Nij ferskynd by de Afûk: Spegelrinner fan Paul van Dijk

By de Afûk is ferskynd: de dichtbondel ‘Spegelrinner’ fan dichter en berneboekeskriuwer Paul van Dijk. It is de twadde dichtbondel fan de Warkumer skriuwer. Foar syn earste bondel ‘Famke fan snie’ krige Van Dijk yn 2022 de Douwe Tammingapriis, de priis foar it bêste literêre debút. De dichtbondel ‘Spegelrinner’ giet oer de simmer en de see, oer it no, de takomst en it ferline. Yn de gedichten – dy’t ryk oan bylden binne, licht fan toan en hjir en dêr wat surrealistysk – siket de haadpersoan yn ’e spegel nei himsels.

De foarmjouwing fan de bondel is fersoarge troch Monique Vogelsang. Op it omslach binne twa skuon te sjen wêrfan’t de eigener ferdwûn is, wylst syn skaad noch even hingjen bliuwt. In byld dat goed past by de nijsgjirrige gedichten yn dizze bondel.

Paul van Dijk is dichter, skriuwer en yllustrator. Syn wurk lit in grut ferskaat sjen: hy makket ferhalen, yllustraasjes en teäter foar bern en skriuwt gedichten en muzyk foar folwoeksenen.

De muzikale presintaasje fan ‘Spegelrinner’ fynt plak by ‘Kultuer yn ’e Keamer’ yn maart 2026 (datum noch net bekend), in evenemint organisearre troch De Paupers wêrby’t yn Warkumer húskeamers muzyk, poëzy en teäter te sjen en te hearren wêze sil.

De dichtbondel is te keap by de Afûk, mar ek by oare boekhannels rûnom yn Fryslân, û.o. by de Bruna yn Balk, Boekhuis Stumpel yn Warkum en Boekhandel Muizelaar yn Koudum.

Boekgegevens Spegelrinner

Rely Jorritsmapriisfraach 2026 iepensteld

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 72ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin foar 15 april 2026 in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery dy’t dit jier bestiet út Gerbrich van der Meer, Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra, hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei € 1.000,-.

De ynstjoeringen moatte digitaal as taheakke yn Word maild wurde nei rely@stiftingflmd.frl. Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte apart yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim, ek foar de sjuery.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. De stifting Rely Jorritsmafûns oranisearret de priisfraach. Foar mear ynformaasje sjochst op de webside www.stiftingflmd.frl.

Gedichte-aven 2026: kom foordragen of lústeren

Op donderdeg 29 jannewary 2026 om 19.30 uur fynt in de bibletheek fan St.-Anne de jaarlikse gedichte-aven plak. Foor jong en oud! Wille jim ’n gedicht foordrage, dan kinne jim jim anmelde fia info@bildtsaigene.nl. Geef dan ok even deur hoe’t ’t gedicht hyt en wie’t ’t skreven het. Opgeve kin ok deur te bellen na 06-45657383 of kom even in de bibletheek del.

En ’t maakt niet út wer’t ’t gedicht over gaat. Ok niet at ’t Bildts, Frys of Nederlâns is. ’t Mâg ’n sels skreven gedicht weze, maar ok ’n al bestaand gedicht. Maar omdat wij op ’t Bildt binne, sou ’t fijn weze dat d’r al wat Bildtse gedichten tussen sitte. Maar watfoor gedicht ’t ok is, wij doen niet soa moeilik. Hooplik doen jim dat ok niet en wort d’r niet stind en binne d’r weer ’n prot foordragers en foordraagsters fan de pertij.

O ja, ok ’t jongereand is fansels meer as welkom om met te doen! Fansels binne besoekers en dus toehoorders fan harte welkom. ’t Is ok nag ’s fergeefs.

Nij ferskynd by de Afûk: Hagelslach, fan Rients Gratama

In dichtbondel dy’t Gratama (1932 – 2017) acht jier lyn sels skreau en gearstalde

‘Hagelslach’, de lêste dichtbondel fan Rients Gratama, mei tekeningen fan syn frou en keunstner Carla van der Heijde. De presintaasje wie yn hannen fan Geart de Vries, dy’t Carla ynterviewde oer it ta stân kommen fan de bondel, en dy’t Freark Smink befrege oer syn relaasje en gearwurkjen mei Rients. Smink mocht ek it earste eksimplaar fan ‘Hagelslach’ yn ûntfangst nimme. “Rients joech libbenswille, en stof om oer nei te tinken”, sa sei Smink. Dat slút moai oan by de fersen; altyd mei wat humor, mar meast ek mei in filosofyske ynslach. De bondel is fan hjoed ôf rûnom te keap yn de boekhandels yn Fryslân.

