Fryslân nimt ôfskied fan Tomke

Tys & Teske wurde nije Fryske pjuttefreontsjes

Wa ken ’m net? Dat mantsje altyd blier mei syn krol yn it hier? Enoarme oantallen pjutten kamen yn ’e rin fan ’e jierren yn ’e kunde mei Tomke, mar nei 30 jier komt der in ein oan it Tomke-projekt. Sa waard hjoed yn in parsekonferinsje troch Tomke sels bekend makke. It hommels ferstjerren fan Tomke syn geastlik heit en tekener Luuk Klazenga oardel jier lyn foarme de oanlieding om it fuortbestean fan it projekt yn de hjoeddeistige foarm op ’e nij te besjen. Yn oparbeidzjen mei belutsenen en ferskate pedagogysk professionals is ûnder lieding fan de Afûk in nij konsept foar foarskoalske edukaasje ûntwikkele: Tys & Teske. Krekt as by Tomke sille in hiel soad ferhalen, aktiviteiten en oare produkten fan Tys & Teske net allinne foar de profesjonele pjutte-opfang makke wurde, mar likegoed geskikt wêze yn de thússituaasje.

It Tomke-projekt ûntstie yn de jierren ’90 út in ferlet fan Frysktalich materiaal foar pjutten. ‘By in twatalige ûntwikkeling sa’t wy dat hjir yn Fryslân hawwe, is it lizzen fan in sterke taalbasis belangryk’, sa seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk by de Afûk. ‘Dy twatalige basis wurdt lein yn de earste fjouwer jier fan in bern. Krekt yn de earste jierren is it dêrom nedich om de taalûntwikkeling te stimulearjen, yn de thússituaasje mar ek by de opfang. Dêrby is ekstra omtinken foar in minderheidstaal sa as it Frysk nochris ekstra belangryk.’

It Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân inisjearre it Tomke-projekt. Der waard in Tomke-wurkgroep gearstald wêryn’t Afûk (algemiene koördinaasje), FERS (út namme fan de biblioteken fan Fryslân), Omrop Fryslân, Cedin en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) gearwurken en meielkoar soargen foar promoasje en fersterking. Yllustrator Luuk Klazenga waard frege om in jonkje te tekenjen en sa ferskynde yn 1996 it alderearste Tomke-boekje.

It giele tydskriftke soe dêrnei jierliks yn de Fryske Foarlêswike útdield wurde oan alle pjutten yn Fryslân. Yn ’e rin fan ’e jierren waarden geandewei mear produkten fan en oer Tomke ûntwikkele: telefyzje-aventoeren, ferhalen en boeken yn alle tema’s, edukative materialen, in website, in app, hânpoppen en gean sa mar troch.

Al dy jierren joech Luuk Klazenga foarm oan Tomke, hûntsje Romke, Kornelia en Yana Yu. ‘It hommels ferstjerren fan Luuk yn 2024 rôp de fraach op hoe no fierder mei Tomke’, fertelt Rienstra. ‘Ferskate opsjes passearren de revu, mar nei in soarchfâldich proses, wêryn’t wy de belutsenen om it Tomke-projekt hinne mar ek foaral de doelgroep fan pedagogysk professionals befrege hawwe, hawwe wy besluten om gjin nij Tomke-materiaal mear te ûntwikkeljen en yn te stekken op de ûntwikkeling fan in nije line.’

Tys & Teske: in nije line mei suksesfolle aspekten fan Tomke

By it ûntwikkeljen fan Tys & Teske is gebrûk makke fan kennis, ferlet en winsken fan in groep pedagogysk professionals dy’t ek as testgroep funksjonearre. De fierder noch te ûntwikkeljen ferhalen, aktiviteiten en materialen sille oansette ta foarlêzen en (Frysk) praten, ta boartsjen en dreamen. ‘Wy wolle de suksesfolle aspekten fan Tomke graach behâlde, mar mei nije karakters en in nije, frisse útstrieling dy’t oanslút by it ferlet fan de pedagogysk professionals en minsken thús, en dy’t fansels foaral soarget foar in
soad taalwille by jonge bern!’

Op de fraach wêrom’t der keazen is foar twa karakters seit Rienstra: ‘De twa karakters, in jonkje en in famke, hawwe elk in eigen persoanlikheid. Teske is wat dryster en Tys wat mear skruten, hy sjocht de kat earst út ’e beam. Elke pjut sil him of har mei ien fan de twa identifisearje kinne.’ De nije karakters sprekke jonge bern oan om’t se werkenber binne, feilich en fertroud as in freontsje, se hawwe deselde emoasjes en gefoelens as it jonge bern en sa wurde bern nijsgjirrich nei wat de karakters allegear belibje.

Willemke Brouwer fan De Jouwer joech letterlik foarm oan Tys & Teske. De kar foar Willemke wie al gau makke: ‘Willemke kin prachtich tekenje, har yllustraasjes hawwe persoanlikheid en fertelle in eigen ferhaal.’

