Foar it earst yn de skiednis fan it Fryske sjongfestival Liet is dit jier keazen foar it organisearjen fan ien foarronde wêrby’t 10 acts har pleatse koene foar de finale fan oankommende 5 maaie yn de Ljouwerter Prinsetún. Fyftjin acts yn in ferskaat oan muzykstilen lieten har sneintemiddei fan har bêste kant sjen mei likefolle nije ferskes yn it Frysk.
Continue reading “Goeie foarronde foar Liet 2013 smyt 10 finalisten op”
Liet 2013 begjint it kommende wykein wer
Op sneintemiddei 14 april set Liet 2013 útein mei de foarronde yn Sealen Schaaf yn Ljouwert. De faksjuery hat yn in earste foarseleksje 15 bands selektearre, dy’t stride sille foar in finaleplak. De finale fan Liet 2013 is dit jier, lykas ferline jier, op Befrijdingsfestival Fryslân yn de Ljouwerter Prinsetún. De winner fan Liet 2013 mei letter dit jier Fryslân fertsjinstwurdigje op op Liet International, dat dit jier organisearre wurdt op Corsica.
Continue reading “Liet 2013 begjint it kommende wykein wer”
Finale Liet wer op Befrijdingsfestival Fryslân
LJOUWERT, 23 jannewaris 2013
De finale fan Liet, it festival foar minderheidstalen yn Fryslân, sil yn 2013 wer plakfine op 5 maaie yn Ljouwert, ûnder it Befrijdingsfestival. De bestjoeren fan beide organisaasjes sjogge mei tefredenheid werom op de earste mienskiplike edysje fan 2012 en kontinuearje harren gearwurking.
Dizze wike begjint de saneamde “call for songs” foar Liet 2013. Muzikanten kinne harren mei in eigen skreaun nûmer yn it Frysk, as ek in Fryske streektaal, oanmelde by Stifting Liet ’91. De slutingsdatum is 1 maart 2013. De sjuery fan 2013 sil útde oanmeldings in foarseleksje meitsje. Yn totaal is der romte foar 15 akts dy’t trochgean nei in seleksje-omgong op 14 april. Ferskate (ferrassende) akts hawwe yntusken al oanjûn belangstelling te hawwen (sjoch foar de oanmeldingsproseduere www.liet.nl).
Continue reading “Finale Liet wer op Befrijdingsfestival Fryslân”