Freark Smink bliid mei earste eksimplaar. Foto’s: Hermien van der Meer en Froukje van Houten.

Sechstich jier bespile kabaretier en teäterman Rients Gratama alle poadia yn Nederlân mei gemiddeld ien kear yn ’e fjouwer jier in Frysk programma. Hy skreau yn syn libben mear as 60 programma’s, wêrûnder in tal toanielstikken en musicals, mei likernôch 750 lietteksten. Ek hie er rollen yn toaniel- en musicalproduksjes. In libben fan skriuwen en spyljen en no dus in bondel mei gedichten, skreaun en gearstald troch Rients sels, yn de lêste oardel jier fan syn libben.

Yn dy lêste oardel jier waard troch syn ôfnimmende sûnens dúdlik dat Rients syn teksten net mear sels op it toaniel bringe soe. Mar ideeën wiene der mear as genôch en skriuwe koe er noch wol. It waarden gedichten, want wêr’t in liet skreaun wurdt mei gefoel foar in muzikaal ritme en om in komponist freget, jout in gedicht alle romte foar gedachten. Foarmjûn yn de poëzij fan it wurd sels: in foarm dy’t paste by hoe’t Rients syn eigen libben oerseach yn al syn grutte en lytse fasetten, fan begjin ta de ein en alles der tuskenyn.

Troch it skriuwen oer ‘begjin ta de ein en alles der tuskenyn’, ûntstie by Rients Gratama it idee fan in bondel. Dóchs noch in programma, mar dan yn in boekbân. Hy frege syn frou Carla van der Heijde om der tekeningen by te meitsjen. It soe harren lêste mienskiplike projekt wurde.

Eksposysje

Tekening by gedicht ‘mear net’ – Rients Gratama.
Foto’s: Hermien van der Meer en Froukje van Houten.

De orizjinele houtskoaltekeningen út de bondel binne de hiele moanne desimber noch te sjen op alle sneonen en sneinen fan 12.00 – 17.00 oere yn Atelier Carlavanderheijde, Oostergrachtswal 25, 8921 AA Ljouwert.

Ferwachte: De Grouwe Gratama

Ein 2026/begjin 2027 ferskynt noch in boek fan Rients Gratama, ûnder de titel: De Grouwe Gratama. In tsjok boek fan 800 siden mei in bondeling fan (hast) al syn lietteksten.

Boekgegevens Hagelslach

  • Auteur: Rients Gratama
  • Tekeningen: Carla van der Heijde
  • Foarmjouwing: Gert Jan Slagter
  • Utfiering: paperback mei stofomslach
  • ISBN: 978 949 331 8700
  • Tal siden: 80
  • Ferkeappriis: € 19,50
  • websjop.afuk.frl

Dichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025 set útein!

Wa wint dit jier de felbegearde Gouden Fear? Alle bern út de groepen 7 en 8 fan basisskoallen yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de dichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025. Foar skoallen dy’t meidwaan wolle oan dizze dichtwedstriid, is der in online lesbrief mei wurkblêden, te gekke filmkes én in dosintehantlieding beskikber. Leaver in fergeze workshop Frysk dichtsjen op skoalle? Ek dat kin. Us edukaasjemeiwurkers komme yn april of maaie graach op skoalle del.

Gysbert Japicx: grûnlizzer fan de skreaune Fryske taal

Histoarysk sjoen hat Gysbert Japicx in grutte wearde foar ús provinsje, om’t hy de grûnlizzer is fan de skreaune Fryske taal. Gysbert Japicx libbe fan 1603-1666 en is in grutte namme op literêr mêd. Der binne in protte Fryske skriuwers en taalkundigen dy’t it wurk fan Gysbert Japicx brûkt en bestudearre hawwe. Gysbert Japicx syn bertehûs stiet yn Boalsert. Ek yn dizze tiid is hy noch altyd in ynspiraasje foar in protte Fryske dichters, skriuwers, muzikanten en wittenskippers. Mei de organisaasje fan de útrikking fan de (Lytse) Gysbert Japicxpriis en in edukatyf programma dat dêr oan foarôf giet, wurdt Gysbert Japicx syn namme en syn wurk libben en yn eare holden!

