Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2026

Ien ferhaal en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis.

By it ferhaal giet it om ‘In Portugeesk ythûs’ fan Sytse Jansma (Harns). It winnende gedicht fan Geart Tigchelaar (Jorwert) hat gjin titel. De oare winnende gedichten binne ‘De seepappegaai seit: ‘Uhh…’ ‘ fan Janneke Spoelstra (Alde Leie), ‘reidseame’ fan Marije Roorda (Broek) en ‘Skilderles’ fan Pim Rodenboog (Aldebildtsyl).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 72ste kear útskreaun waard, wienen 91 ynstjoeringen ynkommen, te witten 34 ferhalen en 57 gedichten. De sjuery bestie diskear út Gerbrich van der Meer, Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra.

De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 3 oktober útrikt yn it Mammemahûs te Jellum. 

Rely Jorritsmapriisfraach 2026 iepensteld

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 72ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin foar 15 april 2026 in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery dy’t dit jier bestiet út Gerbrich van der Meer, Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra, hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei € 1.000,-.

De ynstjoeringen moatte digitaal as taheakke yn Word maild wurde nei rely@stiftingflmd.frl. Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte apart yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim, ek foar de sjuery.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. De stifting Rely Jorritsmafûns oranisearret de priisfraach. Foar mear ynformaasje sjochst op de webside www.stiftingflmd.frl.

Jansma en De Jong winne Rely Jorritsmapriis

Rely Jorritsma

It bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns makket bekend dat de sjuery fan betinken is dat dit jier ien ferhaal en ien fers foar in priis fan it Rely Jorritsma Fûns yn oanmerking komme. It winnende wurk is fan Simen de Jong (1942) út Easthim foar it ferhaal ‘Woldien yn Hylpen’ en fan Sytse Jansma (1980) út Harns foar it fers ‘Oprop oan alle Friezen’. Beide priiswinners ha al earder in Rely Jorritsma Fûns-priis yn ’e wacht sleept. Simen de Jong hat yn 2009 mei in ferhaal in priis wûn, wylst Sytse Jansma yn 2006 en yn 2011 in Rely Jorritsma Fûns-priis wûn mei in fers.

De sjuery fan it Rely Jorritsma Fûns bestiet dit jier út Doete Venema (foarsitter), Jaap Krol en Edwin de Groot. De Rely Jorritsma Fûns-priis foar in ferhaal bestiet út in jildbedrach fan € 800,-, wylst de Rely Jorritsma Fûns-priis foar in fers goed is foar in jildbedrach fan € 200,-. It tal ynstjoerings wie dit jier op ’e kop ôf fjirtich: 20 fersen en 20 ferhalen.

Priisútrikking
Op sneon 6 oktober 2012, middeis om twa oere, wurde de prizen fan de Rely Jorritsma Fûns-priisfraach èn fan de Junior Rely útrikt yn de tsjerke fan Bears. Mei troch de muzyk, wurdt it altyd in feestlike en sfearfolle byienkomst. De middei is frij tagonklik foar elk dy’t de Rely in waarm hert tadraacht. De útslach fan de Junior Rely wurdt ynkoarten ek bekend makke. Sjoch foar mear ynformaasje oer de Rely Jorritsmapriis op de site fan de gemeente Littenseradiel.