Op sneon 21 febrewaris presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT en Slieker Film tegearre de priiswinnende Welske film ‘Y Syrcas’ (It Sirkus). Y Syrcas wûn ferline jier de sjuerypriis én de publykspriis op it 5de European Minority Film Festival yn Hüsem/Husum yn Noardfryslân. Y Syrcas giet oer it alderearste reizgjende sirkus dat, mei oaljefant en al, yn 1848 troch Wales reizge, in kultuerskok fan komsa foar de doetiids tige leauwige plattelânsbefolking. Neffens de dûmny fan Tregaron is de duvel yn it spul. Hy wol dat it sirkus wer fuortgiet, mar kin net foarkomme dat syn eigen dochter Sara folslein yn ‘e besnijing rekket fan de nijkommers en harren oaljefant Africa.
De sjuery fan it Minority Film Festival wie loovjend oer de film: ‘Dizze film hat wat magysks oer him en is in fisueel aventoer. In belangryk ferhaal wurdt ferteld yn prachtige bylden.’ Y Syrcas is makke troch de Welske akteur en regisseur Kevin Allen, dy’t earder namme makke mei de film Twin Town. De film waard makke foar in budzjet fan hast 1 miljoen pûn mei in folslein Welske cast en filmploech. De jonge Saran Morgan skitteret yn de rol fan Sara. De strange dûmny wurdt spile troch Aneurin Hughes, dy’t ek bekend is troch syn rol yn de Welske thrillersearje Hinterland/Y Gwyll.
Continue reading “EBLT en Slieker Film helje priiswinnende Welske film ‘Y Syrcas’ nei Ljouwert”