Priisútrikking en ‘De Alve fan Gysbert’

Ut alle ynstjoerde gedichten krije alve gedichten in nominaasje foar de priis. Fan dizze ‘Alve fan Gysbert’ wurdt in eksposysje makke, dy’t te sjen wêze sil yn Tresoar. In offisjele sjuery kiest úteinlik it winnende gedicht. Op 11 oktober 2025 is de feestlike priisútrikking yn Boalsert, de bertestêd fan Gysbert!

Online lesprogramma mei wurkblêden en filmkes

Yn twa lessen kinst as master of juf mei de bern út de groepen 7 en 8 oan de slach om yn Frysk gedicht te meitsjen. Sa’n gedicht kin ynstjoerd wurde foar de wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025! Ek gedichten dy’t makke binne yn de Poëzywike of by oare gedichteprojekten kinne meidwaan oan de wedstriid!

It online lesmateriaal mei filmkes, wurkblêden en hantliedingen binne te finen op de webside fan tresoar

Meidwaan

It ynstjoeren fan gedichten kin o / m 20 juny 2025. Mear ynformaasje is hjir te finen.

Fryske dichteres Gabrielle Terpstra neiTranspoesie 2024

Op freed 27 septimber sil Gabrielle Terpstra optrede op it festival TRANSPOESIE yn Brussel. It tema fan dit jier is “surrealisme”, om de berte fan dizze keunstfoarm, in iuw lyn, te fieren. In tema dat wol by Gabrielle past! It festival duorret fan 26 oant en mei 28 septimber en fynt plak op ferskate plakken yn Brussel. Har dielnimming wurdt mei mooglik makke troch It Skriuwersbûn, de Provinsje Fryslân en de Douwe Kalmastifting.

Ek is oeral yn de Brusselske Regio poëzij te besjen: op ruten, doarren en muorren, yn útstallingskassen, yn it iepenbier ferfier en by minsken thús yn wenkeamers. De tweintich dielnimmende dichters diele in koart gedicht, elk yn harren eigen taal en mei harren eigen ferhaal. De gedichten binne oerset yn it Nederlânsk en Frânsk. Dizze posters binne ferspraat yn de Brusselske Regio en bringe poëzij werom yn de iepenbiere romte. Se nûgje elkenien út om efkes stil te stean en te reflektearjen oer it hjir en no, en om fuort te dreamen yn in poëtyske wrâld dêr’t dreamen, realiteit en revolúsjonêr tinken troch elkoar rinne. Guon dichters wolle sjokkearje, oaren sykje it fantastyske, it ûnmooglike of it magyske. Alle gedichten binne ferskillende úteringsfoarmen fan ûneinige frijheid, yntinse langstme en de ôfwizing fan logika.

De dielnimmende dichters: Cosimo Suglia (Luxemburch), Csenger Kertai (Hongarije), Dr Adam Perchard (Kanaaleilannen (Jersey)), Ernestas Noreika (Litouwen), Esyllt Lewi (Wales), Gabriela Ruivo (Portugal), Gabrielle Terpstra (Fryslân), Gian Maria Annovi (Italië), Harkaitz Cano (Spanje – Baskelân), Haska Shyyan (Oekraïne), Jaan “Luulur” Malin & Rooluulend (Estlân), Jimi Lend (Eastenryk), Joost Oomen (Nederlân), Lupin Vivian (Kanaaleilannen (Guernsey)), Małgorzata Lebda (Poalen), Noemí Rodríguez & Toni Gibert (Andorra), Radu Vancu (Roemenië), Sara Búho (Spanje), Susannah Dickey (Noard-Ierlân), en Trygvi Danielsen (de Faeröer).

