Sichtberhyd sentraal op Streektalekonferênsy 2023

Op 22 september 2023 organiseart de Stichting Nederlandse Dialecten (SND) in samenwerking met de Nederlandse Taalunie, provînsy Fryslân en gemeente Waadhoeke hur jaarlukse streektalekonferênsy. De konferênsy fyndt plak op ut gemeentekantoar fan Waadhoeke in Franeker en het as tema: ‘Streektaal in sicht: sichtberhyd fan streektalen in ‘e openbare rúmte.’

sichtberhyd fan streek- en minderhydstalen en dialekten

Tidens de konferênsy – dy een kear in ut jaar, ôfwisselend in Nederlân en Flaanderen, houwen wurdt – laat un keur an sprekers hun licht skine over de sichtberhyd fan streek- en minderhydstalen en dialekten.

Wat binne de bêste foarbeelden? Wat binne de falkulen? Wat leart wetenskappeluk ondersoek ôns over nut en noadsaak fan ut fergroaten fan de sichtberhyd fan un kleine(re) taal? Wetenskappers, ondersoekers, taalpromoators, bestuerders, dichters en muzisy: allegaar sille se op hun eigen wiize ingaan op dit tema, dat met recht aktueel noêmd wurde mag.

Provînsy Fryslân sette de ôflopen jaren stevug in op ut promoaten fan de sichtberhyd fan ut Frys en de streektalen. Ok de keuze foar de gasthear, gemeente Waadhoeke, is nyt toefallug: un unike meartaluge gemeente, met naast ut Nederlâns ok ut Frys, ut Bildts en ut Franekers binnen de gelederen.

Stichting Nederlandse Dialecten

De SND het um inspannen om un bijster farjeard, interessant en learsum programma samen te stellen. Dêrnaast wurdt de nije Streektaleatlas fan provînsy Fryslân presenteard, en wurdt un tipke fan ‘e sluier oplicht over de nije digitale infrastruktuer foar ut Bildt.

Opgeve

Beroepsmatug òf frijwillug bezug met streektaal, praktys òf akademys òf as partikulier interesseard in alles wat met streektaal te maken het? Dan is disse dag niet te missen! Opgeve kan fia Programma Streektaalkonferênsy 22 september 2023 – Stichting Nederlandse Dialekten.

Programma

  • 9.30 uur inloop
  • 10.00 uur welkom door meertaligheidscoördinator Gerard de Jong en opening door wethouder gemeente Waadhoeke Jan Dijkstra
  • 10.15 uur gedeputeerde Provincie Fryslân Eke Folkerts: sichtberens impuls Provincie Fryslân en aanbieding streektaalatlas
  • 10.30 uur Mirjam Vellinga (Afûk): Frysk op ‘e dyk – De rol van zichtbaarbeid in het taalpromotiebeleid van de Afûk.
  • 11.00 uur koffie/thee
  • 11.30 uur Janke Singelsma en Jolanda Verhoef (NHL Stenden): Meertaligheid in beeld – Een inkijkje in scholen en bibliotheken
  • 12.00 uur Sibrecht Veenstra (NHL Stenden): LoCALL – Taallandschappen in het onderwijs
  • 12.30 uur Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma
  • 12.45 uur lunch (bij mooi weer is de bus van het mobiele SPRAAKLAB van de RUG buiten te bezichtigen en beschikbaar voor een demonstratie)
  • 14.00 uur Renate Snoeing (Huus van de Taol): Drents in het openbaar
  • 14.30 uur Wethouder gemeente Urk Freek Brouwer: de Urker taal in publiekscommunicatie
  • 15.00 uur koffie/thee
  • 15.15 uur Veronique De Tier (INT) en Geert Dehaes (Brusseleir): Van tweetalige straatnaamborden tot dialectadvertenties. Dialect in het straatbeeld in Vlaanderen en Brussel

Dizze wike is it Sichtberensakkoart Frysk / Fryske taal ûndertekene troch minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes Hanke Bruins Slot en deputearre Sietske Poepjes.

sichtberens Frysk

It akkoart, as oanfolling op ‘e BFTK 2019-2023, makket it Frysk sichtberder yn ‘e iepenbiere romte en yn kommunikaasje-uterings. Sa wurde paadwizers yn iepenbiere romten yn Rykskantoaren yn ’e provinsje Fryslân twatalich en wurdt ek de tydlike bebuording en
oare iepenbiere tydlike ynformaasjefoarsjenning om Rykswegen hinne twatalich. Boppedat ser it ministearje fan Ynlânske saken en Keninkryksrelaasjes Ryksbreed yn
op it better foarljochtsjen oer it brûken fan ’e Fryske taal yn kommunikaasje-
uterings út ’e Ryksoerheid wei.

