Net fiksearre hûs is de sechsde poëzybondel fan Elske Kampen. Sy ropt hjiryn in wrâld op dy’t leit tusken de werklikheid fan in ienfâldich Ru-skaaltsje yn Museum Princessehof en de ûnwerklike thúskomst fan ien dy’t net bestie. Dichtsje is foar Elske in foarm fan oarderje en harmonij skeppe. De twang fan de fersfoarm twingt har om ta de essinsje te kommen.
Ik kleurje dy in houtskoalswarte rok Heech by it liif oplutsen hâldt dy wyt fan himd, fan hûd teplak. Waskguod strui ik as suggestje om dy hinne.
Behindige beam, dûnser mei bruised knees. Dit lichem dat foar dy ornearre is. De linkerearm wol fierder, wiist omheech. rjochts bliuwt in kromming foar it boarst.
Wolst learzens ha, in kleed ploaid op it gers. Fleanmasine foar sulversneden yn blau. In túnstoel, kessen, kat. Skets fan it hûs achter dy noch net fiksearre.
Myn hân krijt dy net helder. Tichtby en dochs ûnskerp in rûge feech it antlit. Mei earnstige mûle, eagen boaiemleas moatst dysels skielk blynseach treaste.
Sytze de Haas (11 jier) út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Op sneon 14 oktober kriget hy ‘De Gouden Fear’ en in oarkonde útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert, op itselde stuit dat ek de Gysbert Japicxpriis útrikt wurde sil oan skriuwster Jetske Bilker foar har boek ‘Spegel en sonde‘.
Lytse Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis bestiet al sûnt 1947 en yn 2013 is ek de Lytse Gysbert Japicxpriis yn it libben roppen om bern yn ’e kunde komme te litten mei skriuwer en dichter Gysbert Japicx (1603-1666), de Fryske taal en de keunst fan it dichtsjen.
Bern yn hiel Fryslân diene mei oan in edukaasjeprojekt fan Tresoar, skreaune gedichten en stjoerden dy yn om yn oanmerking te kommen foar dizze fûl begearde priis. Sytze de Haas, dy’t foar de simmer noch yn groep 8 fan Regioskoalle De Greidefûgel yn Baard siet, skreau it gedicht ‘Ik gean fuort’ en wûn dêrmei de priis. De sjuery dy’t bestiet út Tialda Hoogeveen (Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân), Wybo Smids (Akteur en muzikant) en Tjitske van Dijk (Skriuwster lesmateriaal by de Afûk), seit oer it gedicht: “It gedicht is hiel persoanlik en dochs is it foar elkenien werkenber”.
útrikking
Nei de útrikking, troch wethâlder Petra van den Akker fan gemeente Súdwest-Fryslân, mei de priiswinner syn namme op in spesjaal boerd sette yn it Gysbert Japicxhûs, it bertehûs fan Gysbert Japicx yn Boalsert.
Elkenien is wolkom om by de útrikking fan de (Lytse) Gysbert Japicxpriis op sneon 14 oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert te wêzen. De ynrin yn de tsjerke, mei kofje en tee, is om 14.15 oere. It offisjele programma duorret fan 15.00 oant 16.30 oere.
Op tiisdeitemiddei 26 septimber fiere it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum de Europeeske Dei fan de Talen, mei it tema “Taal & Rjocht”. Dat wurdt dien mei in rûnetafelpetear, poëzy en muzyk. Nei ôfrin is der in hapke en drankje.
Taal & Rjocht
“Fries wil geen Nederlands praten in rechtbank.” Sa kopte it Dagblad van het Noorden op 18 augustus it krante-artikel oer de rjochter dy’t de Fryske eed fan Jan Benedictus net akseptearre. Mar, sa seit Benedictus: “Dat rjocht haw ik.” Taalferskaat en de rjochtbank, hoe sit dat eins?
Yn in rûnetafelpetear sil dêr oer praat wurde mei:
Attje Meekma
Kommisjelid yn Fryslân (CDA) en foarsitter fan it Steatekomitee Frysk
Jan Benedictus
Ald-wethâlder fan Skarsterlân en yn it nijs fanwegen de Fryske eed yn de rjochtbank
Fieke Gosselaar
strafrjochtjurist by de rjochtbank Noard-Nederlân en streektaalconsulent by it Centrum Groninger Taal & Cultuur
Poëzy
Njonken it rûnetafelpetear is der poëzy fan Grinzer dichteresse Fieke Gosselaar, de Drintske dichteresse Ria Westerhuis. Fieke Gosselaar is net allinne strafrjochtjurist en streektaalconsulent, marsyskriuwt ek, sawol yn it Grinzers as yn it Nederlânsk. Ria Westerhuis skriuwt yn de streektaal fan de Reest – de leechlânbeek en grins tuksen Oerisel en Drinte – en yn it Nederlânsk.
