Letterenfonds stipet Harnzer skriuwer Sytse Jansma

Skriuwer Sytse Jansma út Harns ûntfangt in projektsubsydzje fan € 15.000,- fan it Nederlânsk Letterenfûns foar it skriuwen fan syn earste roman. De bydrage komt út de regeling Projektsubsydzjes foar makkers fan boeken, ien fan de wichtichste stimulearringsregelingen foar auteurs yn Nederlân. De roman sil yn 2027 by útjouwerij Afûk ferskine.

Jansma waard selektearre út in groep fan fyftich auteurs. It Nederlânsk Letterenfûns makke de list mei takende oanfragen op tiisdei 30 juny bekend.
De 45-jierrige skriuwer, dy’t publisearret by Atlas Contact en Afûk, krige de ôfrûne jierren lanlike en Flaamske erkenning mei syn poëzy. Syn tige priizge bondel Rozige maanvissen besoarge him yn 2024 de Cees Buddingh’-priis en yn 2025 de Flaamske Poëzydebútpriis. De nije subsydzje is mei takend op grûn fan de kwaliteit fan syn eardere wurk.

Foar syn romandebút keart Jansma werom nei it Frysk as literêre taal. De roman wurdt in eklektysk, magysk-realistysk ferhaal dat him ôfspilet yn de metropoal Brussel. As tarieding ferbleau er ferskate kearen yn de Belgyske haadstêd yn it ramt fan in skriuwersresidinsje. “It wurdt in hybride foarm fan in persoanlike syktocht, in ideeëroman en in stedsroman,” seit Jansma. “It skriuwen fan in roman is foar my nij, mar ik belibje der in ûnbidich soad wille oan.” Oer de
ynhâld wol er fierder noch net folle loslitte. Wol seit er dat it boek hiel oars wurdt as Rozige maanvissen. “Wat beide boeken mei-inoar ferbynt, is de ferkenning fan de fûnemintele fragen fan it minsklik bestean.”

Mei de subsydzje kin de skriuwer tiid frijmeitsje om him folslein op it skriuwproses te rjochtsjen. Dêrnjonken biedt de bydrage romte foar ûndersyk en de nedige reizen nei Brussel. De roman stiet pland om yn 2027 by útjouwerij Afûk te ferskinen.

“Mei dizze subsydzje haw ik de rêst om wer yntinsyf yn it skriuwproses te dûken. It fielt as in prachtige erkenning en jout my it fertrouwen om dit projekt fierder út te wurkjen,” seit Jansma.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *