Winner Liet sil Fryslân fertsjintwurdigje yn finale Regio Songfestival

Omrop Fryslân sil mei it Fryske songfestival Liet gearwurkje om te kommen ta in artyst dy’t Fryslân fertsjintwurdigje mei op it Regio Songfestival yn Utrecht. In evenemint dat no al folop lanlike bekendheid krijt.

De earste edysje fan it Regio Songfestival hat plak op sneon 4 novimber yn de Stadsschouwburg yn Utrecht. It ynstjoeringstermyn fan Liet ferskoot mei de gearwurking nei 1 augustus wêrtroch’t elkenien langer de kâns krijt om in liet yn te stjoeren.

© Regio Songfestival

Regio Songfestival

Omrop Fryslân en tolve oare regionale omroppen organisearje mei-inoar it Regio Songfestival. Eltse omrop kin in eigen kandidaat oanleverje. De 13 ynstjoeringen stride om de winst yn in grut live-optreden. De ynstek is om de dielnimmers yn de streektaal sjonge te litten. Dy talen fertsjintwurdigje nammentlik de eigenheid fan de regio.

De gearwurking tusken Omrop Fryslân en Liet is dêrmei in logyske set sizze foarsitter fan Liet Frans Veltman en einredakteur Sybren Terpstra fan Omrop Fryslân: “Troch de gearwurking wolle we besykje it Fryske liet nei in heger nivo te tillen. Dielnimming fan de Fryske winner oan it Regio Songfestival en it optreden op in poadium dat lanlik op telefyzje en online te sjen wêze sil, kin in grutte ympuls jaan oan it Frysk liet. It soe geweldich wêze dat in Fryske dielnimmer úteinlik it festival yn Utrecht wint en lanlik by de regionale en lanlike stjoerders te hearren is. We hoopje dat dit Fryske artysten ferliede sil om mei te dwaan oan ús eigen Liet 2023 yn oktober.”

Oanmelde foar Liet én it Regio Songfestival

De finale fan Liet sil plakhawwe op tongersdei 12 oktober yn poppoadium Neushoorn. Mei dy nije, en dus eardere, datum is mear romte oant de finale fan it Regio Songfestival.

Oanmelde foar Liet kin hjir en is noch mooglik oant 1 augustus. De finale fan Liet wurdt live útstjoerd op telefyzje by Omrop Fryslân. De úteinlike winner wurdt bepaald troch in profesjonele sjuery en it publyk.

Ried foar Kultuer hat krityk op plannen regionale omroppen

Foto: Omrop Fryslân

De Ried foar Kultuer is yn in advys oan steatssekretaris Dekker kritysk oer de plannen fan ROOS foar de regionale omroppen lykas Omrop Fryslân. De regionale omroppen wurkje gear yn ROOS. As it om tv-útstjoerings giet advisearret de ried it BBC-model wêrby’t de nijsprogramma’s keppele wurde oan it lanlike NOS-nijs.

It radionijs soe yn ien nasjonale stjoerder yntegreard wurde moatte. Op de wichtichste oeren wurdt der dan yn alle regio’s in eigen sjoernalistyk programma útstjoerd. Ek oer de foarstelde organisaasje is de ried net tefreden.

Der binne tefolle direkteuren, haadredakteuren en rieden fan tafersjoch. Fierder binne de klusters ynhâldlik noch tefolle rjochte op provinsjes wylst sy harren better apart rjochtsje kinne op stêden en plattelân. De gearwurking mei oare nijsoanbieders komt ek te min út ‘e ferve, stiet yn it advys.

Omrop-direkteur Jan Koster is min te sprekken oer it rapport. Neffens him ferliest Omrop Fryslân hjirmei de eigen regionale identiteit. Ek koepelorganisaasje ROOS is min te sprekken oer it advys fan de Raad voor Cultuur.

Boarne: Omrop Fryslân