Europeeske Dei fan de Talen
De Europeeske Dei fan de Talen is in inisjatyf fan de Ried fan Europa en wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd. Yn Europa binne der mear as 200 talen. By de Rie fan Europa binne 81 regionale of minderheidstalen erkend fan mei-inoar 206 taalmienskippen. Dat binne talen lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.
EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum
De middei wurdt organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy). It EBLT is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy ‘t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, it Biltsk of it Papiamentu. Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa.
Plak & tiid
It evenemint is iepenbier en fergees tagonklik en sil plakhawwe op tiisdei 26 septimber yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar, oan de Bûterhoeke 1, Ljouwert. Ynrin is om 15:30 oere. It programma begjint om 16:00 oere en einiget mei in hapke en in drankje om 17:30 oere.
De wrâldwide bestseller ‘The Boy, the Mole, the Fox and the Horse’ fan Charlie Mackesy, yn it Nederlânsk suksesfol oersetten troch Arthur Japin, is no ek yn it Frysk ferskynd, ûnder de titel: ‘De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder’. De Fryske oersetting is fan ’e hân fan de ferline jier ferstoarne dichteres Baukje Wytsma.
It is in prachtich ferhaal oer freonskip, leafde en dysels wêze foar jong en âld. Of sa’t Baukje it sei: ‘In leaf en learsum boek oer de wearde fan in ultime freonskip.’
De 100 yllustraasjes en de poëtyske teksten fertelle it ferhaal fan de bysûndere freonskip tusken de jonge en de trije bisten. De universele lessen dy’t se mei-inoar leare binne stik foar stik libbenswiisheden. In prachtige moderne klassiker.
Boekgegevens: De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder
Bauke Vermaas, Berber Spliethof, Lara Kool-De Vries, Neeltje Terpstra en Sietske Boonstra binne de winners fan de poëzijwedstriidfan de Dichter fan Fryslân. De winners ûntfange €200,-en de gedichten wurde as poëzijposters ferspraat ûnder alle middelbere skoallen yn Fryslân.
Sigrid Kingma, Dichter fan Fryslân: ‘Ik bin hiel tefreden oer de ynstjoerings. Moai is ek dat de fiif bêstegedichten elk by in oar fak hearre. It doel fan it projekt is om de sichtberens fan Fryske poëzy yn it fuortset ûnderwiis te fergrutsjen. Dat ik hoopje dat de skoallen de poëzijposters in moai plakje yn de leslokalen gunne.’
Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, skreau de Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, in poëzijwedstriid út mei in tema binnen in eksakt fak, lykas wiskunde, natuerkunde, biology, skiednis, ierdrykskunde, skiekunde of ekonomy. It gedicht moast de lêzer op in oare wize nei de lesstof sjen litte. De winnende gedichten sille as posters opmakke en foarmjûn wurde troch Silke Boersma.
It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.
Sjoch foar mear ynformaasje en de winnende gedichten op www.dichterfanfryslan.nl.
Ien tel de ierde stil is de nijste dichtbondel fan Arjan Hut en skreaun yn de tiid dat hy wâlddichter wie fan de gemeente Achtkarspelen. Yn in perioade fan lockdowns, mûlkapkes en jûnsklokken, by him thús oan de Delistrjitte, by Tresoar, yn de trein fan Ljouwert nei Bûtenpost, ûnderweis yn de bus nei Surhústerfean, op it Skriuwersarkje fan Rink van der Velde en op de camping yn De Pomp.
As in knipperjende tried rint de tiid troch Ien tel de ierde stil. Der is in winsk om de tiid te manipulearjen. “Wie it mar wer as froeger,” bromt in man op it terras. Op de Feanhoop rint in klok fiif minuten foar, krekt genôch foar in suver einleaze kuiertocht nei de dunen. In hovenier rint troch de dreamen fan in doarp. Yn ferkiezingstiid litte we de ierde los. Noch in heale minút om wat te sizzen oer in nije oarloch. Mar bliuwt de tiid dan echt stean? Ek de tiid sels docht raar. Alde simmers wurde yn mânske skuorren bewarre. Nachts skynt de sinne en liket op in bijekoer. Yn it poldertsjuster lekt de Molkwei oer de terpen.