It programma fan Transpoesie 2024

Tongersdei 26/09

17:00 – 18:30: Citizens’ Garden: offisjele iepening fan it festival

19:00 – 21:00: Ambassade fan Luxemburch: Surrealism de Lux (resepsje mei flaubyt en drankjes)

Freed 27/09

12:00 – 14:00: Fleur en papier dorée – Goudblomke yn papier: debat & lêze, mei brochje op skoat

15:00 – 17:00: Keninklike gallery: the Poet & the Public – foardrachten

19:00 – 21:00: Italiaansk Kultureel Ynstitút: Cheer & Co (resepsje)

Sneon 28/09

12:00 – 14:00: Fleur en papier dorée – Goudblomke yn papier: debat & lêze, mei brochje op skoat

15:00 – 17:00: Keninklike gallery: the Poet & the Public – foardrachten

19:00 – 21:00: Liszt Ynstitút: A Maze Sing Words (resepsje)

Reservearje foar de Transpoesie-eveneminten kia fia dizze link.

Wat is Transpoesie?

Sûnt 2011 wurdt it jierliks poëzijfestival TRANSPOESIE organisearre troch EUNIC Brussel, in netwurk fan Europeeske nasjonale ynstituten foar kultuer en nasjonale organen dy’t belutsen binne by kulturele en besibbe aktiviteiten bûten harren nasjonale grinzen. TRANSPOESIE fiert meartaligens troch poëzij yn ferskate talen nei it hert fan Brussel te bringen. Dit festival, dat gearfalt mei de Europeeske Dei fan Talen en Taalferskaat op 26 septimber, bestiet út in rige eveneminten, sa as lêzingen, debatten en iepenbiere skriuwsesjes. Troch orizjinele gedichten yn harren memmetaal te toanen yn iepenbiere romten en online, wol TRANSPOESIE in platfoarm kreëarje foar ús grutte ferskaat oan talen yn Europa.

Festivalkurator is Philip Meersman, ekspert op it mêd fan eksperimintele poëzij, immersive publykûnderfining, PhD-ûndersiker oan AP University College en performancedichter dy’t wurket mei XR. Mear witte? Sjoch op de website fan Transpoesie: www.transpoesie.eu

Digitale stipe foar rymjende Fryskskriuwers

De tiid fan dichtsjen en rymjen komt der wer oan as Sinteklaas ynkoarten foet oan wâl set. Yn it ferlet fan alle helpsinteklazen, hobbyrappers en aspirant-dichters wurdt no foarsjoen.

Op sneintemiddei 12 novimber 2023, hat de Fryske Akademy, yn ‘e mande mei rapper/kollumnist Pieter Zijlstra en syn maten, Sweder Oosterkamp en Teun de Vries, it ‘rymwurdboek’ pesintearre.

rymwurdboek op Frysker

It rymwurdboek is in útwreiding fan Frysker.nl, it digitale skriuwark dat stipe jout by it opstellen, staverjen en oersetten fan Fryske teksten. It rymwurdboek is streekrjocht te benaderjen fia Frysker.nl/rymje en fia rymwurdboek.nl.

Al langer hie de Fryske Akademy de winsk om wat mei rym te dwaan, mar dan wol op wittenskiplike basis. Der lei ek in ferlet yn de mienskip. Dat waard earder dit jier ferwurde yn in kollum fan Pieter Zijlstra yn de Leeuwarder Courant. Yn ‘e mande mei him en twa fan syn maten, Teun de Vries en Sweder Oosterkamp, is wurke oan in earste ferzje dy’t fan 12 novimber ôf troch elk brûkt wurde kin.

Hoe’t it wurket
It rymwurdboek is basearre op wurdlisten en fonetysk skrift, de wize wêrop’t klanken yn in taal fêstlein wurde. Nei it ynfieren fan in rymwurd, siket it wurdboek yn trije stappen nei wurden dy’t rymje.  As earste wurdt bepaald mei welk part fan it rymwurd socht wurde sil. Dat bart op basis fan it tal wurdlidden (lettergrepen), dêrby wurdt der ek rekken mei holden dat guon bylûden fuortfalle yn it fonetyske alfabet en mei stomme lûden. Dêrnei wurdt sjoen hokker wurden gelyk einigje kwa klank. As lêste wurde alle resultaten filtere en sortearre. It rymwurdboek sjocht dan nei hoe faak oft de wurden foarkomme, oft se ferâldere binne, en oft it foarkarsfoarmen binne of farianten. By it sortearjen wurdt earst groepearre op tal wurdlidden en dan oardere op suver rym of healrym, ynterne oerienkomsten, en op Frysk alfabet.

