Foarstel Sander Dekker betsjut de ein selsstannigens Omrop

Foto: ANP
Steatssiktaris Sander Dekker fan media wol noch dit jier in Stichting RPO (Regionale Publieke Omroep) oprjochtsje. De nije organisaasje krijt de opdracht om alle regionale omroppen nau gearwurkje te litten en om de ynboekte besuniging fan 17 miljoen euro mei yngong fan 2017 te realisearjen. Dekker skriuwt dit yn it wetsfoarstel dat hy tiisdei nei de Twadde Keamer stjoerde.

De steatssiktaris leaut net dat de al langer besteande Stichting ROOS fan de trettjin regionale omroppen by steat is om de winske reorganisaasje troch te fieren.

De RPO giet yn 2016 oan de slach as kwartiermakker foar de regionale omroppen. De rol fan de trettjin regionale omroppen feroaret takom jier noch net. De RPO krijt in deistich bestjoer fan op syn meast trije leden. De RPO wurdt yn it foarstel fan Dekker it iennichste oansprekpunt oer de regionale omrop foar it ministearje fan OC en W. Ek wurdt RPO de iennichste konsesjehâlder foar de regionale omroppen. Continue reading “Foarstel Sander Dekker betsjut de ein selsstannigens Omrop”

Omrop Fryslân net langer selsstannich yn 2017

Omrop Fryslân ferliest syn selsstannichheid. Op 1 jannewaris 2017 giet de Omrop op yn in kluster mei RTV Noord en RTV Drenthe. De redaksje bliuwt bestean, it merk Omrop Fryslân ek, mar ûnderdielen as technyk, personielssaken, reklame, direksje en bestjoer wurde gearfoege.

Gefolch dêrfan is dat de tsientallen minsken yn it Noarden ûntslein wurde moatte. By Omrop Fryslân ferdwine sa’n 15 banen. De plannen sille neffens direkteur Jan Koster gjin gefolgen ha foar de Fryske taal, dy bliuwt. Continue reading “Omrop Fryslân net langer selsstannich yn 2017”