Provinsje wol mear learkrêften en dosinten mei foech Frysk

‘Jou Frysk omdatst joust om it Frysk!’ Provinsje Fryslân wol (takomstige) learkrêften en dosinten entûsjast meitsje foar it beheljen fan it foech Frysk. Dêrom is moandei 12 jannewaris de kampanje Jou Frysk, omdatst joust om it Frysk útein set. Deputearre Eke Folkerts: “Mei dizze kampanje meitsje wy de rûte dúdliker, tagonkliker en oantrekliker.”

Op grûn fan Taalplan Frysk 2030 en de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) 2024-2028 krijt it leargebiet Fryske taal en kultuer de kommende jierren in hieltyd gruttere rol yn it ûnderwiis. De provinsje hat de ambysje dat de wetlike kearndoelen op alle skoallen yn Fryslân yn it primer ûnderwiis en ûnderbou fan fuortset underwiis yn wurking steld binne. Dêrneist stribbet de provinsje dernei dat it Frysk ek yn de ûnderwiissektoaren dêr omhinne in sterk plak krijt, sadat der in trochgeande learline ûntstiet. Om dat te realisearjen binne der mear learkrêften en dosinten nedich mei it foech om Frysk dosearje te kinnen en meien.

Trije doelgroepen

De kampanje rjochtet him yn earste ynstânsje op de neikommende trije doelgroepen:
1. hafû – en twû-learlingen dy’t in learare-oplieding oerwage
2. pabû-studinten en begjinnende learkrêften primêr ûnderwiis
3. dosinten fuortset ûnderwiis en mbû

Mei de kampanje wol de provinsje harren stimulearje om it foech Frysk te heljen. Dat kin troch foltiid- en dieltiidopliedingen te folgjen of, as pabû-studint, in semester Frysk te folgjen. De opliedingen wurde oanbean op NHL Stenden Hegeskoalle en Ryksuniversiteit Grins.

Mear as de helte kiest Fryske Taal en Kultuer as eksamenfak

Dat der fan ‘e kant fan learlingen ynteresse yn Frysk as eksamenfak is, die al bliken op Piter Jelles Ynsicht. Dosint Debbie van Elden folge de oplieding Learaar Frysk, wêrnei’t de lokaasje de earste skoalle waard dy’t it Frysk eineksamen foar tmbû-basis en -kader oanbiede koe. Fan de 105 twaddejiers, keazen 62 learlingen Frysk as eksamenfak.

Wurkje mei de Fryske taal

Opdrachtjouwer foar de kampanje is de provinsje Fryslân. Neffens deputearre Eke Folkerts is de motivaasje om mei de Fryske taal te wurkjen grut: “Mar minsken witte somtiden net hokker mooglikheden der binne. Mei dizze kampanje meitsje wy de rûte dúdliker, tagonkliker en oantrekliker.”

It kampanjeboadskip is helder: Jou Frysk, omdatst joust om it Frysk. Kombinearje watst kenst mei watst kinst. Want de taal libbet, as ien him jout. De taal is der, no de leararen noch. Jousto de takomst taal? Jou Frysk!
Mear ynformaasje: www.joufrysk.frl.

Nije kearndoelen Fryske taal en kultuer binne klear

Steatssekretaris fan OCW Koen Becking brocht op moandei in besite oan trijetalige basisskoalle ’t Holdersnêst op De Harkema. De wurkbesite stie yn it teken fan de aktualisaasje fan de kearndoelen Fryske taal en kultuer. Dy nije kearndoelen binne klear en sille begjin takom jier foar fêststelling oan Provinsjale Steaten foarlein wurde. ‘t Holdersnêst is ien fan de skoallen dy’t de kearndoelen test hat.

De steatssekretaris krige fan Cedin, dy’t fan de provinsje de opdracht krigen hat om de kearndoelen Frysk te aktualisearjen, in taljochting op it proses en de ynhâld fan de nije kearndoelen. Sa binne de kearndoelen Frysk foar it primêr ûnderwiis útwreide mei omtinken foar Fryske kultuer en kinne skoallen de kearndoelen Fryske taal en kultuer mei kearndoelen fan oare leargebieten ferbine.

Neffens direkteur Michiel Veenstra fan ‘t Holdersnêst biede de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer skoallen in soad mooglikheden om it Frysk in stevich plak yn it ûnderwiis te jaan: “De nije kearndoelen Fryske taal en kultuer geane oer it learen en brûken fan de Fryske taal. Dêrnjonken hat kultuerbewustwêzen ek in plak krigen. Witte wa ast bist en wêr ast wei komst is wichtich om úteinlik doelen te berikken. Wy binne der wiis mei dat dit ûnderdiel is fan de nije kearndoelen.”

Deputearre Eke Folkerts sprekt fan in geweldige mylpeal: “Mei de nije kearndoelen krije alle bern yn Fryslân de kâns om meartalich op te groeien. Dat stipet de algemiene ûntwikkeling fan learlingen en soarget derfoar dat alle bern optimaal meidwaan kinne yn de twatalige Fryske mienskip.”