Oer de auteur
Arjan Hut (berne yn Drachten, 1976) groeide op yn Surhústerfean en wennet sûnt 1996 yn Ljouwert. Hy wennet dêr mei syn frou en twa bern. Yn 2005 waard er keazen ta earste offisjele stêdsdichter fan Ljouwert. Dy titel jilde foar twa jier. Van 2019 oant 2023 wie Hut Wâlddichter, gemeentedichter fan Achtkarspelen. Behalve gedichten skriuwt hy ek oer muzyk, foar De Moanne en it Friesch Dagblad. Earder ferskynden de dichtbondels: Nachtswimmers (Bornmeer, 2004),05/06 (Bornmeer, 2007),Tin (Afûk, 2010), Aurora Bossa Nova (Afûk, 2016), Fjoertoer yn it wâld (Afûk, 2020).
Takom moandei, 3 july 2023, om 16.30 oere, sil yn it Provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert, deputearre Sietske Poepjes it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme fan de brosjuere “Naar gelang het Noorden”. Der sille ek in tal gedichten út de bondel foardroegen wurde.
tsien renommearre Fryske dichters.
Yn dit lytse boek wurdt in skets jûn fan it wurk fan tsien renommearre Fryske dichters, mei gedichten fan Piter Boersma, Tsead Bruinja , Eppie Dam, Elske Kampen, Elmar Kuiper, Aggie van der Meer, Jacobus Q. Smink, Abe de Vries, Nyk de Vries en Cornelis van der Wal. De blomlêzing is gearstald troch in wurkgroep fan fiif leden fan it Skriuwersbûn, wurdt útjûn troch útjouwerij De Ryp en is fan nije wike ôf te keap.
oanbieding P.C. Hooft-prijs
De blomlêzing is ûndertusken troch de wurkgroep oanbean oan it bestjoer en de sjuery fan de stichting P.C. Hooft-prijs. Dy sjuery is krekt begûn mei har wurksumheden, dy’t liede sille ta de foardracht fan in winner fan dizze Nederlânske oeuvrepriis. Yn maaie 2024 wurdt de priis takend oan in (Nederlânsktalige of Frysktalige) dichteres of dichter.
programma
Fan 16.30 ynrin, kofje en oranjekoeke yn de besikersromte fan it provinsjehûs
16.45 nei de histoaryske Steateseal
Wolkomstwurd troch foarsitter Willem Verf fan it Skriuwersbûn
Foardracht fan twa gedichten út “Naar gelang het Noorden”
Martsje de Jong jout út namme fan de wurkgroep in koarte presintaasje fan de ynhâld fan de brosjuere en oerlanget oanslutend it earste eksimplaar oan de Deputearre
Reaksje fan Sietske Poepjes
Foardracht fan twa gedichten út “Naar gelang het Noorden”
D’r binne sestyn deelnimmers an de gedichte-avend. Der is de organisasy och soa wiis met. En an de opgeven gedichten te sien, binne ‘t úteenlopende gedichten. ‘t Belooft dus ‘n boeiende avend te worren in ‘e bibletheek fan St.-Anne. Elkeneen is fan harte welkom om deuze avend bij te weunen. ‘t Begint om 19.30 uur en d’r is gyn intree.
Zaoterdag 19 november is der Lös Huus bij het Huus van de Taol in Beilen. Wij viert daw 15 jaor bestaot, de metwarkers en vrijwilligers laot die dag zien wat er allemaol gebeurt um de Drentse taol oet te dragen. Daornaost is er ’s middags de Grote Streektaolstried.
Tussen 10 en 16 uur is der een keur an activiteiten: bezukers kunt rondkieken in het Huus, een broescursus volgen, naor Drentse poëzie lustern of anschoeven veur een sunterklaos-dichtworkshop. Veur kinder is der een veurleesuurtie en een spannende speurtocht. Ok projecten die nou bij het Huus loopt wordt veur het voetlicht bracht en der is een boekenmarkt.
Wieder zendt Radio Drenthe het programma Hemmeltied de hiele mörgen live oet vanoet het Huus van de Taol en komp winnaor van het Drèents Liedtiesfestival Rick Hilberts optreden.
De oetsmieter van de dag is de Grote Streektaolstried in de raodzaal van het gemientehoes: wi’j je met een koppel Drentskenners opgeven, dan kuj dat doen op huusvandetaol.nl/streektaolstried.
En wi’j as schriever van Drentse poëzie een podium veur je wark? Meld je dan an veur de loketpoëzie in de hal van het gemientehoes. Dan kuj je wark daor veurdragen. Dit kan via huusvandetaol.nl/loketpoezie.