Janneke Brakels en Cor Bakker tegearre op Fryske berneferskes-app fan de Afûk

Op de Willem Alexanderskoalle yn Ljouwert is tiisdei de nije app ‘Hantsjes yn ’e hichte, Friese kinderliedjes’ fan de Afûk presintearre. Sjongeres Janneke Brakels en pianist Cor Bakker dy’t tegearre ek de ferskes foar de app opnamen, joegen de 150 pjutten en beukers fan de skoalle ‘live’ in foarpriuwke. De app is geskikt foar Apple en Android en foar elkenien fergees te downloaden yn de App Store en de Google Play Store.

Oer de app
‘Hantsjes yn ’e hichte’ is in app mei fyftjin Fryske ferskes, dêrûnder in tal bekende Nederlânsktalige berneferskes dy’t nei it Frysk ta bewurke en oersetten binne. Yn it Frysk wurde dat bygelyks Yn ’e moanneskyn, Hantsjes yn ’e hichte en De tsjillen fan ’e bus. Continue reading “Janneke Brakels en Cor Bakker tegearre op Fryske berneferskes-app fan de Afûk”