Healrym en takomstwinsken
It rymwurdboek wurket op basis fan standert-Frysk. Ek is it mooglik om nei ‘healrym’ te sykjen. Dan wurdt sjoen nei klanken dy’t ticht byinoar lizze, lykas ‘ii’ en ‘ie’ yn ‘priis’ en ‘Fries’. Mei de tiid hopet de Fryske Akademy it rymwurdboek better te meitsjen troch noch mear foarmen fan healrym te identifisearjen en dêrneist ek mear omtinken te jaan oan it ferskaat oan regionale útspraken.

Nij ferskynd: Sjongsto mei my fan Amanda Gorman

By útjouwerij Afûk is de Fryske ferzje ferskynd fan ‘Change Sings’ fan Amanda Gorman, mei kleurrike yllustraasjes fan Loren Long. De Fryske oersetting fan de ynspirearjende, lyryske tekst mei in belangrike, hoopfolle boadskip is makke troch Michelle Samba.

“Ik hear wat moais dat gûnzet
in sterk en libben liet
der sil wier wat feroarje
ik sjong en ik bin bliid”

In jong famke wiist it paad op in muzikale reis. Se freget de minsken dy’t se tsjinkomt om mei-inoar de wrâld in bytsje moaier te meitsjen. Dat is hielendal net sa dreech. De krêft om wat te feroarjen -grut of lyts- sit gewoan yn dysels.

Amanda Gorman waard wrâldferneamd troch de foardracht fan har gedicht ‘The Hill we Climb’ mei de ynauguraasje fan presidint Joe Biden. Se is dichter en set har yn foar it miljeu en in gelikense behanneling foar elkenien.

Loren Long makke de kleurrike yllustraasjes by de ynspirearjende, lyryske tekst mei in belangrike, hoopfolle boadskip.

Boekgegevens
Sjongsto mei my
Auteur: Amanda Gorman
Oersetting: Michelle Samba
Yllustraasjes: Loren Long
Utfiering: hurd kaft
ISBN: 978 94 93159921
Ferkeappriis: € 15,00
www.websjop.afuk.frl

gedichte-aven op 26 jannewary 2023

D’r binne sestyn deelnimmers an de gedichte-avend. Der is de organisasy och soa wiis met. En an de opgeven gedichten te sien, binne ‘t úteenlopende gedichten. ‘t Belooft dus ‘n boeiende avend te worren in ‘e bibletheek fan St.-Anne. Elkeneen is fan harte welkom om deuze avend bij te weunen. ‘t Begint om 19.30 uur en d’r is gyn intree.

lês mear

Huus van de Taol zet de deuren lös

Zaoterdag 19 november is der Lös Huus bij het Huus van de Taol in Beilen. Wij viert daw 15 jaor bestaot, de metwarkers en vrijwilligers laot die dag zien wat er allemaol gebeurt um de Drentse taol oet te dragen. Daornaost is er ’s middags de Grote Streektaolstried.

Tussen 10 en 16 uur is der een keur an activiteiten: bezukers kunt rondkieken in het Huus, een broescursus volgen, naor Drentse poëzie lustern of anschoeven veur een sunterklaos-dichtworkshop. Veur kinder is der een veurleesuurtie en een spannende speurtocht. Ok projecten die nou bij het Huus loopt wordt veur het voetlicht bracht en der is een boekenmarkt.

Wieder zendt Radio Drenthe het programma Hemmeltied de hiele mörgen live oet vanoet het Huus van de Taol en komp winnaor van het Drèents Liedtiesfestival Rick Hilberts optreden.

De oetsmieter van de dag is de Grote Streektaolstried in de raodzaal van het gemientehoes: wi’j je met een koppel Drentskenners opgeven, dan kuj dat doen op huusvandetaol.nl/streektaolstried.

En wi’j as schriever van Drentse poëzie een podium veur je wark? Meld je dan an veur de loketpoëzie in de hal van het gemientehoes. Dan kuj je wark daor veurdragen. Dit kan via huusvandetaol.nl/loketpoezie.