Organisaasje

Tys & Teske is in gearwurkingsprojekt mei likernôch deselde partijen as dy’t by Tomke belutsen wiene. De Afûk is de karrelûker fan it projekt en ûntwikkelet de materialen by Tys & Teske yn gearwurking mei it SFBO, dat in soad op twatalige berne-opfanglokaasjes te finen is en dy lokaasjes helpt om it Frysk in folweardich plak te jaan. FERS tinkt mei út namme fan de biblioteken fan Fryslân en Omrop Fryslân is by it projekt belutsen mei as doel om te sjen oft Tys & Teske ek ta libben brocht wurde kinne op it skerm. Al dy partijen wurkje mei-inoar gear yn it Lês-mar-foar-projekt, dat mei de jierlikse Lês-mar-foar-wiken yn septimber omtinken freget foar it belang fan foarlêzen oan jonge bern. Yn de materialen dy’t alle jierren yn dy Lês-mar-foar-wiken útdield wurde, sille Tys & Teske fan no ôf ek fertsjintwurdige wêze.

Deputearre Eke Folkerts kriget fan Tomke it earste Tys&Teske boekje útrikt. Foto: Jacob van Essen, Fotobureau Hoge Noorden

Einlik de wrâld yn
Nei in lang en deeglik ûntwikkelingsproses wie it op ’e earste dei fan de Nationale Voorleesdagen tiid foar Tys & Teske om einlik de wrâld yn. It alderearste boekje fan Tys & Teske, mei in ferhaaltsje skreaun troch Paul van Dijk, waard yn de biblioteek fan Dronryp oerhandige oan deputearre Eke Folkerts, dy’t it dêrnei oan de oanwêzige pjutten foarlies.
It boekje is fan hjoed ôf fergees te krijen by alle biblioteken yn Fryslân en ek alle berne-opfanglokaasjes hawwe in eksimplaar tastjoerd krigen, sadat alle pjutten yn ’e kunde komme kinne mei Tys & Teske. Letter yn it jier ferskine in knibbelboek mei ferhalen, (opsis)ferskes en tips en aktiviteiten by tema’s dy’t oanslute by besteande Nederlânske VVE-metoaden lykas Uk & Puk en Piramide. Ek in foarlêsboek, poppen, in website mei mear ynformaasje, tips en oanfoljende materialen per tema en spultsjes foar bern steane op ’e rol.

Op ’e hichte bliuwe fan nijs oer Tys & Teske? Gean nei www.tysenteske.frl en meld dy oan foar de nijsbrief, want dat kin no al.

Steatekomitee Frysk set Stim fan Fryslân yn foar inisjatyfútstel

Fan septimber oant en mei maart 2026 wurde de ynwenners fan Fryslân troch it Steatekomitee Frysk útdage om mei te tinken oer de takomst fan it Frysk. Om ynwenners aktyf te belûken by dit proses, sil it Steatekomitee it online platfoarm Stim fan Fryslân ynsette.

Stim fan Fryslân (Stimfanfryslan.frl) is spesjaal ûntwikkele om boargers mear ynfloed te jaan op it belied fan de provinsje en biedt romte foar ideeën, diskusjes en ynspraak, yn dit gefal oer de takomst fan de Fryske taal en kultuer. Om minsken te wizen op de mooglikheid om mei te praten, wurdt de kampanje ûnder de oandacht brocht fia sosjale media, adfertinsjes en posters. Ek wurde der ambassadeurs ynset en sille der fysike gearkomsten plakfine.

Provinsjale Steaten hawwe ein 2023 it Steatekomitee Frysk de opdracht jûn om te kommen mei in inisjatyfútstel Langetermyndoelen foar it Frysk en dêr de mienskip by te belûken. Fryslân hat, krekt as it Ryk, in ferantwurdlikheid en soarchplicht foar de Fryske taal en kultuer. Dat freget neffens Provinsjale Steaten om in aktive hâlding om de taal en kultuer te befoarderjen en te beskermjen. 

Wy stribje dernei om in twatalige provinsje te wurden, dêr’t sawol it Frysk as it Nederlânsk brûkt wurde kin yn alle fasetten fan it deistich libben”.

Foarsitter fan it Steatekomitee Frysk Attje Meekma

It Steatekomitee Frysk neamde as ien fan de útgongspunten de lykweardigens; wat jildt foar de Nederlânske taal en kultuer, jildt likegoed foar it Frysk. De langetermyndoelen binne rjochte op realisaasje yn 2051, 100 jier nei Kneppelfreed.

Hiel Fryslân lêst foar mei de Lês-mar-foar-wiken

Fan 9 o/m 27 septimber binne it wer de Lês-mar-foar-wiken. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: op ’e berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels thús! Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern, en al hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk. Alle pjutten yn Fryslân krije mei de Lês-mar- foar-wiken in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje, en foar bern fan 4 o/m 8 jier is der in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Mar der is mear: de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz! En yn de biblioteken is der ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk, wêrby’t alderhande feestlike foarlêsaktiviteiten organisearre wurde.