It folsleine akkoart is hjir del te laden.

sjoch ek it berjocht op Omrop Fryslân. Foto: Onno Falkena

Taalferskaat op ‘e tafel mei Keimpe de Krokodil

Gasten fan goed 15 restaurants komme yn de kunde mei ús rike taalferskaat mei help fan Keimpe de Krokodil.

As it foarútsjoch kloppet, sille der hieltyd mear besikers út eigen provinsje en fan dêrbûten in besite bringe oan de hoareka yn Fryslân. Dat is in moai momint om de gasten yn de kunde komme litte mei it Frysk en it rike taalferskaat fan Fryslân. Dêrom yntrodusearre de Afûk op 8 july by Restaurant & Partycentrum De Pleats yn Burgum in oanbod foar restaurants, besteande út in placemat fol spultsjes en it meartalige lêsboekje ‘Iis foar Eef’ foar de jongste gasten.

It idee foar it nije oanbod komt fan studinten fan it ROC Friesland College. Sy hawwe de ôfrûne perioade ûndersyk dien nei it binen fan klanten mei help fan de Fryske taal. Neffens de studinten fan de oplieding Travel & Hospitality is benammen it wachtsjen op it iten foar bern in dreech putsje.

Allerhande meartalige spultsjes op in placemat meitsje dat wachtsjen moai wurk wurdt. As de bern ek noch in grappich lêsboekje mei nei hûs krije is it feest kompleet.
By Keimpe op reis steane de autochtoane talen fan Fryslân sintraal. Dêrby wurde de spultsjes en ferhaaltsjes altyd yn it Frysk oanbean en yn de oanbelangjende regio’s/stêden ek yn de eigen taalfariaasje (Biltsk, Dokkumers en Franekers). Fansels wurde gasten dy’t dy talen (noch) net machtich binne goed by de hân naam yn it Nederlânsk en Ingelsk. Sa binne de produkten oansprekkend foar minsken dy’t Frysk, Biltsk, Dokkumers of Franekers prate, mar ek hiel nijsgjirrich foar bygelyks toeristen fan bûten de provinsje, dy’t net bekend binne mei de talen.

Foto: Jacob van Essen

Keimpe de Krokodil

Keimpe de Krokodil stiet symboal foar taal- en lêsbefoardering foar bern fan 4-8 jier. Hy is gek op lêzen en wol bern en âlden stimulearje om te kiezen foar Fryske ferhalen, dêr wille oan te belibjen en sa de meartaligens te befoarderjen. Dat docht Keimpe al in oantal jierren op skoalle, yn de metoade Spoar 8. Sûnt ferline jier berikt Keimpe de bern ek thús troch de Fryske Foarlêswike yn de biblioteken. En no giet Keimpe op reis!

Dielnimmende restaurants
De Pleats yn Burgum, Restaria ’t Luifeltje yn Burgum, Zwarte Haan yn Sint Jabik, Wapen van Baarderadeel yn Jorwert, De Viersprong yn Koatstertille, De Hûskeamer yn Aldegea (Sm), De Winze yn Wyns, HCR de Harmonie yn Seisbierrum, ‘t Posthús yn Burdaard, de Blikvaart yn Sint Anne, Land en Zeezicht yn Holwert, De Dikke Draai yn Surhústerfean, Veldzicht yn Mitselwier, de Pater yn Engwierrum, De Leyen yn De Rottefalle, Bloemketerp yn Frjentsjer en The Friezinn yn Westhoek.

Mear ynformaasje oer Keimpe en oanmelde foar Keimpe op reis kin fia www.keimpe.frl

Mei tank oan de gemeenten Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân, Waadhoeke en Tytsjerksteradiel kinne bedriuwen út dy gemeenten fergees gebrûk meitsje fan it oanbod.

De provinsje Fryslân wol mear gearwurkje oan de sichtberens fan it Frysk

De provinsje Fryslân wol mear gearwurkje oan de sichtberens fan it Frysk, by foarkar yn oparbeidzjen mei it Ryk. As it oan deputearre en taalskipper Sietske Poepjes leit sil it Ryk yn Fryslân gjin ientalich Nederlânsktalige publykskampanjes mear fiere: “Utgongspunt dêrby is twataligens. Frysk én Nederlânsk, sûnder dat de iene taal de oare oerhearsket. Wy hawwe twa Rykstalen en dêr mei it Ryk ek wol wat foar oer hawwe.”

Lês fierder op Omrop Fryslân