Fan hjoed ôf is it nije album fan de dielnimmende skoallen fan SjONG junior te belústerjen. Op it ûndertusken tredde album fan SjONG junior steane nije Fryske ferskes makke foar én troch basisskoallebern. De oerienkomst? De ferskes gean stik foar stik oer bysûndere plakken yn de omjouwing fan de bern.
De skoallen IKC It Anker út Dronryp, PCBS Ds. Hasperskoalle út Akkrum, IKC Sint Radbodus út Dronryp, Daltonschool Sint Jozef fan De Lemmer, OBS De Brêge út Skarsterbrêge, Dr J. Botkeskoalle út Damwâld, CBS Fûgelsang út Berltsum en IKC Máxima út Ljouwert hawwe allegearre in plakje op dit nije album.

Wat út dyn omjouwing fertsjinnet in ferske?
Yn de ferskes sjonge de bern oer wat harren omjouwing sa unyk makket. Fan de sfear en it
fakânsjegefoel yn it doarp oant in bekende brêge en grutte eveneminten yn harren eigen omjouwing. Mei presintator en muzikant Raynaud Ritsma skreaune de klassen in eigen sjongtekst mei as tema ‘Wat út dyn omjouwing fertsjinnet in ferske’? Belústerje it nije album fan no ôf op it Spotify en YouTube-kanaal fan Tsjil.
De grutte finale
Op freedtejûn 12 juny 2026 om 19.30 oere fynt de grutte finale fan SjONG junior plak. Op dy spannende jûn yn Skouboarch De Lawei yn Drachten wurde de optredens beoardiele troch in faksjuery besteande út Mayte Veenstra, Janneke Brakels en Paul Horjus. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Raynaud Ritsma.
SjONG junior is in wedstriid wêryn’t basisskoallen nije Fryske ferskes meitsje én de striid mei-inoar oangean yn de finale. SjONG junior is in projekt fan Taalplan Frysk, Omrop Fryslân, Cedin, Afûk en Keunstwurk. Dit jier makket it programma ûnderdiel út fan de muzykspesjal fan Tsjil Tsjekt