Op 15 novimber is foar de fjirde kear op rige de Fedde Schurerlêzing by Tresoar. De organisearjende partijen, De Ried fan de Fryske Beweging, Tresoar en it HCL, wolle omtinken freegje foar in tema dêr’t Schurer him mei dwaande hâlde. Dizze fjirde kear sil it gean oer sjoernalistyk mei as ûnderwerp ‘De regionale media nu en in de toekomst’.
Henry Beunders, heechlearaar oan de Erasmus universiteit, sil oer dit tema prate. Hy is ûndersiker en publisist op it mêd fan maatskippij, media en konflikt.
In reaksje sil jûn wurde troch Jan Koster, sûnt 2010 direkteur fan Omrop Fryslân. Continue reading “Fedde Schurerlêzing 2014”