Foto: Hippe Kiek Fotografie

Tomke & Keimpe

It tema fan de Lês-mar-foar-wiken is dit jier ‘eigenwiis’, wat oanslút op it tema fan de Kinderboeken- week yn oktober. Alle pjutten krije by de opfang, de biblioteek en it konsultaasjeburo wer in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje yn dat tema. Yn it boekje stean ferhaaltsjes, ferskes en spultsjes fan ferskate skriuwers en yllustratoaren. De Tomke-yllustraasjes binne noch makke troch de krekt ferstoarne tekener Luuk Klazenga. It boekje ferskynt ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers.

It Tomke-foarlêsboekje ferskynt yn it Frysk, Bildts, Stellingwarfs en Franekers.

Bern fan 4 o/m 8 jier krije it nije Keimpe-boekje mei leuke ferhaaltsjes en spultsjes op skoalle of se kinne it fergees ophelje yn ’e biblioteek. Spesjaal foar Keimpe syn 5e jierdei is der in echte Keimpe- memory ûntwikkele en kinne alle bern en harren âlders, juffen en masters mei sjongeres Melissa Pander en rapper Sytse de Wite meisjonge en -dûnsje op de eigenwize Lês-rap!

Minyboekjes sammelje by de Poiesz

Yn de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz. Alle wiken ferskine der twa nije boekjes dy’tst fergees meinimme meist by oankeap fan in griente- of fruitoanbieding. Bekende én nije skriuwers en yllustratoaren hawwe spesjaal foar dizze aksje acht prachtige boekjes makke. Op is op, dus fluch nei de Poiesz, en sammelje se alle acht!

Feest yn de biblioteek!

Yn de biblioteken binne yn de moanne septimber ferskate lês-, dûns- en muzykfoarstellingen te sjen. Foar pjutten binne der foarstellingen fan Janneke Brakels, Danswil en Het Muziekbeestje. Foar de doelgroep 4 o/m 8 jier spilet Jan Tiede Bouma in foarstelling oer Keimpe de Krokodil, en Pyke Kroes & Carel van Leeuwen ha in foarstelling makke oer it populêre boek ‘Lampke’. Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. En hast it nije Tomke-temaboekje of Keimpe-boekje noch net? Helje ’m dan gau fergees op by de biblioteek!

Oare foarlêsaktiviteiten

Op 14 septimber mei ‘Uit in Huis’ wurdt der de middeis foarlêzen yn de Prinsetún yn Ljouwert. Tusken 14.00 en 16.00 oere sil dêr troch in tal minsken foarlêzen wurde út prachtige eigenwize berneboeken.

Fierder binne yn it programma ‘Tsjil’ fan Omrop Fryslân nije bernefilmkes te besjen en op Tjits Floch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren.

It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan Afûk, Fers, SFBO, Cedin en Omrop Fryslân en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan jonge bern.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje op: www.lesmarfoar.frl

Nije websjop Taalplan Frysk 2030 fan hjoed ôf live foar al it Frysk lesmateriaal

Hjoed giet de nije websjop fan Taalplan Frysk 2030 live. Op www.websjop.taalplan.frl is fan no ôf al it materiaal foar it Frysk ûnderwiis beskikber: om it Frysk sichtber te meitsjen, it Frysk lêzen te befoarderjen, it fak Frysk stal te jaan of krekt it plak fan it Frysk by oare fakken te fersterkjen.

Yn de websjop binne boeken, lesmateriaal en promoasjemateriaal te keap foar skoallen yn alle ûnderwiissektoaren en op alle nivo’s. Alex de Jager, direkteur fan de Afûk: “Mei dizze websjop fan Taalplan Frysk 2030 ha wy no, yn gearwurking mei de oare partijen fan Taalplan, foar it ûnderwiis yn Fryslân ien plak ûntwikkele dêr’t ienfâldich al it materiaal besteld wurde kin. De fysike winkel fan de Afûk is fansels ek altyd beskikber om it materiaal yn te sjen en te ûntdekken.”

Subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’

De websjop giet live op de datum dat ek de subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’ foar it Frysk ûnderwiis iepensteld wurdt. Mei dy regeling, ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030, wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk. Sa kinne de kosten foar les- en lêsmateriaal foar de Fryske taal foar 80% subsidiearre wurde. Foar skoallen is it dêrby ideaal dat sy njonken dy regeling no ienfâldich al it Fryske ûnderwiismateriaal fan ferskate útjouwerijen, taal- en ûnderwiisynstellingen op ien plak bestelle kinne: websjop.taalplan.frl.

Ymplemintaasje fan it lesmateriaal, begelieding by it gebrûk en kursussen en workshops wurde ek fersoarge troch de ferskillende partners fan Taalplan Frysk 2030.

Foto: Afûk

Gearwurking

Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan de taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de provinsje Fryslân. Mei it projekt wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.