Foto; Provinsje Fryslân

Tiidpaad

De nije kearndoelen sille no earst foar goedkarring oan Provinsjale Steaten foarlein wurde en dêrnei oan de steatssekretaris. Steatssekretaris Koen Becking: “Geweldig dat ze hier in Fryslân volop aan de slag gaan met de nieuwe kerndoelen Friese taal en cultuur. Goed onderwijs begint met basisvaardigheden zoals lezen, schrijven en rekenen en met het inzetten daarvan in vakken als geschiedenis en biologie. Het nieuwe landelijke curriculum legt een stevige basis voor alle leerlingen, het maakt duidelijk wat ze moeten kennen en kunnen. En geeft leraren meer duidelijkheid over wat leerlingen echt moeten leren. Hoe ze dat precies doen, is aan de leraar en de school.”

Ferwachte wurdt dat de kearndoelen dan op 1 augustus 2026 fan krêft wurde. Skoallen út it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis kinne dan mei de start fan skoaljier 2026/2007 mei de nije kearndoelen oan ‘e slach. Yn it foar sille alle skoallen yn Fryslân op ferskate wizen oer de nije kearndoelen ynformearre wurde. De kearndoelen binne no al te finen op de webside www.kurrikulum.frl.

It stribjen is dat alle skoallen fan 2030 ôf mei de kearndoelen Fryske taal en kultuer wurkje. Ek foar it ymplemintearjen fan de aktualisearre kearndoelen fan alle oare leargebieten krije skoallen de tiid en romte, mei help fan it ministearje fan OCW, SLO en oare ûnderwiisorganisaasjes. Sjoch ek: https://www.rijksoverheid.nl/onderwerpen/toekomst-onderwijs/nieuws/2025/11/21/belangrijke-mijlpaal-in-herziening-curriculum-met-laatste-kerndoelen

Taalplan Frysk 2030

By it ymplemintearjen fan de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer kinne skoallen fan Taalplan Frysk 2030 stipe krije. Op dy wize wurdt der wurke oan de doelstelling, fêstlein yn de BFTK 2024-2028, dat yn 2030 op alle skoallen yn Fryslân alle kearndoelen Fryske taal en kultuer ûnderdiel fan it ûnderwiisprogramma binne. Mear ynfo: www.taalplan.frl.    

Nij ferskynd by de Afûk: Dat is moai Frysk!

De Fryske taal is unyk. Dochs wurde typysk Fryske wurden wolris fergetten of wurdt it Fryske taalgebrûk beynfloede troch it Nederlânsk of it Ingelsk. It nije boekje ‘Dat is moai Frysk!’ behannelet krekt dát typyske en moaie Frysk taaleigen. It boek is te keap fan 1 desimber ôf.

Dat is moai Frysk! lit sjen wat it Frysk eigen makket én hoe moai oft it Frysk wêze kin. Tink oan saken dy’t oars binne as yn it Nederlânsk, wurden mei in dûbelde betsjutting en fansels in hiel soad typysk Fryske siswizen en útdrukkingen. In ferdjipping foar de Fryske taal, foar elkenien dy’t it nijsgjirrich fynt of dy’t moaier Frysk leare wol!
It boek bestiet út seis haadstikken, grôtfol ferhaaltsjes, útlis, puzels, sykplaten en in protte yllustraasjes. Alles komt mei in sûne poarsje humor foar it fuotljocht.

Lesprojekt foar it fuortset ûnderwiis

Dat is moai Frysk! is makke troch team Fuortset Underwiis fan de Afûk, yn gearwurking mei dosinten Frysk. De ynhâld is foar in part basearre op De Stipe en it nije boekje is dan ek in spirituele opfolger te neamen.

“Wer in stap foarút om ta better Frysk te kommen. Dat bylket mar skoan!”

Sytze T. Hiemstra, einredakteur De Stipe

Neist dat it boekje nijsgjirrich is foar elkenien, is it goed yn te setten yn de klasse. Nei de krystfakânsje sil der foar de skoallen dan ek lesmateriaal by it boekje te finen wêze yn de online metoade Searje 36. De sykplaten yn it boekje binne foar dosinten op posterformaat beskikber (te bestellen fia in mailtsje nei searje36@afuk.frl). In stikmannich dosinten hat de posters krigen op it kongres Fierder mei Frysk, dêr’t de reaksjes uterst posityf wienen.

Winaksje

Ta promoasje fan dit nije boekje komt de Afûk mei twa moaie winaksjes. Foar de earste 15 minsken dy’t it boek yn de Afûk-winkel keapje (fan tiisdei 2 desimber ôf), leit der in machtich Dat is moai Frysk!-kadopakket klear. Yn de wike fan 8 desimber kinne minsken in eksimplaar fan it boek winne fia it Facebook- en Instagram-akkount fan de Afûk. Dielnimmers kinne yn in reaksje op it berjocht litte witte hokker typysk Fryske siswize of útdrukking sy moai fine om te brûken, mei de hashtag #datismoaifrysk. Meidwaan kin de hiele wike: op 15 desimber wurde út alle reaksjes twa winners keazen.

Boekgegevens

  • Dat is moai Frysk!
  • Auteur: Welmoed Sjoerdstra
  • Konsept en kreaasje: Doutsen Jellema, Harm van Zuiden, Lisa Boersma, Stephan Berger, Tjeerd Kooistra, Welmoed Sjoerdstra
  • Yllustraasjes: Tessa Spijker
  • Utfiering: paperback
  • ISBN: 978 949 331 8724
  • Priis: € 14,95
  • Tal siden: 96
  • websjop.afuk.frl