Froskepôle op Drinte en Noard

Foto: Omrop Fryslân
De muzikale streektaalprogramma’s fan de trije noardlike regionale omroppen sille takom wike tongersdei mei-inoar in radioprogramma meitsje. De útstjoering wurdt dien út de studio’s fan Omrop Fryslân yn Ljouwert wei. Presintator Gurbe Douwstra sil mei kollega Bert Kamping fan RTV Drenthe en Henk Scholte fan RTV Noord twa oeren lang muzyk yn it Frysk, Grinslânsk en Drintsk draaie.

Der is ek live-muzyk yn de trije talen. Oanlieding fan it spesjale programma is de 1500e útstjoering fan Radio Froskepôle.

De útstjoering is tongersdei 19 juny te beharkjen tusken 18:00 en 20:00 oere op Omrop Fryslân.

Boarne: Omrop Fryslân