheidstalen makke, op hieltyd better nivo. Mar wat binne de erfaringen en produksjes fan filmmakkers yn ús lân? Wêr binne filmmakkers en –produsinten mei dwaande, hokfoar útdagings komme sy tsjin en wêr fine sy de nedige stipe?

Op de Europeeske Dei fan de Talen is der in paneldiskusje mei filmmakkers Johanneke Dijkstra (û.o. Fryske film ‘Kriich’), Rob Camies (û.o Drintske film ‘Grenzeloos Verraad’), Steven de Jong (û.o. Fryske films ‘Grutte Pier’, ‘De Fûke’) en Ingeborg Nienhuis (Grinzer film ‘Schoem’). Sjoernalist Onno Falkena en EBLT-foarsitter Gerard de Jong liede de jûn. Der sille ek filmfragminten te sjen wêze. Nei ôfrin is der in hapke en in drankje.

Europeeske Dei fan de Talen

De Europeeske Dei fan de Talen is in inisjatyf fan de Ried fan Europa en wurdt sûnt 2001 fierd. Yn Europa binne der mear as 200 talen. By de Ried fan Europa binne 82 regionale of minderheidstalen erkend fan mei-inoar 207 taalmienskippen. Yn Nederlân binne dat it Frysk, Jiddysk, Limboarchsk, Nedersaksysk, Papiamintsk en de talen fan de Roma en Sinti.

EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum

De jûn wurdt organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy). It EBLT is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy ‘t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, it Biltsk of it Papiamentu. Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa.

 Wês wolkom

Op tongersdeitejûn 26 septimber, om 19:30 oere begjint it evenemint, dat fergees tagonklik is. De jûn wurdt holden by de Stellingwarver Schrieversronte, Willinge Prinsstraote 20, Berkoop/Oldeberkoop.

Komme jo ek?
Lit it dan even witte y.f.m hapkes en drankjes, troch in e-mail te stjoere nei it EBLT.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *