It bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns makket bekend dat de sjuery fan betinken is dat dit jier ien ferhaal en ien fers foar in priis fan it Rely Jorritsma Fûns yn oanmerking komme. It winnende wurk is fan Simen de Jong (1942) út Easthim foar it ferhaal ‘Woldien yn Hylpen’ en fan Sytse Jansma (1980) út Harns foar it fers ‘Oprop oan alle Friezen’. Beide priiswinners ha al earder in Rely Jorritsma Fûns-priis yn ’e wacht sleept. Simen de Jong hat yn 2009 mei in ferhaal in priis wûn, wylst Sytse Jansma yn 2006 en yn 2011 in Rely Jorritsma Fûns-priis wûn mei in fers.
De sjuery fan it Rely Jorritsma Fûns bestiet dit jier út Doete Venema (foarsitter), Jaap Krol en Edwin de Groot. De Rely Jorritsma Fûns-priis foar in ferhaal bestiet út in jildbedrach fan € 800,-, wylst de Rely Jorritsma Fûns-priis foar in fers goed is foar in jildbedrach fan € 200,-. It tal ynstjoerings wie dit jier op ’e kop ôf fjirtich: 20 fersen en 20 ferhalen.
Priisútrikking
Op sneon 6 oktober 2012, middeis om twa oere, wurde de prizen fan de Rely Jorritsma Fûns-priisfraach èn fan de Junior Rely útrikt yn de tsjerke fan Bears. Mei troch de muzyk, wurdt it altyd in feestlike en sfearfolle byienkomst. De middei is frij tagonklik foar elk dy’t de Rely in waarm hert tadraacht. De útslach fan de Junior Rely wurdt ynkoarten ek bekend makke. Sjoch foar mear ynformaasje oer de Rely Jorritsmapriis op de site fan de gemeente Littenseradiel.